Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
15 datasets found
Dutch Keywords: aanraden Narrator Gender: female
Myn groatmoeke fan Holwert gyng eens feur haar kiend naar Wopke. 't Kiend had kransen in 't kussen. Wopke sei tegen moeke Tryntsje: Hier heste goed, mar dû moest it an deze kant by dy houwen. En aan die kant moestû niet ien passeare laten, omdat dan dat fleske met goed der an gaat. Ik warskou dy Tryn, denk aan dyn naaste familie. It waren haar mans vader...
nl.verhalenbank.32614
Yn 'e Houtigehage wie us ien stoarn, dy kom nei de dea hyltyd wer. Doe ha se in dûmny ophelle dy't dyselde forstoarne oansprutsen hat. De dûmny frege hwat syn bigearte wie. Doe sei er, hy hie gjin deaklean meikrige doe't er stoarn wie. Doe ha de minsken op oanrieden fan 'e dûmny op in joun deaklean foar him op 'e tafel lein. Dy nachts kom de forstoarne en...
nl.verhalenbank.17735
Der wie in faem, dy wenne by de boer. Dy sei op in kear: "'k Wol joun in feint ha, as is 't de duvel ek." De jouns dan ite se. As dat op is, meitsje se de tafel skjin. Dan komt der ien by de doar. It is de duvel. Hy giet by de oaren sitten. Dan seit de boer tomûk tsjin 'e faem: "Witst wol hwa't it is?" "Né", seit se. "Dy man hat ien goeije skonk en ien...
nl.verhalenbank.22215
Tsjoensters kinne sawol âlde as jonge minsken wêze. Wy hienen in lyts jonkje, dat wie sa'n trije jier âld. Wy wennen doe yn Ikkerwâld. Dat bern bigoun persé jouns om njoggen ûre to gûlen. Dat gebeurde alle jounen. Men koe de klok der op lyk sette. En dat duorre oant alve ûre ta. Wy wennen doe noch by myn man syn âlden yn. "It bern raest him dea", seinen...
nl.verhalenbank.29779
Wij woonden op 'e Streek bij Dokkum. Wij hadden het och zo arm. Ons moeke hur oudste dochter was nog een baby. Die was altijd siek. Dokter sei: Ik kan der niets fan sien. Moeke docht: der sit in kwaje geest onder. Ze ging naar Wopke fan Kûkherne. Wopke sei: Der is in ouwe frou, die komt morgen bij jullie. Die moest in sneu antwoord geven en haar der...
nl.verhalenbank.32835
Geale-om hie ek faek lêst fan in nachtmerje. Dy wenne hjir yn 'e Westerein. Doe wie der ris ien, dy rette him oan, hy moest moal struije op 't gesicht en op 'e tekkens. Doe hat er dat dien en de oare deis, doe siet der in fanke by de tafel. Dy koe net wer fuortkomme hwant sy hie moal oan har. It wie ien fan Sikke Boukes froulju, tige rike lju. 't Wie wol...
nl.verhalenbank.29756
Hjir folget in nachtmerjeteltsje, dat frou Kobus my de foarige kear al forteld hie, mar nou is it efkes útgebreider en oan 'e ein in bytsje oars. It wie yn 'e ûngetiid by in boer to Goaijengeahuzen. Jetse Schot wenne dêr as feint. Hy wie net troud. Us heit kaem by dy boer to ûngetiidzjen. Heit en Jetse sliepten yn itselde fortrek. Jetse wie faek eangstich...
nl.verhalenbank.11509
By de Foarwei hjir yn 'e Westerein hat froeger in herberch stien, dat wie de 'Hossebos'. Dêr wenne in faem yn, dy hie in wyld hier yn 'e nekke. Dy doarst wol hwat to sizzen. Op in kear liet se har ûntfalle: "Ik wol mei de rykste keardel trouwe út it hiele lân." De jouns kaem der ien by de doar, in hiele mynhear. "Wolstû mei my troue?" frege er oan 'e...
nl.verhalenbank.30072
Der wie in man dy hie faek lêst fan in nachtmerje. Doe joegen se him de rie, hy moest moal struije foar 't bêd en op 'e bêdsplanke en op 'e stoel foar 't bêd. Doe't de nachtmerje wer kaem, koe se net fuortkomme. Hwant in nachtmerje kin der net wer út komme as se hwat by har hat út it hûs. En hja hie moal oan har. Doe siet se de oare moarns op 'e stoel. Sa...
nl.verhalenbank.25291
It is gebeurd, dat ik alle dagen mei myn jonkje nei de molkboer ta gong om sûpe. Alle kearen kaem der ek in frommes by de wein, dat wie Minne Brecht, in tsjoenster. Doe woarde myn jonkje net goed. Doe seinen se tsjin my, ik moest duveldrek ûnder 'e drompel dwaen. Dat haw ik dien. It jonkje wie gau wer better en Minne Brecht kaem net wer.
nl.verhalenbank.30064
Ien fan sawn op elkoar folgjende dochters is in nachtmerje. Myn âld man en Ielke Kooistra hienen in skip. Sy klaeimodderfarden. Sy leinen achter Dokkum by in terp. Tichte by har lei in skip mei in âld wyfke. Doe hie Ielke tsjin myn man sein: "Hja sizze dan fan in nachtmerje. Mar dat âld-wiif koe wol us in nachtmerje wêze." Myn man sei: "Hwat praetstou fan...
nl.verhalenbank.25288
Piter de Graaf hie as jonkje lêst fan setten. Doe gongen se nei Sumar ta nei Knjillis Wytses. Dy sei: "Jimme matte in pod sykje en dy mat de jonge levend op it boarst ha. Lit dy pod dêr mar deagean." Dat ha se dien. Piter hat noait wer setten hawn.
nl.verhalenbank.24427
Der wie in faem, dy tsjinne. Dy sei us in kear: "Ik wol joun in feint ha. 't Kin my neat skele hwa. As wie 't de duvel ek." Doe't se de jouns it iten op hienen, kom der in menearke oan, dy gong moai yn 'e hoeke sitten. Doe kom de frou by de faem en sei: "O heden, fanke, hwat hastû hjoed sein!" Doe sei de faem de wurden dy't se sprutsen hie. "Nou," sei de...
nl.verhalenbank.18123
Myn man Ringer kom op 'e Jouwer by twa âlde minsken. It mantsje hie handel. Myn man kocht wol gauris hwat by him yn, dat er dan wer útsutele. Hy fortelde us oan Ringer: "Op in kear kom der in mynhear by my. Dy sei: - Jo koenen wol folle mear by de ein ha. Jo koenen de handel wol útwreidzje. - Ik sei: - Dêr haw ik gjin jild foar. - - Kinst wol jild krije...
nl.verhalenbank.20456
Us mem wie altyd siik. Hja doktere al, mar it joech neat. Hja wie bitsjoend troch de frou fan koopman U seinen de lju om ús hinne. Doe gong heit nei in frommeske ta yn Warten. Dat wie in duvelbanster. 't Wie in âld minske. Heit krige in hiele greate koudrank mei. Doe't er thúskom moest er de slotsgatten en alles ticht meitsje. Dan moest er de kessens...
nl.verhalenbank.22796
35