Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Ien hjirwei kaem ris in kear út 'e herberch. Underweis nei hûs ta woard er samar fan 'e wei ôf yn 'e sleat smiten.
Hy sei: "Bliksem, doch dat noch ris." Doe gebeurde 't wer. "Noch ris", sei er. En wer woarde er yn 'e feart smiten. Mar doe doarst er it net wer to freegjen, hwant doe wist er dat it de duvel wie.
nl.verhalenbank.28116
As jouns de sinne gleon op 'e glêzen skynt en 't liket fan fierrrens krekt as stiet it hûs yn 'e brân, dan komt der hurde wyn.
As de kobben heech yn 'e loft soeije, sûnder dat se de wjokken biwege, komt der ek hurde wyn.
As de loft alhielendal klear is, sûnder in wolkje, komt der binne trije dagen rein.
nl.verhalenbank.28110
Oarreheit (dat wie mem har heit) wie net goed by 't spul. Hy rekke siik. Sy tochten, hy kin wolris bitsjoend wêze en doe gong der ien mei syn wetter nei de Wâlden ta, nei de duvelbander.
De duvelbander sei: "Lit my 't wetter mar ris sjen."
Doe't er dat bisjoen hie, sei er: "Ja, ik kin him wol hwat jaen, dan wurdt er wol wer better. Mar dan moat er rare...
nl.verhalenbank.27854
Ik hie as jonge altyd it himd achterstofoar oan om net bitsjoend to wurden. En mem warskôge ús: "Tink der om, siz noait trije kear achter elkoar 'ja', ast by in tsjoenster biste, hwant dan hat se dy yn 'e macht."
nl.verhalenbank.27947
Pake wie deagraver yn Peasens. 't Wie doe in hiele krappe tiid. Hy helle by nacht wolris in hôfdou út 'e Tsjerketoer, dan hienen se wer hwat yn 'e panne.
Guon wisten dat. "Sille wy dy âld keardel ris bang meitsje?" seinen se tsjin elkoar.
Pake moast troch de lytse doar fan 'e tsjerke om yn 'e toer komme to kinnen.
Doe't hy dêr wer ris hinne soe yn 'e...
nl.verhalenbank.27943