Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
As it net tsjernje woe, hellen de minsken Piter Poes fan Sumarreheide op. Piter Poes gong dan nei de tsjerne ta en lei der it iene of oare yn. Ik tink dat dat duveldrek of sa wie. Dan makke hy de meneuvels fan it tsjernjen. Dêr dreau hy de kwea-geasten der mei út. Hy pisse hjir en dêr del en roan om it hûs hinne.
nl.verhalenbank.11556
Hjir folget in nachtmerjeteltsje, dat frou Kobus my de foarige kear al forteld hie, mar nou is it efkes útgebreider en oan 'e ein in bytsje oars.
It wie yn 'e ûngetiid by in boer to Goaijengeahuzen. Jetse Schot wenne dêr as feint. Hy wie net troud. Us heit kaem by dy boer to ûngetiidzjen. Heit en Jetse sliepten yn itselde fortrek. Jetse wie faek eangstich...
nl.verhalenbank.11509
Guon dy't angstich wienen gongen yn 'e rogge. Dêr fielden se har feilich.
nl.verhalenbank.12214
As de kweade jin efternei siet, dan moast men yn 'e rogge krûpe. Hwant de rogge is heilich.
nl.verhalenbank.11527
Us heit wie yn 'e ûngetiid by in boer yn Goaijingeahuzen. Dêr wie ek in feint, dy hiet fan Jetse. 't Wie sahwat yn 1905.
Jetse hie altyd in soad lêst fan 'e nachtmerjes.
"By de jounsbrogge," sei heit, "as wy mei de hannen gear sieten en efkes troch de fingers hinne seagen, dan seagen wy de nachtmerje der wol ynkommen.
De feint waerd bleek en mitrich en...
nl.verhalenbank.11485
Yn 't jildkistje hienen se froeger wol roggebrea yn 't kaeisgat. Ek yn 't kaeisgat fan 'e doar dienen se wol roggebrea om de kweade machten lyk as nachtmerjes en sok folk to kearen. Dat dienen se foaral winterdeis as it op in jounpraten gong.
nl.verhalenbank.12213
In toverboek kin men allinne kwyt wurde, as men it yn 'e rogge smyt.
nl.verhalenbank.11530
As bern droegen wy roggekerrels by ús, dy't yn 'e klean binaeid sieten. Altyd in ûneven getal, meastentiids sawn. As in jurk dan wer wosken wurde moest, dan moesten der wer oare roggekerrels yn. De tsjoensters koenen ús dan neat dwaen.
nl.verhalenbank.12212
In bern krige froeger in koarste roggebrea op it boarst, om net bitsjoend to wurden.
nl.verhalenbank.11529
Der waerd by de boeren faek duveldrek yn 't sûpfet fan 'e keallen dien om se foar bitsjoenen to hoedzjen.
nl.verhalenbank.11512
In nachtmerje kin ta 't kaeisgat fan 'e doar der yn komme. Men moat brea yn 't kaeisgat dwaen of duveldrek ûnder 'e drompel. Dêr kin men de nachtmerje mei keare.
nl.verhalenbank.11511
Der wenne yn Grou in feint, dy liet syn faem yn 'e steek en hy gong nei in oare faem ta. Doe kom dy earste faem nachts by him as nachtmerje. Sy pleage him alle nachten sa bot, dat hy woarde der ûnsjoch en meger fan. Mar doe fortelden se him, dat in nachtmerje moest yn deselde fuotleasten stappe as deselde dy't se pleage. Doe sette er de toffels...
nl.verhalenbank.12309
Tsjoensters en nachtmerjes komme troch 't kaeisgat of troch it goatsgat. Dat moat wol, oars kin dat folkje ommers nergens troch yn 'e hûs komme. De minsken dienen froeger wol roggebrea yn 't kaeisgat om se to kearen. Omdat rogge heilich is.
nl.verhalenbank.11572
Under 'e drompels leinen se altyd duveldrek. Dan koenen de tsjoensters net yn 'e hûs komme. Sy dienen ek wol duveldrek yn 'e sûpfetten fan 't fé. Dan woarde it fé net bitsjoend.
nl.verhalenbank.11573