Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: afweer Narrator Gender: male Place of Narration: Burgum
Yn Noardermar dienen de minsken faek duveldrek ûnder 'e drompel om gjin tsjoensters yn 'e hûs to krijen.
nl.verhalenbank.31242
Guon dy't mei de helm geboaren binne, binne kûgelfrij. De froedfroulju, dy't de bern heine, knoffelen faek sa'n helm achterút, as se 't rêdde koenen. Us mem hat it wol meimakke, dat se dat dienen. Sa'n helm wie in protte jild wurdich. As in sékaptein sa'n helm hie, dan soe syn skip op sé noait forgean, al stoarme it nòch sa. Ofsieren kochten dy helms ek,...
nl.verhalenbank.38139
Yn 'e wurkforskaffing fortelde ien my, dat dêr wenne by harren in tsjoenster, dy foroare har samar yn in kat. Hja hie by harren thús froeger in bern bitsjoend. Doe hie syn heit duveldrek ûnder 'e drompel dien, doe koe se net mear by har yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.31972
Yn Twizelerheide droegen de bern in pûdtsje mei duveldrek ûnder 'e klean om 'e hals, om feilich to wêzen tsjin tsjoensters. As de kij net rjocht goed wienen, dan wienen se bitsjoend, dan krigen se by ús yn Jistrum duveldrek tusken de hoarnen. Ek lei der altyd duveldrek yn 'e finsterkes fan 'e stâl. Ek yn 'e trôch fan 'e bargen. Dat wie dus om 'e duvel to...
nl.verhalenbank.31190
Duveldrek wie nuver guod. Us heit brûkte it wol. Hounen pakten jy noait as jy dat guod by jin droegen.
nl.verhalenbank.31970
As in bern siik waerd, froeger dan wie 't faek it gefal dat sa'n bern bitsjoend wie. Yn Jistrum wyt ik fan in gefal doe hellen se dêr in duvelbander by. Dat wie Piter Poes fan Sumarreheide. Dy kom op 'e hounekarre, en dan ried er sa hurd de sânreden del, dat it sân stoude der nei. Sa ha se my forteld. It kessen fan 't sike bern toarnden se iepen. Dan...
nl.verhalenbank.31189
Yn Feanwâldsterwâl hat in tsjoenster ien deatsjoend. Der wienen guon ûnder dy tsjoensters, dy koenen fleane op in biezemstok. De lju leinen duveldrek ûnder 'e drompel, dêr kaem in tsjoenster net oer. Om 'e sawn jier moest in tsjoenster op syn minst ien deameitsje, oars moest hja sels stjerre.
nl.verhalenbank.29662
Doe't ik yn 'e wurkforskaffing siet wie der ek ien, dy kom fan Burgumerheide. Dy sei, der wie by harren in tsjoenster, dy kom altyd by harren yn 'e gedaente fan in kat. Mar dan struiden se moal op 'e drompel, dan koe dy kat net by har yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.17128
De minsken dienen hjir froeger duveldrek ûnder 'e drompel en se droegen 't ek op it boarst, om har tsjin in tsjoenster to bifeiligjen.
nl.verhalenbank.38136
Nachtmerjes komme by de hynders. Dy ha flechtsjes yn 'e moanjes, as de nachtmerjes der west ha. It geraemte fan in hynstekop boppe de doar jowt biskerming tsjin kweade geasten (Eastemar). Ek in flearbeam op 't hiem biskermet de minsken tsjin kweageasten.
nl.verhalenbank.31304
35