Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Ik hie in buorman, dy fortelde my, der wie in boer, dy hie in faem. Dy faem koe net in feint krije.
Doe waerd it merke en dêr woe hja hinne.
Doe't it joun woarde, sei se: "Nou krij 'k joun in feint, as wie it de duvel ek."
Mar hja krige dy jouns net in feint. Doe gong se nei hûs ta. 't Wie sahwat acht ûre, it iten wie dien.
Doe kaem der in hearskip oan....
nl.verhalenbank.38312
Op in kear kom de duvel by in faem, dêr woed er by opsitte. De faem sei: Goed, mar wolle jo sa lang wachtsje oant ik skûtelwosken ha?
Dat wie de duvel bêst en hy wachte.
Mar op it lêst bigoun it him to forfelen, hwant de faem bigoun mar noait to skûtelwaskjen. Hja tocht: "Ik sil him wachtsje litte, dan giet er wol wer fuort."
"Wurdt it ek hast hwat," sei...
nl.verhalenbank.24306
Der wie in faem, dy tsjinne by de boer. Dy faem woe noait forkearing ha. Hja krige wol genôch oansyk, mar sy stegere alle manlju ôf. Dêr woarde se faek om pleage. Op in kear, doe't se wer ris tige narre woarn wie, doe sei se: "Goed, de earste de bêste, dy't om my komt, dy bliuwt, as wie 't de duvel ek."
De earste dy't kom, mocht bliuwe. De frou seach dat...
nl.verhalenbank.19737
Der wie in faem, die woe in frijer ha. As wie 't de duvel ek, sei se. Doe kom dêr op in kear in hearke. Dy hie in hynstepoat. Hja sei, hy mocht der ynkomme, as hja de skûdels omwosken hie. Of er sa lang wol tiid dwaen woe. Mar doe gong se hinne en skûdelwosk net. Ynpleats dêrfan sloech se alle diggelguod koart en klien. Doe koe de duvel lang op har...
nl.verhalenbank.19938
Der wie in faem, dy hie sein, hja woe dy jouns in frijer ha. 't Koe neat skele hwa, as wie 't de duvel ek.
De duvel kom dy jouns en doe wie dy faem der mei oan.
De frou sei tsjin har: "Mast him freegje, as er salang geduld dwaen wol oantst it skûtelwaskjen dien hast."
Dat frege de faem him en de duvel sei, sa lang soed er wol wachtsje.
Doe sei de frou...
nl.verhalenbank.28878
Der wie in jongfaem, dy sei: "Nou wol 'k joun in feint ha, as is 't de duvel ek." Dat sei se op in moarn tsjin har mem.
De jouns kloppe der ien op 'e doar. Der stie in mynhearke.
"Goeije navend," sei er, "ik woe hjir ek ris sjen."
"Kom mar mei", sei de frou.
Hy krige in sit en de faem sei sunich tsjin har mem: "In kreas feintsje."
Hja rekken oan 't...
nl.verhalenbank.28715
Der wie in faem, dy soe op in joun nei in feestje ta. Hja wenne by in boer en in boerinne. Sy sei tsjin 'e boerinne: "Ik wòl joun in feint ha, as wie't de duvel ek."
Doe kom der dy jouns ien by harren by de doar. Dy hie in knolfoet, in soart fan hynstepoat. De faem tocht fuort: "O, heden, dêr ha wy 't al, dat is de duvel." Hy sei tsjin har: "Ik sil mei dy...
nl.verhalenbank.19591
Myn wiif har pake, âlde Foppe Nieuwenhuis fortelde: Der wie us in faem, dy tsjinne by de boer. Dat fanke hie noait forkearing. Op in kear sei se: "Nou wol 'k joun in feint ha, as wie 't de duvel ek."
Dy jouns kom der in feint om har. Sy lieten him der yn. 't Wie in hiele raren ien om to sjen en hy hie in pear fremde fuotten. De boerinne hie fuort troch,...
nl.verhalenbank.21557
Ze zèje vroeger ok wel ’n versje op um de vratte weg te kriege. Ge mos luustere nor de klokke als die luidde, aster iemand begrave wier. Ge zèj dan:
Nou legge ze ’n dooie ien ’t graf.
