Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
By myn buorman forwachten se in poppe, hjir yn Nijskoat.
Der wie ôfpraet, as it sa fier wie soe myn frou de minsken bystean.
Doe hearde ik op in nacht tige dúdlik klopjen op it glês.
"It is sa fier, hear", woarde der sein.
Ik makke myn frou wekker en wy der ôf.
Mar der wie neat to rêdden.
De oare deis waerd it berntsje geboaren. Doe wie 't earst sa fier.
nl.verhalenbank.28695
Ek in kear, doe hie myn buorman, dy't boer wie in koe, dy moest kjelje. Hy sei tsjin my: "As 't sa fier is, en 't keal mat der ôflutsen wurde, wolle jo my dan helpe?"
Ik sei: "Dat komt yn oarder."
Doe hearde ik yn 'e nacht dúdlik klopjen.
Ik der ôf en nei de boer ta, mar de koe wie noch net oan kealjen ta. Dat gebeurde pas in dei of hwat letter.
nl.verhalenbank.28696