Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
By Durk Mozes die er krekt allyk. Mar dêr wie it in geit. Hy striek de geit oer de hûd.
"Hwat in moaije geit", sei er.
Doe sei Durk: "Moarn is er dea." En hy wie dea.
nl.verhalenbank.21244
Op in kear kom Hindrik Pyl by Willem Stienstra. Willem sels moest fuort. Mar hy sei tsjin 't wiif: "Pas op, dat âlde Hindrik net by de bargen komt."
Mar hy kom àl by de bargen en sei: "Hwat binne dat in pear moaije bargen." En hy striek der mei de hân oerhinne. De oare deis wienen de bargen dea.
nl.verhalenbank.21243
De minsken wienen och sa binaud foar âlde Ot. Hwant hja hat ûnderskate skiep en geiten en kninen ensa deatsjoend, by ús beppe en harren meast geiten. Dan struts se der mei de hân oerhinne. Beppe hat wenne by Bareld Hoogsteen. As Ot der oan kom sei Bareld, dy't boer wie: "Wy matte gau sjen, dat wy 't tsjernjen dien krije, hwant âlde Ot komt der oan. Dan...
nl.verhalenbank.21393
Ael Westra hat in dochter, dy is troud mei Fokke Witteveen. (hy is noch út 'e famylje fan Sterke Hearke)
Fokke syn wiif kom us by ús doe't ús bern siik wie. Hja nom it op 'e skoat en lake en skattere hyltyd mar.
Doe kom ús kat der yn. Doe krige se dy en aeide op 't beest om. Hyltyd mar troch.
De oare deis wie ús kat dea. Dy hie se deatsjoend. (de kweade hân)
nl.verhalenbank.21462
Us jonges (myn bruorren) hienen us in pear fûgeltsjes yn in stove op 'e kachel, dan bleauwen de dierkes yn 'e waermte. Doe kom âlde Hindrik-om deryn. Hy sei: "As de fûgeltsjes great binne, dan mat ik der ien fan ha."
Mar doe't er fuort gong wie, wienen de fûgeltsjes even letter dea. Hy hie de kweade hân. (bynamme: Hindrik Pyk)
nl.verhalenbank.23529
Ot hie in paedtsje foar de doar lâns. Op in kear gong se nei de winkel fan Barelds Antsje ta. Hja moest beppe en dy's hûs foarby en ûnderweis yn 'e rin striek se mei de hân oer beppe en dy's geit hinne, dy't dêr oan 't spit siet.
De geit die in pear slaggen yn 'e rounte en dea wied er.
nl.verhalenbank.21458