Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
As men trije krúskes op 'e wei set, kin de tsjoenster jin net pakke.
Men mat noait trije kear achterelkoar 'ja' sizze op hwat in tsjoenster jin freget, hwant dan hat se jin yn 'e macht.
Hat men in koarste roggebrea yn 'e bûse, dan kin gjin tsjoenster fet op jin krije.
nl.verhalenbank.24062
As men in apel fan in tsjoenster krijt, mat men dy apel noait hielendal opite. Hwant oars krijt men in levende pod yn 't liif.
Wy mochten ek noait trije kear achter elkoar "ja" sizze. Hwant dan hie de tsjoenster jin yn 'e macht.
Der wie froeger in jonkje, dêr boarten wy wol mei. As der in âld minske foarby gong, dan sei er altyd:
"Ien âlde duvel, twa,...
nl.verhalenbank.20735
As Rikele Myt jin hwat joech, moest men dat noait opite, hwant dat foroare yn in pod. Rikele Myt joech sels ta dat se in tsjoenster wie. As se jin in apel joech, moest men dy ûnder in kop lizze en dan nei trije dagen der wer nei sjen. Dan wie 't in pod.
Myt siet jouns mei in spjelde to prippen yn in popke. Dan wie se wer oan 't tsjoenen.
nl.verhalenbank.19511
Stammerige Harm, seinen se, hie in wikseldaelder.
In wikseldaelder, as men dy útjowt, dy komt altyd wer yn 'e knip tolânne.
Myn swager sei, Stammerige Harm koe mear as sljochtwei. Hy koe tsjoene. Jouns hong er de lege pong bûten oan 'e kruk fan 'e doar. De oare moarns wied er fol jild.
Soks dienen de frijmitselders ek. Mar dat koenen se mar trije kear...
nl.verhalenbank.27438
Us Tsjipkje woarde ek al us siik. Doe kom Tet ek us wer in kear by ús. Sjoerd (myn man) syn suster wie ek by ús. Tet sei tsjin Tsjipkje: "Hwat bist in leaf famke, mar jim mem wol net lije dat ik by dy kom."
Ik sei: "Né, dû bliuwst fan har ôf."
Sjoerd syn suster hat har in opstopper jown. Sa is se der út rekke.
Wy ha doe nei in man ta west om rie. Tsjipkje...
nl.verhalenbank.23430
Myn man syn tante dy hie in famke, dat wie bitsjoend.
Sy wennen oan 'e Skieding. Rikele Myt krige dêr de skuld fan. Sy ha alle gatten yn 'e hûs tichtmakke, alles - èk it kaeisgat. Doe ha se in panne mei spjelden oer 't fjûr set. Dy moesten siede. Doe kom de tsjoenster om 'e doar hinne. Dy raesde it út fan 'e pine.
Hja hie it famke in kear in stik brea mei...
nl.verhalenbank.27900
Rikele Myt wie in greate tsjoenster. Sy helle altyd wetter út 'e put by myn memme suster Trynmoai.
Doe rekke it dochterke fan Trynmoai bitsjoend. 't Bern gûlde jouns altyd, dan hie 't stumper pine. Doe gong Japik-om nei de duvelbanner ta. Hy krige guod, dêr moesten de mem en it berntsje elk fan ynnimme. En it bern moest fan 't boarst.
Doe frege Japik-om:...
nl.verhalenbank.19497
Alde Auk wie in tsjoenster. Hja wenne yn 'e Leijen en stookte yn 'e winter altyd skjûden yn 'e fjûrpot. (skjûden = afval van vlas; brandstof voor behoeftige lieden)
Mei't pake en dy in protte braekten, hienen dy skjûden to keap. Wy wennen yn Broek.
't Wie yn 'e winter en beppe wie nei Bonte Houn ta, dêr leinen har âlders mei 't skipke.
Mem en Minkmoai...
nl.verhalenbank.25647
Myn broer Gosse wie fjirdel jier âld ( = 3_ jaar), doe koed er noch noait rinne.
Alde Pôpe biltsje dy wie altyd by ús. Hy wie keppelbaes en mollefanger ensa, mar hy paste ek faek op ús Gosse. Sy seinen altyd, hy wie in tsjoenster, mar dêr hienen wy ús noait folle oan steurd.
Mar doe woarde Pôpe siik. Dat gebeurde wylst er by Hindrik Tammes yn 't bargehok...
nl.verhalenbank.25649
Us jongste fanke wie alve jier âld. It wie sa'n skoalfanke. Wy leinen mei 't skip by Drachten, yn 'e Lange Wyk. Sy wie mei Jan, in jonkje fan skoalle ta gien en togearre wienen se oan 't hoepeljeijen.
Doe krigen dy beide bern dropkes fan in frou, fan Ale Bigge.
Doe't se thúskaem hie se smoarge hannen. Ik sei: "Hwat hast hawn?"
"Dropkes fan Ale Bigge", sei...
nl.verhalenbank.20800