Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
90 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: agent
Alde Wierd Kooistra syn soan Rinse hat Rapke timmerman (Wijma) formoarde. In maend foardat dat gebeurde hat Wierd syn wiif hwat sjoen. Doe kom der in wein oan sûnder hynders der foar. 't Hat sahwat yn 1912 west. Dy wein treau har en har nichtsje Pôpe Jantsje hast yn 'e hage. Mar der wie yn werklikheit neat. Fjouwer wiken neitiid hâldde dêr in auto stil...
nl.verhalenbank.21223
Hearke wie ek stille plysjes, Hy moest ris op in kear jild bringe fan Bûtenpost nei Ljouwert ta. Doe't er yn 'e buert fan Burgumerheide wie, kommen der twa manlju ta de wâl út. 't Wienen rovers. Sy seinen: "Je geld of je leven." "Dat kin wol", sei Hearke, en hy naem de ponge mei jild fan 't skouder en sette him op 'e groun del. Doe't de iene him bûgde om...
nl.verhalenbank.27501
Sy neamden Toon de koaning fan Marken. Dat kom sa. Op in snein makke Toon mei in stik of hwat kammeraten in reiske nei Marken. Dêr setten se de blomkes bûten. Sy woarden hwat dronken en Toon joech in oar syn faem in tútsje. Dêr kom deiliskip út fuort. De burgemeester en twa plysjes arrestearden Toon. Hy woarde boun. Syn maten tochten: "Hoe sil dit gean?"...
nl.verhalenbank.19607
It wie tichte by 't Bouwekleaster. Der roan hwat jongfolk op 'e wei. Us heit wie der ek by. Piter van der Schors wie der ek by. Sy praetten meiinoar ôf, de earste de bêste, dy't dêr foarby kom soe troch ien fan harren oer de groun smiten wurde. Piter soe mei de earste rêdde. Mar doe trof it krekt sa dat Sterke Hearke de earste wie, dy't dêr lâns kom. Dy...
nl.verhalenbank.21373
Wy wienen froeger net fan dy makke knapen en krigen wolris mei de plysje to dwaen. Ik hear ús mem noch sizzen: "Der sit wer in brief oan 'e lampe. Der komt wer in dachfaerding oan foar de jonges." Dan siet der in tútsje oan 't lampeglês. Sy seach ek wolris yn in kofjekopke. "Der komme ek twa plysjes," sei se, "jim ha fansels wer hwat útheve." It kom altyd...
nl.verhalenbank.23570
Op it Wytfean, by de Mulders, forbouden se faek ierappels. Dêr woarden faek guon fan stellen. Doe gong de boer nei Sterke Hearke ta, hwant dy wie ek plysje. Hy praette mei Hearke ôf, dy soe nachts op 'e dieven passe. Hearke gong der dy nachts hinne. Doe seach er ien fan 'e Harkema, dy hie in sek op 'e rêch. Hy laedde de sek fol ierappels en naeide dêr mei...
nl.verhalenbank.33561
Froeger gebeurde it wol dat it jongfolk fan Bakkefean der op út gong nei in oar plak ta en dan wol us rûzje krige. Op in kear doe wie der in ploechje nei Mearum ta. Dêr wie sterke Ynse ek by. De Bakkefeansters woarden hwat deiels mei it jongfolk fan Mearum en sa gebeurde it dat Ynse ek ien fan dy mannen eefkes beet krige. Ynse sei tsjin him: "Jonge, dû...
nl.verhalenbank.21173
Japik Ingberts siet ergens by lju op in tsjil fan in wein, dat as potrak tsjinne. Doe kommen der in pear marechaussées oan. Dy sochten om Japik Ingberts. Mar sy koenen him net. Sy fregen him: "Wite jo hwer't Japik Ingberts wennet?" "Japik Ingberts sit al op 't rêd", sei er tsjin 'e plysjes. Doe gongen de marechaussées fierder.
nl.verhalenbank.20898
Yn Bakkefean hat in hiele sterke keardel wenne, dy neamden se sterke Ynse. Ynse Terpstra hiet er. Hy wie folle greater as oare minsken en ek breder boud. Hy hie in kroade, dêr koe in mudde sân yn en dêr hied er dan ek meastal noch in mudde yn in sek boppe op. Op in kear doe wied er sa oan 't kroadzjen mei twa mudden sân. Doe trof er de plysje fan...
nl.verhalenbank.21172
Heit fortelde: Der wie ris in man, dy hie koallen stellen fan 't lân. Dat woarde forklapt en doe kom de plysje by him. "Ik ha 't net dien," sei de man, "ik ha 't net dien. As ik it dien ha, dan mei 'k yn 'e moanne of sinne forskine." Sa forswarde er de plysje. Mar doe is er ta straf nei de moanne forfearn. Men kin 't skoan sjen. Under 'e iene earm hâldt...
