Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Piter Schepers hat hjir stille plysje west. Dy koe mear as in oar. Op in kear wie der in jonge, dy hie de koarts.
"Hastû de koarts, jonge?" frege der.
"Ja", sei de jonge.
"Woest dy wol kwyt?"
"Jawol", sei de jonge.
"Nou dan moat dizze bjintepolle dyn koarts mar ha. Hy krige de bjintepôlle, en sloech earst mei de hân tsjin 'e jonge oan, doe tsjin 'e...
nl.verhalenbank.17656
De sterkste keardel dy't ik kend ha wie Berga, de plysje fan Grypskerk. It wie de soan fan Albert Berga fan Haulerwyk. Hy wie de helte sterker as in oar. It wie in greate, grouwe keardel. Doe't er sawntjin jier âld wie, woech er twahûndert poun en wied er twa meter lang. Hy hat ek plysje west yn 'e Grinzer Pein.
nl.verhalenbank.28139
De plysjes moesten in man opbringe. Dy wie ôfgryslike sterk en hy stie gau mei 't gewear klear. Der gongen twa plysjes hinne, mar dy koenen him net baes wurde.
Dat doe gongen se hinne en fregen Sterke Hearke of hy der hinne woe. Hearke wie 'onbezoldigd' veldwachter.
Hearke gong nei him ta. "Kom mei, jonge, mast even mei komme", sei Hearke en hy krige him...
nl.verhalenbank.25651
As se ien opbringe moesten nei de gefangenis en 't wie hwat in gefaerlik man, dêr't de plysje it net op stean hie, dan rôpen se Sterke Hearke om dat karweike op to knappen. Ek as der ien gek woarn wie, woarde Hearke helle. Dy koe se allegear baes.
nl.verhalenbank.28166
Ymke de Jong koe minsken stil stean litte. Ik ha wol us heard dat er de plysje fan de Ham (Ts. v. Dekken) op Hamster merke stil stean litten hat.
nl.verhalenbank.21545
Heit fortelde: Der wie ris in man, dy hie koallen stellen fan 't lân. Dat woarde forklapt en doe kom de plysje by him. "Ik ha 't net dien," sei de man, "ik ha 't net dien. As ik it dien ha, dan mei 'k yn 'e moanne of sinne forskine." Sa forswarde er de plysje.
Mar doe is er ta straf nei de moanne forfearn. Men kin 't skoan sjen. Under 'e iene earm hâldt...
nl.verhalenbank.28156
Tseard van Dekken wie stille plysje yn Droegeham. Dy stuts Imke de gek oan. Doe hat Imke him dânsje litten.
nl.verhalenbank.28293