Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
In nachtmerje kin troch in hiel lyts gatsje.
Us Hindrikom en syn broer en noch in pear ha ris meielkoar to apelstellen west by in boer. Doe woarden se troch de plysje attrapearre en kommen yn 'e gefangenis.
Hindrikom hie dêr yn 'e sel alle nachten in nachtmerje. Doe ûntdekte er dat der in gatsje yn 't rútsje siet. Hy frege as dat ticht makke wurde mocht....
nl.verhalenbank.19320
Yn Warffum wenne in arbeider, dy koe mear as in oar.
Op in kear krige er myn hân beet en hy seach der yn. Doe't hy him in skoftje bistudeard hie, sei er tsjin my: "Dy hân hâldt forbân mei IJe Wykstra. IJe Wykstra fan Greategast, dat wie de man dy't fjouwer plysjes formoarde hie.
Ik tocht nei, en doe wist ik it. De moarns, doe't dy fjouwer plysjes op 't...
nl.verhalenbank.33293
Japik Ingberts hie allerhande kattekwea úthelle. It gerjocht fan Ljouwert socht om him. Doe ried it gerjocht mei in glêzen wein de Grinzer Strietwei del en sa kommen se by it Boskhûs op Burgumerheide.
Doe stie dêr in mantsje op 'e wei, dy frege de koetsier hwer't de reis hinne gong. "Wy sille nei Twizel," seinen se, "hwant wy sille Japik Ingberts sjen to...
nl.verhalenbank.33683
DvdH: Ik was op een gegeven moment bakkersknecht. Vroeger deden we van alles om een paar centen te verdienen. En ik had wratten hier, op de vingers. En ik kom bij een kruidenier in Leidijk (dat is bij Kornhorn).
"Wat hest du jao raore wratten op dien hand," zegt vrouw Van der Hoek.
Vrouw Van der Hoek was dat.
Ik zeg: "Ja..."
Hij zegt: "Geef maar......
nl.verhalenbank.43600
b Sterke Hearke wie ek plysje. Op in kear siet er achter twa minsken oan yn Droegeham, dy hienen hwat útheefd. Sy naeiden út en moesten om in hoeke hinne rinne. Binnentroch koe net, hwant in hiele grouwe peal siet har yn 'e wei.
Mar hwat Hearke to dwaen hie, dy luts dy grouwe peal der gau út en doe koed er binnentroch. Sà sterk wied er! Dit gebeurde by...
nl.verhalenbank.19479
Twa plysjes sochten om Japik Ingberts. Mei de koets kommen se fan Ljouwert. Japik Ingberts seach se oankommen. Hy frege of er mei ride mocht.
Dat mocht wol. Hy stapte yn.
By de Bonkebrêge sei er: "Ik wol der graech út, hearen, hwant ik mat pisje."
Doe sprong hy der út. Doe sprong er oer de Bonkefeart. "Nou kin ik de hearen sizze," sei er, "dat Japik...
nl.verhalenbank.18203
Piter Schepers hat hjir stille plysje west. Dy koe mear as in oar. Op in kear wie der in jonge, dy hie de koarts.
"Hastû de koarts, jonge?" frege der.
"Ja", sei de jonge.
"Woest dy wol kwyt?"
"Jawol", sei de jonge.
"Nou dan moat dizze bjintepolle dyn koarts mar ha. Hy krige de bjintepôlle, en sloech earst mei de hân tsjin 'e jonge oan, doe tsjin 'e...
nl.verhalenbank.17656
Der wenne in plysje by ús, dy hie in toverboek. Dêrmei hat er us in wite ezel by ús foar 't kelderglês tofoarskyn tsjoend. Mar ik ha him net sjoen.
nl.verhalenbank.24276
It mat gebeurd wêze by Freark Oosterbaan yn Droegeham.
Dy wie dêr smid en hy hie der tagelyk in kroechje by.
Om 11 ûre moest de saek sluten wurde. Dan moest it folk der út wêze. Hearke wie stille plysje en moest dêr op tasjen. Mar Hearke seach net op in kertier, dat it woarde meastal wol eefkes letter.
Mar op in kear doe wie 't fòlle letter woarn, doe...
nl.verhalenbank.32767
Hearke wie ek stille plysje. Op in kear moest er mei in protte jild op 'e rêch nei Ljouwert ta.
Underweis kaem der in man by him, dat wie in rover. Dy woe it jild ha en oars soed er Hearke deahouwe. Mar Hearke rêdde mei him. En doe boun er dy rover ek noch it jild op 'e rêch.