En nou was ik mien vratte af.
Onderhaand mos ge de vratte mee woater afwasse. Of ’t geholpen het, weet ik nie!
nl.verhalenbank.50418
Yn Beets wenne in faem dy wenne by in boer oan 'e feart dy't nei de Feenhoop giet. 't Wie yn 'e winter en der lei in laech iis yn 'e feart.
De faem sei: "Ik wol to riden, as soe 'k ek mei de duvel ride." Dat wie yn 'e moarn, dat se dat sei.
De middeis kom de duvel by har. Hy hie redens by him. Oan syn knolfoet seach se dat it de duvel wie.
Hja wie oan 't...
nl.verhalenbank.25498
Der wie in knap frommes, mar dat frommes koe noait in feint krije. Doe sei se op in kear: "Ik wol joun in feint ha, as is 't de duvel ek."
Dy jouns kaem de duvel by de doar. De faem wie deabinaud, mar de boerinne sei: "Ik rêd der wol mei."
Hja gong nei de duvel ta en sei: "Meije wy earst de skûdels wol ôfwaskje?"
"Jawol", sei de duvel.
Doe smiet de...
nl.verhalenbank.38587
Der wie in faem, dy woe graech forkearing ha. Doe liet se har us in raer wurd ûntfalle. "As wie 't ek mei de duvel", sei se.
Doe kom der de jouns in feintsje by har. 't Wie sa'n menearke. Mar sy seach wol dat it net doogde. Sy sei tsjin har mem: "Hoe mat ik hjir mei oan?"
Doe joech har mem har rie.
De faem sei tsjin 'e duvel: "Is 't goed dat ik earst de...
nl.verhalenbank.19473
Yn Harkema mocht der op 'e joun, as de boer mei 't wurk ophâldde, net in lêch strie op 'e telle lizzen bliuwe, hwant dan waerd der nachts tursken. Mei it braekjen wie 't ek sa. Hwat men ûnderhannen hie jouns, dat moast earst ôfdien wurde, oars gongen der yn 'e nacht forkearde hannen mei to set. De tsjerne mocht ek gjin molke yn stean bliuwe foar de nacht....
nl.verhalenbank.12268
It is in feit dat bloedplakken, dy't fan in moard komme, net útwiske wurde kinne.
Ek binne der wol huzen dy't in gat ha, dat se noait ticht hâlde kinne. Dêr sit de duvel mei yn.
nl.verhalenbank.17677
Der hat us in faem west, dy sei: "Ik wol joun in frijer ha.
't Kin my neat skele as is 't de duvel ek."
Doe't de duvel dy jouns kom woarde se binaud. Mar sy wie tûk. Sy sei tsjin manje: "Wachtsje jo sa lang oant ik it skûtelwaskjen dien makke ha?"
Goed, hy soe salang wachtsje. Doe hat dy faem alle théguod ensa, dat noch omwosken wurde moest foar syn...
nl.verhalenbank.28068
Der wie in faem, dy krige noait in feint. Doe sei se op in kear, hja woe in feint ha, as soe 't de duvel ek wêze.
De jouns woarde der kloppe, doe kom der in feint om har.
Hja wie krekt oan 't ôfwaskjen op 'e tafel. Har mem seach dat de feint in knolfoet hie. De duvel siet al yn 'e hûs. Doe sei har mem tsjin har: "Mast' aenst de boarden mar falle litte en...
nl.verhalenbank.28291
Der wie us in faem, dy sei op in kear: "Ik wol in frijer ha, as soe 't de duvel ek wêze."
De jouns stie der in frijer by de doar en doe wìe 't de duvel. De faem wie krekt oan 't skûtelwaskjen.
Hja wie al hwat skruten doe't se seach dat it de duvel wie. Mar sy sei: "Wolle jo sa lang tiid dwaen dat ik earst de skûtels ôfwaskje?"
"Jawol", sei de duvel.
Doe...
nl.verhalenbank.25428