Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: agent Narrator Gender: female
Ek in kear doe siet de kroech fol jongfolk. Dat folkje woarde balstjûrich. De kroechbaes koe net mei har rêdde. Sy woarden sa oerhearrich dat hy helle de plysje der by. Mar dy koe ek neat mei 't folkje wurde. Doe rôp er Einte der by. Einte kom. Hy klaeide him spierneaken út en pakte de iene nei de oare en jage se der allegear út. Einte-om wenne yn de Pein.
nl.verhalenbank.27308
Alde Wierd Kooistra syn soan Rinse hat Rapke timmerman (Wijma) formoarde. In maend foardat dat gebeurde hat Wierd syn wiif hwat sjoen. Doe kom der in wein oan sûnder hynders der foar. 't Hat sahwat yn 1912 west. Dy wein treau har en har nichtsje Pôpe Jantsje hast yn 'e hage. Mar der wie yn werklikheit neat. Fjouwer wiken neitiid hâldde dêr in auto stil...
nl.verhalenbank.21223
Oer 't spoar wenne in minske, dat wie Sytse Diuwke. Dat minske forstoar. Op in kear doe't Sytse it fjild yn wie mei tsiis, wie har mem dêr yn 'e hûs. Doe kom it forstoarne minske der stadich yn. Sy roan op 'e kast ta en bleau foar de sydkant stean. Doe gong se der wer stadich út. Ek in plysje, dy't dêr flak by wenne, hie har al us by de daem stean sjoen....
nl.verhalenbank.19449
Tseard van Dekken, de plysje wie op in kear mounich tsjin Ymke de Jong, doe't dy op Hamster merk kom. Doe liet Ymke him stean en sei: Mast my earst smeke, earder komstû hjir net wer wei. Tseard prebearre fuort to kommen, mar hy moest stean bliuwe dêr't er stie. Doe sei er tsjin Ymke: Hoe lang duorret dit noch? Ik kin dy hjir altyd wol stean litte, sei...
nl.verhalenbank.15887
Ymke de Jong, de bikende gûchelder, hie hwat útheefd en woarde to Ljouwert yn 'e gefangenis set. De doar kom op slot. Mar hy siet der noch mar even yn of hy belle. Doe't de sipier kom, sei er: Ik ha der neat op tsjin dat ik yn 'e gefangenis sit, mat dan wol 'k de doar op slot ha. Hwant de doar hied er al wer los. Se koenen in doar net sa bot skoattelje of...
nl.verhalenbank.15886
Imke de Jong hat yndertiid op Hamster merke de plysje Tseard van Dekken alris in skoft stil stean litten.
nl.verhalenbank.23918
Tseard van Dekken wie plysje yn 'e Ham. Mar it wie in gemene keardel. Hy koe it stellen sels net litte en is letter ôfset woarn. Sterke Hearke mocht him net sjen en hie rúzje mei him hawn. Mar doe kom op in kear mei Hamster merke Tseard op Hearke ta en sei: 't Mat nou ek mar ris in kear wer út wêze, net? Doe stuts er Hearke de hân ta. Hearke nom de hân yn...
nl.verhalenbank.15884
Imke de Jong wie in gûchelder, dy kom altyd op Eastemarre merke. Hy koe de minsken stean litte. Op Hamster merke hat er de plysje alris stean litten.
nl.verhalenbank.29365
't Wie yn 'e tiid, dat de ierappels hjir noch net bikend wienen. Doe wie der in dûmny, dy wie nochal hwat foarútstrevend. Dy woe ha, de minsken soenen ierappels ite en èk forbouwe. Hy gong hinne en hy forboude sels in fjild mei ierappels. Mar de minsken woenen alles samar net ite hwat se net koenen. En forbouwe noch minder. Net ien dy't dêr ierappels fan...
nl.verhalenbank.20209
1