Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: aanwijzen Narrator Gender: male Place of Narration: Boelenslaan
Sterke Hearke wie in boer. Op in kear wie er oan 't ploegjen op it lân. Doe kom dêr in man oan. Dy frege him: "Witte jo ek hwer't Sterke Hearke wennet?" Hearke hie de ploech út 'e groun helle en dy tilde er op en hâldde him foar him út. "Hjir stiet er," sei er, "en dêr wennet er." En doe hied er mei de ploech nei syn hûs wiisd.
nl.verhalenbank.37768
Sterke Hearke wie op 't lân oan 't ploegjen. Doe kommen der in pear mannen oan dy bleauwen by him stean to praten. Sy woenen wite, hwer't Sterke Hearke wenne. Hearke stie even stil. Doe heakke er de hynders út, krige de sturt fan 'e ploech beet en tilde de hiele ploege op en doe sei er: "Hjir stiet er en dêr wennet er." En hy wiisde mei de ploege it hûs oan.
nl.verhalenbank.24375
Sterke Hearke sei: "Hjir stean ik en dêr wenje ik." En doe stuts er de ploech út. Hearke wie ek ûnbezoldigd plysje.
nl.verhalenbank.28628
Us heit hat wol mei Sterke Hearke arbeide. Op in kear doe wie Hearke oan 't ploeijen. Doe kom der in keardel oan. Dy frege him: "Hwer wennet Sterke Hearke? Dêr wol 'k mei prate." Hearke hie 't hynder foar de ploege wei dien. Doe hied er de ploech optild mei ien hân en hy hie der mei wiisd. "Dêr wennet er," hied er sein, "en hjir stiet er." De keardel wie...
nl.verhalenbank.25512
Sterke Hearke wenne yn de Ham oan 'e Lytse Wei. Op in kear wie er oan 't ploeijen. Doe kom der ien by him. Dy frege of hy ek wiste hwer't de sterke man wenne. "Hwa bidoele jo?" frege Hearke. "Ik bidoel Sterke Hearke", sei er. "Ik woe dy man wolris sjen en wite hwer't er wenne." Doe hie Hearke de ploech opnom by de sturt. "Sjoch, dêr wennet er," hied er...
nl.verhalenbank.25098
Fan 'e frijmetselers mat der om 'e sawn jier ien dea. It lot wiist út hwa't oan 'e beurt is. Sa'n ien is in slachtoffer fan 'e kweade. Frijmitselers ha noait jildgebrek. De iene helpt de oare. Jouns hingje se de lege ponge oan 'e doar, de oare moarns is er fol goud. Sy ha ek in wikseldaelder. Dat is in ryksdaelder of in goune. Dat giet sjesa: Ik keapje...
nl.verhalenbank.27588
Op in kear wie er oan 't ploeijen. Doe kamen der twa man fan 't Bildt by him. Dy fregen him: "Hwer wennet hjir eins Sterke Hearke?" Doe spande Hearke de hynders út en tilde de ploech op. Dêr wiisde er mei nei syn hûs en sei: "Dêr wennet Hearke en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.32236
35