nl.verhalenbank.28156
Jehannes wie us in kear op Roanster merke yn Drinte. Hy siet dêr yn 'e herberch, en dêr mochten se net smoke sûnder in dop op 'e pipekop. Mar Jehannes steurde him dêr net oan. Doe kom der in plysje by him. Dy sei: "Ophâlde fan smoken!" Mar Jehannes smookte troch. "Lit it," sei de plysje, "oars bring ik dy op." Mar Jehannes steurde him nergens oan. Doe...
nl.verhalenbank.21823
Myn pake dat wie Piter Bosma, dy wie plysje yn Feankleaster. Gemeenteplysje. Jouns 12 ûre moesten alle café's yn 'e gemeente sluten wurde. Dan reizge hy by al dy café's lâns, en yn elk café traktearre de kastlein him op twa buorrels. Hy naem op 'e hinnereis de iene kant fan 'e wei, op 'e weromreis de oare. De café's koenen dan fansels krektsalang iepen...
nl.verhalenbank.38619
Op 'e Kromelle dêr stie in herberchje. Dêr wie us op in joun in ploechje jongfolk fan 'e Harkema. Dy woenen dêr it heilich avondmaal fiere. It gong op in spotten fansels. Us heit wie der ek by. Dat wie doe in jonge fan sa'n achttsjin jier. Sy dienen healwiis en hienen de klean omstrûpt oan. Mar doe kom Hearke der yn, as stille plysje. Hy krige heit by 't...
nl.verhalenbank.20491
In omke fan my wie hjir stille plysje yn Moddergat. It spoke oan 't eintsje reed dat nei de dyk ta giet, tichte by de herfoarme tsjerke. De minsken woarden dêr mei stiennen en mei modder smiten, dy't dêr nachts lâns kamen. Doe waerd dat by de plysje oerbrocht. Omke gong der achteroan mei ien fan 'e ryksplysjes. Tusken 'e tsjerke en 't reedtsje wenne de...
nl.verhalenbank.27857
Japik Ingberts gong der altyd allinne op út om to stellen, hy wie noait biselskippe fan in oar. Mar syn buorman die gjin lichten, dy woe sa graech us mei. Op it lêst liet Japik Ingberts him biprate en doe gongen se dan togearre op stap. Dy buorman hie leafst ytwaren, dat se gongen nei in buorkerij ta en namen elk in tsiis fan tritich poun út 'e kelder...
nl.verhalenbank.19417
Yn 'e Feansterheide wenne in man dy wie ek tige sterk. Dat wie net in fornamen ien en de plysjes wienen mar hwat bang foar him. Op in kear hied er hwat útheefd en hy moest sitte, mar de plysjes doarsten him net op to heljen. Dêrom stjûrden se Hearke der hinne. Dy sei: "Hoe is 't mei dy?" Hy joech him de hân en knypte dêrby sa bot ta, dat it bloed, dat...
nl.verhalenbank.26168
Berga wie plysje yn Grinzer Pein. Hy wie almeugende sterk. Hy wie mear as twa m. lang en hy woech trijehûndert poun. Jumbo neamden se him. Syn frou libbet noch, dy is in goeije tachtich jier. Hy komt fan 'e Haule. Hy hat plysje west yn Haulerwyk en yn Grinzer Pein. Ek yn Grins. Hy wie almeugende sterk. To Grins pakte er twa studinten dy't net om lyk...
nl.verhalenbank.27504
Der wienen us in pear maresjaussé's, dy moesten nei sterke Hearke ta. Dy wenne yn Droegeham, mar de marechaussé's wisten net hwerre, en sy koenen Hearke ek net. Mar doe seagen se ien, dy wie op 't lân oan 't ploeijen. "Hwer wennet sterke Hearke?" fregen se. De man spande 't hynder foar de ploege wei. Hy tilde mei de rjochterhân de ploege op en wiisde der...
nl.verhalenbank.21175
Us âlde pake fortelde wol us hoe snoad Japik Ingberts net wie. As er yn 'e nacht op roof út woe, died er fan tofoaren krekt as soed er op bêd. Dan kom er de jouns bûtendoar mei in sliepmûtse op en makke alle tariedingen fan ûnder seil to gean. Sa die er ek ris in kear, doe gong hy der op út en stiel in hynder út in stik lân yn Twizel. Dêr ried er op oan...
nl.verhalenbank.19415
Op in kear hied er wer in fyt útheefd. De plysjes sochten om him. Hy soe nei Ljouwert om in boadskip. Doe kom der him in glêzen wein achterop. Japik Ingberts frege of er mei ride mocht. Dat koe wol. It wienen plysjes, dy't yn 'e wein sieten. "Kenne jo Japik Ingberts?" fregen se him. "Ja," sei er, "it is in great dogeneat." En hy praette tige bisteklik mei...
nl.verhalenbank.20900
1