Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Wolters Tryn wenne op 'e Houtigehage. Sy kom op in joun út 'e hûs wei, doe kom der in lyts wyfke njonken har.
"Goeije navend", sei Tryn.
Dat wyfke sei neat werom.
"Ik sei navend", sei Tryn.
Hja sei noch neat en bleau mar njonken Tryn.
Doe sei Tryn foar de trêdde kear 'navend'. Wer sei se neat en samar ynienen wie se fuort krekt as wie se yn 'e groun...
nl.verhalenbank.23785
Der wenne in feint by de Trije Roeden. Dat wie in soan fan Foppe Jits. Dy sûpte ôfgryslik. 't Wie lytse Albert Scholte. Op in joun kom er fan Surhústerfean. Doe gong er de Feanster lânnen del. Underweis woarde er opnom en oer de sleat goaid.
Hy kom oan 'e oare kant de sleat torjochte en dêr roan er in eintsje by de sleat lâns fierder. Mar hy tochte: "Ik...
nl.verhalenbank.23582
In âld man fortelde my, der wie in minske stoarn út in húshâlding wei. Hja wie de mem fan trije bern.
Doe't dat minske al in skoftsje dea west hie, seinen de bern: "Heit, mem hat hjir hjoed ek west."
"Dat kin net", sei de man. Hy wie oerdeis oan 't wurk. Mar it gebeurde al us wer en al us wer dat de bern seinen: "Mem hat der west. Hja hat by de tafel...
nl.verhalenbank.23838
In skoft letter, doe forkocht Fileman him oan 'e duvel. Hy mocht trije winsken dwaen, dan soed er eigendom fan 'e duvel wurde.
De earste winske fan Fileman wie dat er noch tûzen jier leve soe.
De twadde winsk wie in stoel mei in kessen, mar in hiel bysûndere stoel. Dy't dêr op siet, koe der sûnder him net wer ôf komme.
De trêdde winsk wie in parrebeam...
nl.verhalenbank.23576
In jier of hwat lyn is in sekere Piter Claus - in soan fan Jehannes Claus by it baeijen yn it Fliet fordronken. It Fliet dat is in poeltsje yn 'e Harkema, net sa fier fan 'e Betonwei ôf.
Hindrik Jager - de soan fan Sytse Jager - fortelde my letter: dy man is net gewoan forsûpt. Der sit in monster yn it Fliet. Dat monster hat him forsûpt. Dat mûnster hat...
nl.verhalenbank.23825
Alde Hindrik Mulder wie kloklieder yn 'e Rottefalle. Dy woenen se us in kear bangmeitsje. Twa gongen op in joun nei 't tsjerkhôf ta en dêr gong de iene op 'e oare syn skouder stean, tsjin 'e tsjerkemuorre oan.
Doe't Hindrik Mulder dat seach, sei er: "Sjonge, ik ha wol ris twa op elkoar sjoen, mar dêr noch noait in trêdden boven op."
Doe wie de ûnderste sa...
nl.verhalenbank.23738
As frijmitselders forlet ha fan jild, dan geane se nei in gebou ta. Sy geane troch trije doarren, sa komme se yn 'e fjirde keamer. Dan sizze se: "Ik bin forlegen om jild." En dan wurde se oan sa'n stik jild holpen as se freegje. As se trije kear holpen binne, krije se gjin jild wer. Dan binne se forkocht oan 'e duvel.
nl.verhalenbank.23880
Der wenne in keardel yn 'e Rotfalle, oan 'e Brouwersgracht. Dat wie in frijmitselder. Dêr ha wy us hinne west op in joun. Ik en Anders Bijma en Piter Meijer en IJe Wykstra. Wy hienen in swarte kat by ús yn 'e sek. Dêr binne wy trije kear mei om 't hûs hinne roan.
Hwant wy woenen in wikseldaelder fan dy keardel ha. Ik wie doe sahwat njoggentsjin jier âld....
nl.verhalenbank.23881
Der leefden ris in man en in frou. Dat wienen Pibe en Tetsje. Hja hienen ek noch in houn, dat wie Wachter.
Dy minsken wienen nergens bang foar, foar gjin duvel.
Doe't Pibe forlet fan jild hie, kom de duvel by him. "Dû kinst wol jild fan my krije," sei de duvel, "dan kinst dyn fjild wer bibouwe, mar wy prate dit ôf. Alles hwat boppe de groun waechset is...
nl.verhalenbank.25548