Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: afspreken Place of Narration: Drachten
Der wie in boer dy hie slim forlet fan jild. Doe kom er mei de duvel oerien, dy soe him de lears fol jild smite, as er dy oan 'e hoannebalke yn 'e skuorre hong. Yn ruil dêrfoar soed er him letter ophelje. De boer hong in lears oan in hoannebalke, mar sloech earst de soale der ûnderwei. Doe bigong de duvel mei jild to smiten. Mar alle jild sakke troch de...
nl.verhalenbank.33040
Der wie us in man, dy hie him oan 'e duvel forkocht. Hy moest noadich jild brûke, dat hy tocht, der mat mar in slim set fan wêze. Hja praetten ôf, hy soe in koer ophingje oan 'e hoannebalke yn 'e skuorre en dan soe de duvel dy fol ryksdaelders smite. Mar dy man gong hinne en sloech earst de boazem der ûnder wei en doe hong er de koer op. Doe de duvel mar...
nl.verhalenbank.25145
Der wie in man, dy hie jild liend fan 'e duvel. Letter soe de duvel him ophelje. Doe't it safier wie en de duvel kom, sei de man tsjin him: "Wolle jo salang tiid dwaen, dat ik earst de galgen oan ha?" "Jawol", sei de duvel. "Dan draech ik noait wer galgen", sei de man. Doe koe de duvel fuortgean sûnder bút. Tonei hie de man altyd de broek op 'e slomp.
nl.verhalenbank.33043
Dy't in flesse drank ha wol mei klaverboer praet earst mei ien ôf dy't de flesse oannimme sil. De earste jowt de flesse mei de kaert der oan oan in ûnsichtbere bûten de doar. Even letter komt de flesse fol mei drank der wer oan. De flesse sweeft. Dy't it biloofd hat mat de flesse beetkrije, oars giet de earste dea.
nl.verhalenbank.25246
Der wie in feint, dy wie tige dryst. Op in joun praette er mei in stik of hwat maten ôf, hy soe foar in goune in deabonke fan 't tsjerkhôf helje. Hy gong der hinne en socht even en soe doe in deabonke pakke. Mar doe't er de hân útstuts hearde er in lûd, dat fan omheech wei kom: "Mijn been niet." Twa fan 'e oaren wienen boven op elkoar stean gong en de...
nl.verhalenbank.21169
Der wie in boer, dy hie sinten liend fan 'e pastoar. De pastoar kom by him en sei: "Ik wol myn jild wol ris ha." "Ja," sei de boer, "'t is my bot yn 'e wei; ik wol graech lyk wêze, mar ik ha de sinten op it stuit net." "Ik kin se oars wòl brûke", sei de pastoar. "Ja, dat wol 'k graech leauwe", sei de boer. "Mar wit jo hwat? Ik haw in idé. Ik kin jo moarn...
nl.verhalenbank.27311
To Readtsjerk stiet de tsjerke in hiel ein út 'e reek fan it doarp. Dat komt sa, is my ris forteld woarn. De lju fan Readtsjerk koenen it der net oer iens wurde, hwer't se de tsjerke delsette soenen. Doe lieten se in reabûnte bolle los. Dêr't dy reabûnte bolle de oare moarns lizze soe, dêr soenen hja de nije tsjerke delsette. En dat mat èk gebeurd wêze....
nl.verhalenbank.25064
Tinalinge is in soarte fan gehucht yn Grinslân. It leit tichte by Mensingeweer. Dêr stie in boerepleats. Dêr tsjinne in sawntich jier lyn in faem, dy hie in wyld hier yn 'e nekke. Hja koe noait in fatsoenlike feint krije omdat se sa bluistrich wie en sa wyld en alles der mar útflapte hwat har foar de mûle kaem. Op in kear doe wie 't kermis. Dêr woe se...
nl.verhalenbank.19844
1