Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Ik heb wel es heure vertelle, da vroeger ’n gruupke hekse, soms wel zeuven, acht, bé’j mekoar kwame um aandere minse te ploage. Ze zetten dan de poppen op ’n ré’jtje en gave ze de naam van degenen, ien ’t dörp, die ze woue peste. Ze nuumden dan bijvoorbeeld een naam: Hanneke Jansen, zullen we mar zeggen, en dan stoake ze de pop med’n nold of speld. Die...
nl.verhalenbank.50481
In wjerwolf, dat wie ien, dy koe noait sêd, dy friet altyd troch. As der acht jonges yn in húshâlding wienen, dan wie ien dêrfan in wjerwolf.
nl.verhalenbank.37796
Us Boardzer roan mei acht jier al mei de rommelpot by de huzen lâns. Op in kear wied er yn Drachtster Kompenije. Doe wied er sa warch fan it rinnen, dat hy gong nei it tsjerkhôf ta, dêr't er lizzen gong tusken de stiennen. Dêr is er yn 'e sliep fallen. Hy tocht: op it tsjerkhôf fynt net ien my, dan wurd ik net fan myn jild birove.
nl.verhalenbank.17718
Doe't ús heit deariden is, sei ús mem krekt fan tofoaren:
"Duvel, hjir gebeurt hwat." Wol acht swarte roeken wienen der op 't hiem. Mem forjage se, mar sy kommen like gau wer.
Mem wie der alhiel fan oerstjûr. In pear dagen letter krige heit it ûngelok. Hy is ûnder in truck rekke en wie opslach dea.
nl.verhalenbank.36834
Fan 'e acht bruorren is ien in wjerwolf. Sa'n ien mat soms samar ynienen bite. Ien moest us bite en doe biet er yn in spinnewiel.
nl.verhalenbank.20111
Myn man hie in suster dy hie in jonkje, dat hiet fan Bokke. Dy wie nei myn man neamd. It bern wie sa soun as in fisk.
Hy wie fjouwer jier, doe droomde ik op in nacht. Wylst ik op bêd lei seach ik in hiele bigraffenis. It wie Bokke dy't stoarn wie. Ik seach de kiste, de krânse, de skoalbern, de skoalmaster, alles seach ik. 't Wie yn 'e neinacht, yn...
nl.verhalenbank.27862
Germs Harmke is in nachtmerje. Harmke is ien fan acht dochters. Ien fan acht susters is altyd in nachtmerje.
Myn suster Saek hat ek acht famkes. Saek seit: Us Anne, dat is in nachtmerje. Dêr ha 'k lêst fan. Ik haw in kear de gedaente fan in nachtmerje sjoen. It wie in frouspersoan. Ik ha roppen, mar ik koe net. De hals woarde my tichtknypt.
Men mat wyt...
nl.verhalenbank.16069
As der acht jonges wienen, dy't op elkoar folgen yn in húshâlding, dan wie ien fan dy acht in wjerwolf. Dat wie ien dy't noait sêd koe, dy't neat fan ûnpas kom.
nl.verhalenbank.28045