Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
In nachtmerje wie ien fan sawn dochters. Hja kaem troch 't gat fan 't ûleboerd. Dan gong se earst even op it saeibuordtsje sitten. In nachtmerje kaem ek troch de skoarstien.
Men moest der foar soargje dat de skoarstien tige rikke, dan kaem se net.
It hinnegat moest jouns fral ticht yn 't achterhús, oars kaem se dêr troch. 't Kaeisgat moest ticht treaun...
nl.verhalenbank.37354
Spesiale gefallen fan al dy dingen wit ik net sa sear. Ik kin bygelyks net sizze: dat hat dy en dy doe en doe dêr en dêr bileefd. Mar ik wit wol hoe't it yn 't algemien tagong yn myn jonge tiid.
Wy wennen yn Twizelerheide, oan 'e Swâdde. It wie och sa'n earme streek en doe allegear noch heide.
De minsken wienen allegearre earm.
Foar stammerige Harm wienen...
nl.verhalenbank.29816
Ien fan 'e sawn dochters dy't achter elkoar binne, is in nachtmerje.
In nachtmerje komt troch 't sleutelgat yn 'e hûs.
Men mat de skuon of toffels forkeard foar 't bêd sette, mei de hakken nei 't bêd ta, dat is in middel om der gjin lêst fan to krijen.
Sy meije neat meinimme. Men kin ek moal struije.
Sy flechtsje de moanjes fan 'e hynders.
Nachtmerjes...
nl.verhalenbank.24896
Om tsjoensters to kearen dienen de lju altyd duveldrek ûnder 'e drompel. Dêr koe de tsjoenster net oer komme. Wy hienen as bern altyd in pûdtsje mei duveldrek op it boarst, om mar net bitsjoend to wurden.
Dy't bitsjoend wie, hie krânsen yn 'e kessens. Wienen der trije folle krânsen dan gong dyselde dea, dy't bitsjoend wie. As se dan nei de duvelbander...
nl.verhalenbank.29540
Ik ha 't mei in hynder wol meimakke, dat dy nachts op 'e stâl omdânse fan bangens. Dan siet de nachtmerje der op. Dan sieten der de oare moarns prachtige flechtsjes yn 'e moanjes.
Om se to kearen kin men roggeangels of moal op 'e rêch fan 't hynder struije. In nachtmerje mei neat meinimme, dat foar roggeangels en moal binne se bang.
Troch 't kaeisgat...
nl.verhalenbank.25184
Dy katten dêr yn dy hutte by Harm van der Berg bisprutsen it wurk dat se dwaen soenen; hwa't se bitsjoene soenen.
Hja fabrisearden krânsen yn 'e kessens en yn 'e bêdden, fral yn fearrene bêdden. As de sawnde krâns klear wie, wie 't bern overleden. Dan hienen se wer ien.
Mar as de lju in botsen ûnder 'e drompel leinen koe de tsjoenster der net oer komme.
nl.verhalenbank.37351
It gebeurde wol, dat it by ús net tsjernje woe.
De duvel sit wer yn 'e tsjerne, sei heit dan, it wol wer net. Dan gong er nei Wopke Minke ta. Dêr krige er guod fan. Dat kaem op in koaltsje fjûr yn 'e têst to lizzen en dat woarde dan rounstruid.
nl.verhalenbank.16103
Der roan us yn 't foarige op in jountiid let in man to Eastemar de paden del. Hy roan fan 'e buorren nei 't Heechsân. Doe't er oan 't Liuwelân ta wie, seach er dêr in man stean. Midden tusken in keppel skiep yn. Hy fortroude it saekje net en sei moai foars: "Hwat matstû dêr. Skiep stelle?" En dêr kommen noch in pear sterke wurden achteroan.
