Spûkgûlde der in houn, dan bitsjutte dat dat der mei gauwens wer ien stjerre soe. Ek as de ûle rôp.
As in houn spûkgûlde seinen se, gong der binnen fjouwer dagen ien dea yn net to fiere omtrek.
Drachten
As eksters ticht by de achterdoar komme is der binnen trije dagen in lyk yn dat hûs.
Yn 'e Sumarreheide seagen se froeger ljochtsjes boven de fjilden. Dat neamden se wylde lantearnen. Dat wie de foarboade fan 'e betonwei, dy't dêr letter kom is. De ljochtsjes, dat wienen de auto's dy't der oerhinne ride.
As eksters foar hûs skatterje komt der bisite.
As eksters achter hûs skatterje komt der in sterfgefal.
Drachten
Mem fortelde ús, yn Drachtster Kompenije soe ris in skip komme. Se wennen oan ien fan 'e binnenwiken. 't Wie sahwat 8 à 9 ûre de jouns, doe hearden se dat de barte, dy't oer de wyk lei, ôfsmiten waerd. Se gongen der út om to sjen, mar dêr wie net in skip to bikennen en de barte lei gewoan oer de dwarswyk. In skoft letter hearden se itselde lûd wer en doe...
As in muoike fan my oer hynders droomde, dan koe men der mar fan op oan dat der mei koartens in deaden yn 'e famylje kaem.
Drachten
Atsjemuoi en Trynmuoi wienen susters. Atsjemuoi wie troud mei Andersom en Trynmuoi hie forkearing mei Wibe de boer. Hja wie yn forwachting fan Wibe. Op in nacht wienen Anders-om en Tryn har oansteande togearre to mollefangen. Doe slepte Trynmuoi by Atsjemuoi op 'e Boelensloane. Hja slepten yn 't selde bêd. Doe droomde Trynmuoi, Manus Steensma, de...
Drachten
Faek gebeurde it - û.mear yn 'e Wylgen - dat men fan tofoaren al wiste, dat der ergens in nij hûs set wurde soe. Dan hearden se yn 'e nacht allegearre lûden dy't by 't timmerjen hearden. Dan seinen se: "Hjir komt skielk in hûs."
As in houn spûkgûlt, komt der in deaden. Dat gebeurt binnen trije dagen. Sa'n houn sjocht dat.
Op 'e Pipe (to Drachten) hat de houn ek fan tofoaren gûld, doe't âlde Fokke dêr stoarn is.
Drachten
Hjir yn Drachten wie in helling op 't Bûtenfallaet. (by de Pipe). Faek gong it dêr midden yn 'e nacht op in klinken. Yn werkelikheit wie dat sa net fansels.
Mar dan koe men der mar wis fan wêze, dat der wer drokte kaem. Dat gong altyd troch. 't Wie foartsjirmerij.
Yn 'e swarte spegel koe men de takomst sjen. Der kom in frommes yn of in deakiste. Dat frommes soe men mei trouwe. De deakiste bitsjutte dat men net trouwe soe.
Alde Bearn van der Woude sei op in kear yn 't foarige: "Ik koe fannacht net sliepe. (Hy wenne doe op Driemunt). Der komt fêst hwat. 't Wienen allegear ljochten en in leven dat der wie - der komt fêst hwat." Nou is de greate Rykswei 43 der troch. Flak njonken it plak, dêr't hy mei syn woanwein stie. Der binne ek forskeidene dy't de tram fan tofoaren riden...
As in houn spûkgûlt giet der mei gauwens ien dea, wurdt der altyd sein, en 't komt ek wol faek út. As in katûle earmoedich raest, komt der èk gau in deaden.
Myn mem har suster yn Stiensgea - Klaske-muoi - wie tige siik.
Hja hie longûntsteking. Mem wie neat net bygelovich.
Der komt in ekster oanfleanen by ús mem. Dy komt tsjin 't sydgleske oan. Doe blykte dat har suster overleden wie. De ekster wie de boade fan 'e dea.
Lubbe van Duinen fan 'e Grinzer Pein sei: "Rin nachts noait midden op 'e wei, hwant dan kinne jo tsjin in lykstaesje oprinne."
Ik wyt ek noch dat er ris sei: "Der hat ek wer in houn sa spûkgûld. Der komt wer in sterfgefal."
Trapet men op in pod, dan komt der tonger, sizze se. Wy mochten froeger noait in pod deameitsje, hwant dêr kom min waer op, wie 't sizzen altyd.
As in houn spûkgûlt, dan komt der in deaden. Ik ha 't sels fan ûnderfining. Wy hienen in houn dy hiet fan Bruno.
Dy siet op in dei hyltyd to spûkgûlen. Hy hâldde mar noait op. "Dy forrekte houn", sei 'k.
Even letter stoar mem oan in hartforlamming.
Drachten
Wylde lantearnen seach men meast boppe de heidefjilden.
As de minsken ien seagen, seinen se: "Sjoch, dêr komt wer in nij hûs."
Alde Bearn wenne yn Driemunt. Dy sei us op in moarn: "Ik ha de hiele nacht net slept." Hy sei tsjin ús: "Hwat wie't dêr allegear in leven en hwat in ljocht allegear. 't Gong de hiele nacht troch."
Dat wie op it plak, dêr't nou de rykswei is. Dat hat hy fan tofoaren sjoen.
