Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Ien fan 'e sawn famkes út ien húshâlding wie in nachtmerje. Foar in nachtmerje sette men de toffels achterstofoar foar 't bêdsket. Men struide moal op 't gesicht.
nl.verhalenbank.38649
Wol men gjin lêst fan nachtmerjes ha dan mat men de klompen achterstofoar foar 't bêd sette.
nl.verhalenbank.22163
Minse Griper wenne oan 'e Spekloane to Boelensloane. It wie myn âldomke. Syn wiif Tryn Snipel koe kaertlizze. Hja wie in suster fan myn beppe Antsje Snipel.
Minse Griper hie in toverboek. Dat hied er fan 'e duvel. Yn dat boek lies er achterstofoar. Sa koed er soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte.
Hy koe ek minsken útklaeije litte. Dat hat er ús mem...
nl.verhalenbank.18214
As jy altyd yn 'e spegel seagen, dan soe de duvel jo de nekke omdraeije.
nl.verhalenbank.26933
Yn Surhústerfean wenne in man allinne. Dy fierde net in slach út en hy kaem doch troch de tiid. Hy sea altyd iten foar twa minsken. Mar net ien dy't dy fremdeling seach. Guon woenen wolris sjen of it wier wie.
Doe seagen se om 12 ûre, doe't it iterstiid wie, ris tomûk troch 't glês. Dêr sieten twa man by de tafel to iten. De iene wie de frijgesel. Mar de...
nl.verhalenbank.31042
RK: U weet wel van Bartje Poep, eh..?
O: Oh ja, want wij zijn er mee groot gebracht. En ik weet nog goed…wij gingen wel eens speulen[spelen?] bij ‘m thuis. En het was verschrikkelijk armoede was het. Want dat was het bij iedereen. En je praatte [hier en deze?] bij de advocaat…dan zei-ie z’n naam altijd achtersteveuren. ‘Kampenbeuk,’ en het was Beukenkamp....
nl.verhalenbank.46584
Yn Eastemar hat in fisker wenne, dat wie Hanne Foekes. Dat wie in rûch man. Dy hie 't altyd oer syn kammeraet, dat wie de boaze. Mar op in nacht hat syn kammeraet mei him ôfweefd. Sy founen him de oare deis op 'e Leijen yn 'e boat. Hy wie dea. De boaze hie him de holle omdraeid.
nl.verhalenbank.22837
As men lêst hie fan nachtmerjes moest men de klompen oarsom foar it bêd sette en moal struije. Foaral moal struije dienen se hjir in soad. In nachtmerje mocht neat meinimme. Meastal kommen nachtmerjes troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.19447
Yn Droegeham wenne in man, dat wie in hiele raren. Hy wie forwoest en die 't altyd raer. Hy wie op in joun yn Droegeham yn 'e kroech west en dêr hied er 't raer opsein. 't Wie tsien ûre doe't hy der útgong mei in dik stik yn 'e kraech.
Mar doe hat der ien west, dy is mei him fuortsweefd. Hwant sy ha him de oare deis foun yn 'e Bûtenposter Mieden. Dêr hied...
nl.verhalenbank.25341
Ik wie boerefeint op 't Zandt yn Grinslân. Ik slepte yn 't bûthús yn in bêdsté. Op in kear doe't ik dêr lei, hearde ik fuotstappen de mjilgong delgean. Dy kommen rjocht op myn bêdsté ta. It hearde krekt as wie 't ien op klompen. Hy kom by myn bêd en gong op myn boarst sitten. Ik krige 't sa binaud, dat ik ha de hiele nacht noait in wink yn 'e egen dien....
nl.verhalenbank.27218
Hjir flak by op it Ketting is in lyts loantsje. Dêr kommen de âldere minsken noait del. Sy wienen dêr bang foar, hwant it doogde dêr net. In sekere feint, dy't by syn mem yn wenne, kom ris út 'e kroech. Smook hiet er. "As der dan in duvel is," hied er sein, "dan mei 'k him sjen en dan mei er my de kop omdraeije." 't Wie in opskepper en in nuveren. Hy wie...
nl.verhalenbank.26845
Minse Griper hie in toverboek. Dêr learde er út. Hy moest derút foarút en achterút lêze.
Der binne minsken, dy kinne neat mei sa'n toverboek bigjinne.
Op in duer wol elkenien it graech kwyt, hwant sy wurde bang foar harsels.
Sy kinne it allinne mar kwyt wurde, as se it yn 'e rogge smite.
nl.verhalenbank.24303
Nachtmerjes koe men keare troch de toffels achterstofoar foar 't bêd to setten.
Om tsjoensters to kearen lei men duveldrek ûnder 'e drompel. Dan koe de tsjoenster der net oerhinne komme.
nl.verhalenbank.29633
De manlju hjir seagen wolris yn 'e swarte spegel. Dat wie yn in tinte op 'e merken. Se koenen dan it wiif sjen, dêr't se mei trouwe soenen. Trouden se net dan kom der in deakiste foar. Sy moesten achterstofoar wer út 'e tinte wei.
nl.verhalenbank.25784
Minse Griper fan Boelensloane - myn âldomke - hie in toverboek. Dêr hied er ris yn lêzen. Doe wie der fan alles op 'e lappen kom. Doe moest er alles like hurd werom lêze.
Mar dat koed er sa hurd net. Doe wienen de roeken allegear al om him hinne yn 'e hûs west.
Hy hie fan alles al prebearre om tiid to winnen. Hy hie earten en beannen trochinoar mingd, mar...
nl.verhalenbank.25592
In nachtmerje wie in frommeske. Dat siet de minsken nachts op 't boarst. Hja kom troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
De minsken setten de toffels achterstofoar foar 't bêd en struiden moal op 't gesicht om der gjin lêst fan to hawwen.
nl.verhalenbank.36262
Yn Peasens wenne in smid, dy hat ris in kear in hynder bislein. Mar de oare deis sieten de hoefizers der alle fjouwer achterstofoar ûnder. Dat hynder wie bitsjoend, 't wie in spookhynder.
nl.verhalenbank.27838
Ik wie noch yn 'e hûs en 'k lei op bêd. Doe hearde ik de nachtmerje oankommen. Hy kom troch 't kaeisgat. Ik hearde him dúdlik stappen. Doe sprong er op bêd en hy gong oer myn fuotten hinne. Op 't lêst doe hied er my al.
Hy hat faek by my west.
Sy sizze wol dat de nachtmerje ien fan sawn dochters is.
Der wurdt wol sein dat men de klompen forkeard foar de...
nl.verhalenbank.25752
In nachtmerje is in frommeske. Hja komt troch 't slotsgat. De minsken setten de toffels mei de hakken tsjin 't bêdsket oan, dan hienen se der gjin lêst fan, woarde der sein.
nl.verhalenbank.28316
Antsje Melk, dy't wy nyskes al neamden, hie in broer, dy wenne as jonge op 'e pleats, dêr't nou Durk Feitsma wennet. Dêr wie ek noch in feintsje op dy pleats en dy jonge en dat feintsje slepten togearre yn in bêdsté yn 't bûthús. As dat feintsje nachts op bêd lei, hied er oan elke hier in switdrip, sa binaud like er it dan to hawwen.
Op in moarn sei er...
nl.verhalenbank.16987