Mar doe kom dy...
nl.verhalenbank.15754
Heit fortelde: Op in jountiid wie 'k oan 'e âlde singel by Kûkherne. Dêr woarde ik ôfgryslike kjel. Der sweefde my samar ynienen in stik guod foarby. Ik tocht earst net oars as it wie in man, dy't út 'e broek moest en dy't my kjel meitsje woe.
Ik wie lulk en sei: "Dy't my dêr sa kjel makket, dy stjert fan dizze man syn hân."
Mar doe wie 't samar ynienen...
nl.verhalenbank.16049
Myn man syn heit hie in pottekar in froeger jaren.
Dan gyng it hynder nachts so gruwelijk tekeer.
Nachts kwam de nachtmerje. Dy flocht flechten in de manen. Dat docht se sear, segge se.
Minsken hebben ook last van nachtmerjes. Een nachtmerje is een frommeske.
Ik hew wel papier in 't sleutelgat doen en de toffels omkeard foar 't bed set. En duveldrek onder...
nl.verhalenbank.25087
Ien fan sawn famkes út ien húshâlding is in nachtmerje. Om gjin lêst fan nachtmerjes to krijen struiden se moal foar 't bêd en se setten de toffels mei de hakken nei 't bêdsket ta.
nl.verhalenbank.29938
Ek by de minsken kaem de nachtmerje. In nachtmerje kaem troch 't slotsgat en socht it bêd fan 'e minsken op. De minsken setten de toffels achterstofoar foar 't bêd en hâldden de kaei yn 't slotsgat.
De minsken bestruiden har mei moal. Dan bleauwen de nachtmerjes op 'e minsken sitten en koenen se der net wer ôf komme. Fan 'e sawn famkes út ien húshâlding...
nl.verhalenbank.29509
In nachtmerje wie in frommeske. Dat ried op 't hynder en makke flechtsjes yn 'e moanjes fan 't hynder. Sy kom ek wol yn 'e hûs. Dan gong se troch 't kaeisgat hinne en knypte de minsken yn 'e hals, dat se oan 't smoaren ta wienen.
De minsken makken in krús yn 't sân op it hiem. Dat krús, dêr dienen se sâlt yn, dan koenen de nachtmerjes en tsjoensters har...
nl.verhalenbank.22686
Nachtmerjes komme troch 't kaeisgat yn 'e hûs. De lju ha wol duveldrek ûnder 'e drompels om har to kearen.
nl.verhalenbank.25374
Yn Dokkum woonde Trien-mooi. 't Was een tsjoenster. Se rookte ook wel een piepe. Een test, daar spuide se in. As kienders sagen wij bij haar door 't raam hin.
Trienmooi streek altyd over myn haar en myn rug. Dan sei se: "Wat bistou een mooi famke, wat bistou een leaf famke."
Moeke sei: "Denk der om, kom niet te dicht bij haar 't is een ouwe tsjoenster."...
nl.verhalenbank.24284
Wij hadden altijd duiveldrek op 't borst en onze kienders ook. De kienders hadden 't op 'e borstrok naaid. Myn iene dochter hat it nòch.
nl.verhalenbank.24278
As jy oan 't tsjernjen wienen en dêr kaem in âld-wiif oan, dat net fortroud wie, en dy struts der mei de hân oerhinne, dan woe der gjin bûter komme. Dan wie de boel bitsjoend.
Dêrom leinen de minsken altyd duveldrek by de keldersdoar del. hwant de tsjoensters moesten gjin kâns ha om hjir of dêr lâns to kommen.
nl.verhalenbank.37370
Doe wij woonden op Hanenburg hadden wij groente en haringen te koop. Der woonde een man op 'e heide, dat was hekseHarm. Dat was in tsjoenster. Daar waren wij doodsbenaud foor. Wij hadden een krús op 'e drompel op Hanenburg. Ik stuurde de kienders altyd gau naar bed als ie kwam om soute haring en ik deed de deurtjes dicht. 'k He de deur ook faak op slot...
nl.verhalenbank.24279