Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Botte Noordmans fan Surhústerfean gong us by 't tsjerkhôf lâns by nacht.
Doe sei er: "Tussen twaalf en een is alles op de been."
Doe gong er him in greate fûgel achternei. Hy roan sa hurd er koe nei hûs ta. De fûgel gong op 't hûs sitten. 't Hiele hûs skodde as wie 't in ierdbeving.
nl.verhalenbank.21254
Ik hie twa bruorren, ien fan tolve jier en ien fan sawn jier. Dy hienen beide setten. Dy setten kommen sa'n fjouwer kear yn 't jier. 't Woarde slimmeroan.
Doe wie der ien dy joech de rie, de jonges moesten opdroege podden op 't boarst ha. Wy sochten doe podden en droegen dy op oan 'e gevel bûtendoar.
Ik wyt noch wol dat Rinse se op 't boarst hawn hat.
nl.verhalenbank.21144
De hekke fan dokter Bontekoe to Hurdegaryp giet klokslach tolve yn 'e nacht iepen. Der sit in dik slot op mei in dikke ketting, mar dat jowt neat. Guon ha der wol by wekke en dy ha it sels sjoen.
nl.verhalenbank.20697
Fokke Weening fortelde ek, hy kom us op in nacht om tolve ûre thús. Doe seach er syn heit mei in earmfol gers, dat er nei de koe brochte. (Se hienen mar ien koe) Hy seach it tige dúdlik, mar yn werklikheit wie 't sa net. Hwant syn heit lei op dat stuit op bêd to sliepen.
nl.verhalenbank.20692
Op it Fean wienen us tolve man meiïnoar oan 't dânsjen. Doe ynienen wie der in trettsjinde man by. Doe hâldden se fuort op.
nl.verhalenbank.21303
Guon kinne mei tolve kaerten de kopkes op 'e tafel dânsje litte. Ik ha 't wol ris sjoen. Sy dogge 't mei fjouwer hearen, fjouwer froulju en fjouwer boeren. Doe bigounen de kopkes moai by de tafelsrânne lâns to marsjearen.
nl.verhalenbank.28857