Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: afweer Place of Narration: Eastermar
As der yn in húshâlding sawn famkes binne, is ien dêrfan in nachtmerje. Men kin in nachtmerje keare troch de klompen achterstefoar foar de doar to setten of men kin hinnegean en meitsje mei de klomp in krús op it paed, dêr't de nachtmerje lâns moat. Dêr kin in nachtmerje net oer hinne komme.
nl.verhalenbank.12265
Alle Tet wenne yn 'e Harkema op 'e Bulten. Hja wie in tsjoenster. Om op har hiem to kommen moest men oer in houtsje dat oer de sleat lei. As bern setten wy altyd in krús foar dat houtsje. Dat dienen wy mei de klomp. Dan koe Tet ús net bitsjoene. As Tet ien bitsjoend hie sieten der krânsen yn 'e kessens. Hja hat wolris bern deatsjoend. Hja koe har yn in...
nl.verhalenbank.36028
Se struiden froeger wol roggekerlen op 'e drompel. Dan koe de tsjoenster der net oer komme, seinen se.
nl.verhalenbank.21811
Der roan us yn 't foarige op in jountiid let in man to Eastemar de paden del. Hy roan fan 'e buorren nei 't Heechsân. Doe't er oan 't Liuwelân ta wie, seach er dêr in man stean. Midden tusken in keppel skiep yn. Hy fortroude it saekje net en sei moai foars: "Hwat matstû dêr. Skiep stelle?" En dêr kommen noch in pear sterke wurden achteroan. Mar doe kom dy...
nl.verhalenbank.15754
Op it Heechsân yn it hûs achter dat fan Tsjitske Jânsma wenne in boer mei trije susters. Dat wienen Tryn, Tet en Jits. As der ien nei 't tsjerkhôf brocht woarde, hellen de froulju alle guod fan 't potrak yn 'e hûs en treauwen de kaeisgatten ticht mei brea.
nl.verhalenbank.21803
As men de moandeis bigjinne soe to sichtsjen op it Wytfean, dan bigoun men eins al op saterdei. De saterdeis waerd der in lyts stikje nôt sichte, dan wie der al in bigjin makke mei 't kerwei. Dit die men omdat der forkearde mendjes (kwea-mendjes) yn 't jier binne. Skippersfeinten woarden ek noait op moandei ynhierd, mar altyd op tiisdei (yn 'e wetterhoeke).
nl.verhalenbank.12269
Se leinen froeger duveldrek ûnder 'e drompels om gjin tsjoenster yn 'e hûs to krijen.
nl.verhalenbank.37614
1