Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 datasets found
Dutch Keywords: aanwijzen Narrator Gender: male Place of Narration: Harkema
Warmholds wie in boerke, dy hat foar 't earst it evangeelje brocht yn 'e Harkema. Op in kear kom er yn 'e Harkema. Doe wiisde Gods finger him it plak oan, dêr't it tsjerkje stean moest. Dêr hat er doe it tsjerkje bouwe litten. Letter liet er op dat tsjerkje sette: "Ziet hier Gods vinger."
nl.verhalenbank.28498
Hearke hie ris op in kear op it lân oan 't ploeijen west. Dat wie yn 't Leech, dêr't noch in gedielte fan 'e âlde Mûzegroppewei oerhinne rint. Doe kom dêr in man oan. Dy sei: "Wite jo hwer't sterke Hearke wennet?" Hwant hy woe wol mei Hearke wrakselje. "Jawol," hie Hearke sein, "sjoch, hjir stiet de man en dêr wennet er." En doe hied er de ploege mei ien...
nl.verhalenbank.32763
Op in kear wie Hearke oan 't ploeijen. Doe kommen der guon by him, dy fregen him: "Hwer wennet sterke Hearke?" Doe hat Hearke de ploege krigen en útstutsen. "Dêr wennet er," sei er, "en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.25150
Greate Pier wie oan 't ploegjen op it lân. Doe kommen der twa man by him, dy fregen him hwer't greate Pier wenne. Pier tilde de ploege op en hy wiisde der mei nei syn hûs. "Dêr wennet er," sei er, "en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.24887
Tsjip van der Bij ^ fan 'e Harkema gong altyd to murdzjen. Op in nacht wie er wer op stap. Hy hie twa maten by him. Alle trije hienen se in houn. Tsjip hie in lyts hountsje. Murdehounen rinne altyd in ein fuort, as se in murd fine. Dêr rinne se dan achteroan. Doe hearde Tsjip ynienen dat syn hountsje hiel bot jankte. Tsjip gong by de mannen wei en sette...
nl.verhalenbank.28610
Yn Bûrum wenne in man, dy wie knap sterk. Dy hie wolris fan Sterke Hearke heard en dy tocht: Ik wol wol ris mei him prate. Ik woe eins wolris wite hwa fan ús beiden it sterkst is. Hy sette de stap der ûnder nei Droegeham ta. Doe trof dat moai. Hearke wie by Bindert Japiks fan 't Kleaster yn 't wurk. Hy wie krekt op dy syn lân oan 't ploegjen. Hy wenne...
nl.verhalenbank.28749
Sterke Hearke wie ris in kear op it lân oan 't ploegjen. Doe kom der ien by him. Dy sei: "Kinne jo my ek fortelle hwer't Sterke Hearke wennet?" Doe hie Hearke it hynder foar de ploech weidien. Hy hie de ploech mei ien hân optild en rjocht útstutsen en doe hied er sein: "Dêr wennet Sterke Hearke."
nl.verhalenbank.28550
Alde Warmolts wie in boerke. Dy hat hjir yn 'e Harkema it Kristendom brocht. Hy hat de grifformearde tsjerke stifte. Mar hy wist earst noait hwer't dy tsjerke stean moest. Doe op in kear wie der in stim, dy kom fan boven en in finger wiisde it plak oan, hwer't de tsjerke stean moest. Warmolts hat doe de tsjerke dêr bouwe litten. Hjoed-de-dei stiet de...
nl.verhalenbank.17566
Sterke Hearke wie ris in kear oan 't ploeijen. Doe frege der him ien, dy't him net koe, hwer't Sterke Hearke wenne. Doe hat Hearke de ploege optild en dêr mei wiisd nei it plak dêr't syn hûs stie. Sa sterk wie dy keardel.
nl.verhalenbank.27288
Op in kear wie Hearke oan 't ploeijen op it lân. Doe kom der in man by him, dy hie wolris fan Sterke Hearke heard, mar hy koe him net. Hy frege Hearke hwer't dy persoan wenne. Doe krige Hearke de ploege mei ien hân beet en stuts dy foar him út. En doe sei er: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.31538
Sterke Hearke wie op it lân oan 't ploegjen. Greate Pier kom by him en frege: "Kinstû my ek sizze, hwer't Hearke wennet?" Hwant greate Pier woe mei him wrakselje. Hearke tilde mei de rjochterhân de ploege op en wiisde dêrmei nei it hûs dêr't er wenne. "Dêr wennet er", sei er. Doe sloech er him mei de lofter fûst op it boarst en sei: "En hjir stiet er."
nl.verhalenbank.32435
Op in kear wie Hearke op it lân oan 't ploeijen. Doe kom der in man by him, dy frege him, hwer't Sterke Hearke wenne. "Dit is de man," sei Hearke, "en sjoch, dêr wennet er." Doe hied er de ploege mei ien hân optild en der mei nei syn hûs wiisd. Dat stie oan 'e Lytse Wei. Dat wie doe noch in modderwei.
nl.verhalenbank.32637
35