Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Mei Skoppenboer kinne guon in flesse drank komme litte.
nl.verhalenbank.10698
Der wie in feint, dy wie dronken. Sa kom er by syn âlden thús. Mar dy woenen him der net yn ha mei syn dronkene kont, en sy jagen him fuort. Doe kocht er noch in pear en it gong op in flokken en swetsen, dat it raer wie. Doe gong er út 'e kroech wei en roan by de Kollumer tsjerke lâns. Dêr woarde er pakt, mar hy seach net ien. Flak foar de hameije fan 'e...
nl.verhalenbank.20115
Mei Skoppenboer koenen guon in flesse drank komme litte.
nl.verhalenbank.37666
Der wie in douweleafhawwer, (in duivemelker). Dy man mocht graech in gleske bier. Hy wie hwat selskipswiet en syn wiif, dat in echte fekke wie, koe dat net útstean.
Op in kear gong er nei 't douwelokael ta mei syn douwen en dêr bleau er ryklik lang.
De frou, in echte duvelinne, krige dêr har nocht fan.
Hja tocht: "ik sil him ris goed bang meitsje."
Doe...
nl.verhalenbank.28635
Hjir binne ek faek guon troch de duvel smiten woarn, as se út 'e kroech kommen en rare wurden brûkt hienen.
nl.verhalenbank.28838
Der wie ien dy kaem út Twizel wei. Dêr hied er yn 'e kroech sitten. Hy hie 't hiel raer dien. Hy hie him bot tjirge en hy hie flokt as in ketter. Hy kaem dy jouns net wer thús.
De oare moarns founen se him ophinge, in ein de lânnen yn. 't Wie oan 't Wyldpaed.
De duvel hie him dêr ophong.
nl.verhalenbank.22155
Taeke Alma fan 'e Harkema wie sahwat de raerste fan hiel Harkema. Op in kear kaem er fan 't Jachtfjild. Dêr hied er yn 'e kroech sitten. Hy hie sein, hy wie foar gjin duvel bang. Doe is er smiten woarn oer de Lange Wyk hinne oer de beammen hinne.
nl.verhalenbank.10680