Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn Noardermar dienen de minsken faek duveldrek ûnder 'e drompel om gjin tsjoensters yn 'e hûs to krijen.
nl.verhalenbank.31242
Yn 'e wurkforskaffing fortelde ien my, dat dêr wenne by harren in tsjoenster, dy foroare har samar yn in kat.
Hja hie by harren thús froeger in bern bitsjoend. Doe hie syn heit duveldrek ûnder 'e drompel dien, doe koe se net mear by har yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.31972
Yn Twizelerheide droegen de bern in pûdtsje mei duveldrek ûnder 'e klean om 'e hals, om feilich to wêzen tsjin tsjoensters.
As de kij net rjocht goed wienen, dan wienen se bitsjoend, dan krigen se by ús yn Jistrum duveldrek tusken de hoarnen.
Ek lei der altyd duveldrek yn 'e finsterkes fan 'e stâl. Ek yn 'e trôch fan 'e bargen. Dat wie dus om 'e duvel to...
nl.verhalenbank.31190
Duveldrek wie nuver guod. Us heit brûkte it wol. Hounen pakten jy noait as jy dat guod by jin droegen.
nl.verhalenbank.31970
As in bern siik waerd, froeger dan wie 't faek it gefal dat sa'n bern bitsjoend wie. Yn Jistrum wyt ik fan in gefal doe hellen se dêr in duvelbander by. Dat wie Piter Poes fan Sumarreheide. Dy kom op 'e hounekarre, en dan ried er sa hurd de sânreden del, dat it sân stoude der nei. Sa ha se my forteld. It kessen fan 't sike bern toarnden se iepen. Dan...
nl.verhalenbank.31189
Yn Feanwâldsterwâl hat in tsjoenster ien deatsjoend.
Der wienen guon ûnder dy tsjoensters, dy koenen fleane op in biezemstok.
De lju leinen duveldrek ûnder 'e drompel, dêr kaem in tsjoenster net oer.
Om 'e sawn jier moest in tsjoenster op syn minst ien deameitsje, oars moest hja sels stjerre.
nl.verhalenbank.29662
Nachtmerjes komme by de hynders. Dy ha flechtsjes yn 'e moanjes, as de nachtmerjes der west ha.
It geraemte fan in hynstekop boppe de doar jowt biskerming tsjin kweade geasten (Eastemar).
Ek in flearbeam op 't hiem biskermet de minsken tsjin kweageasten.
nl.verhalenbank.31304