"Draech dû dit mar foar my nei Ljouwert ta", sei er.
nl.verhalenbank.20834
Japik Ingberts wie alle nachten op roof út. Deis dan sliepte er. Op in kear kommmen der in boer en in boerinne yn in tilbry oanriden.
"Mei 'k mei ride?" frege Japik Ingberts.
"Stap mar yn", sei de boer.
Underweis hâldt in plysje har oan.
"Ha jo Japik Ingberts ek sjoen?" sei er tsjin 'e boer.
"Dy mat hjir yn 'e buert wêze."
Doe seach de plysje us yn 'e...
nl.verhalenbank.21280
Sterke Hearke wie stille plysje yn Droegeham.
't Jongfolk fan Stiensgea wie us oan 't kuijerjen. Doe hâldden se in weddenskip. Sy praetten ôf, de earste de bêste dy't se tsjin komme soenen, dy soe troch ien fan harren pakt wurde en oer de weareld smiten.
It lot wiisde oan dat Roel de Haan dat dwaen soe.
Dat wie in licht mantsje. Hy hat letter sels...
nl.verhalenbank.27632
De sterkste keardel dy't ik kend ha wie Berga, de plysje fan Grypskerk. It wie de soan fan Albert Berga fan Haulerwyk. Hy wie de helte sterker as in oar. It wie in greate, grouwe keardel. Doe't er sawntjin jier âld wie, woech er twahûndert poun en wied er twa meter lang. Hy hat ek plysje west yn 'e Grinzer Pein.
nl.verhalenbank.28139
Der hat in greate roversbinde west by de Puntpeal. Der wie doe in eksteur, dy siet wakker achter dy mannen oan, mar hy koe se noait attrapearje. Mei oare plysjes lei er to oppassen by de keet fan 'e rovers. Dêr brânde in tútlampe, en sy seagen dat de rovers op bêd gongen. En dochs waerd der sa'n nacht wer ynbrutsen. Dat kom, dy rovers hienen fan binnen út...
nl.verhalenbank.27618
Doe't it Knjillisdjip groeven woarde, wienen der twa Westfalen, dy groeven ek mei. Sy wienen by in widdou yn 'e kost.
Op 't lêst wie 't karwei dien. Mar de beide Westfalen bleauwen by de widdou. Hja krige gjin kostjild mear. Dat koe net út en 't minske woe dy twa graech slite. Sy sei 't tsjin 'e plysje.
Doe kommen der twa plysjes, dy seinen út namme fan...
nl.verhalenbank.21282
Omke Atse hat wenne oan 'e Swâdde yn Twizelerheide. It is al wer lang lyn dat er leefde.
Op in kear doe hienen in stik of hwat feinten fan Twizelerheide hwat útheefd. De plysjes sieten har achternei. By dy feinten wie ek in sikere Eatse, dat wie de heit fan Kij Plantinga. It wie in fint as in reus en izersterk. Greate Eatse waerd er neamd.
Doe't de...
nl.verhalenbank.33446
By de Greate Wielen wie op in kear in sjeas, dêr sieten plysjes yn. Dy wienen fan doel Japik Ingberts op to heljen. Doe kom dêr in âld mantsje oan, dy frege of er mei ride mocht.
"Jawol," seinen se, "stap mar yn."
Doe't dat mantsje in eintsje mei riden hie, sei er: "Nou woe 'k der wol út." Dat wie by de Bonkefeart.
It mantsje giet der út, nimt in oanloop...
nl.verhalenbank.38602
Hy wie stille plysje, mar hy joech noait ien preses.
nl.verhalenbank.31183
Een gedailte van mien familie die is opgruid oan de grens dus die het ook gewoon de beroemde smokkelverhoalen. Enne verhoalen nou, de Eerste Wereldoorlog was Nederland neutraal da was ain smokkeloar doar zaten ze echt achteraan zo rond Tropof. Die smokkelde alles wat lös en vast zat met een buutse die zo dicht kan. Dat was Swoare Wiert. En Swoare Wiert...
nl.verhalenbank.31746
Dit spile him in dikke fyftich jier lyn ôf. Burgemaster Húsman fan Drylts wie tige op hurdriden tsjin en woe dêrom gjin tastemming jaen foar it hâlden fan in riderij. Mannich Drylzer wie it hjir net mei iens. Der ûntstie in oploopke by “de beurs” it plak by de brêge, hwer de saken fan tsjerke en steat bepraten waerden.
Burgemaster wie gau biret. Plysje...
nl.verhalenbank.47202