找到32个数据集
Dutch Keywords: toverij 机构: Meertens Institute Place of Narration: Sumar
Myn frou har mem wenne as faem by in boer yn Wjelsryp (dicht bij Franeker). Doe gebeurde it op in kear dat se gjin bûter meitsje koenen. Doe gongen se nei Greate Wopke, de duvelbander ta. Wopke sei: "Jimme matte in tsiis ûnder 'e parse wei krije en dy yn in hantsjettel mei wetter dwaen. As it wetter siedt, dan komt de dieder wol. De faem siet achter de...
Alde Piter Kloosterman fan Garyp kom us by heit en dy to jounpraten. Doe fortelde hy, it berntsje fan syn buorlju hie tige siik west. Sy tochten, it bern kin wol ris bitsjoend wêze en doe toarnden se it kessen iepen. Doe kom dêr in krâns út. Doe wienen dy lju by âlde Piter kom, as dy even foar it bern nei de duvelbanner ta woe. Dat koe Piter fansels min...
Se dienen froeger duveldrek ûnder 'e drompels. Dan koenen de tsjoensters der net oer komme.
Tsjoensters koenen har yn swarte katten foroarje en krânsen yn 'e kessens tsjoene. Men lei duveldrek ûnder 'e drompel, dan hiet it dat de tsjoenster der net oer komme koe.
Hjir op 'e heide wenne ek in tsjoenster. As dy yn 'e hûs kaem ergens dan wienen se bang dat se de bern bitsjoende. Hja brûkten duveldrek tsjin 'e tsjoenderij.
Piter Poes wie in lyts mantsje. Hy wie duvelbanner. Ik ha him net mear kend, mar ik ha faek oer him fortellen heard. Hy wie duvelbander. As der ien bitsjoend wie, waerd Piter Poes der by helle. Sa wie der op in kear yn Burgumerheide in jonge bitsjoend. Dy jonge wie tige siik. Piter Poes waerd ûntbean en dy dêrhinne op 'e hounekarre, dêr't er 2, 3 hounen...
Achter Burgum wennen minsken, dy hienen in bern en dat rekke bitsjoend. Sy gongen nei de duvelbander ta en dy sei, it wie in âld wiif dy't it dien hie. Sy moesten it kessen mar ris neisjen en de krânsen dy't der yn sieten forbrânne. Sy moesten der foar soargje, dat alles goed ticht wie, de kaeisgatten en de skoarstiens ek, en de doarren op slot. Der siet...
Piter Poes wie duvelbander en wenne op Sumarreheide. Op in kear moest er nei in frou ta fanwege tsjoenderij. Hja wienen drok oan 't praten, doe sei de frou: "Ik mat even nei de panne mei sûpenbrij, oars siedt dy oer." Piter Poes sei: "Wachtsje, 'k sil wol even mei." Doe stie de brij in hiel ein boppe de panne, en dochs sea se net oer.
Tsjoensters koenen har yn katten foroarje. Dan fleagen se by de glêzen op. As se rekke woarden mei in stok dan hie de tsjoenster de oare deis plakken oan har. Om 'e safolle jier moest de tsjoenster ien deatsjoene, oars gong se sels dea. Wie der in krâns yn 't kessen dan reizgen se nei greate Wopke ta. Dan krigen se in drank mei. Underweis sprong der hwat...
Piter Poes koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Hy wie duvelbander. Hy koe de minsken ek stean litte. Dan sei er: "Ik lit jimme stean." Bargen koed er bitsjoene. As er by de bargen kom, woarden se siik. Hy moest se ek wer better meitsje. As er op it lân oan 't wurk wie, sei er soms: "Der komt aenst wer ien by my om rie." Dan koe men der mar fan...
By in boer op Burgumerheide gebeurde it us dat de tsjernmoune de hiele nacht trochdraeide, sûnder dat der hynders foar roannen.
Yn Aldegea hienen se faek duveldrek ûnder 'e drompels om 'e tsjoensters to kearen.
Bennema-state to Hurdegaryp: De hekken dy't jouns tichtdien waerden stienen de oare moarns altyd wer iepen.
De froulju wienen bang foar Jehannes Meerstra. Hwant as er it dwaen woe, liet er de froulju samar de klean útsakje. Dan stienen se neaken op 'e wei.
By Tsjitse Boonstra op Burgumerheide stienen de kij moarns omkeard op 'e stâl, de achterein nei foaren ta en de koppen nei achteren. En as Tsjitse moarns yn 't bûthús kom, seinen alle kij: "Morgen, baes." En de hinnen dy seinen tsjin him: "Wij kakelen wel, maar wij leggen niet." Dy dieren sieten ûnder 'e kweaminsken. Alde Sjouke Kloetstra krige dêr de...
Yn 'e naed fan 'e rok hienen de froulju en famkes yn myn jongestiid roggekerrels binaeid. In ûneven getal, om net bitsjoend to wurden. Rogge is heilich.
Alde Melle Antsje (Antsje Fiter) fan Sumarreheide roan mei in kuorke mei galanterijen. It wie in tsjoenster. Sy bitsjoende leafst pas-geboaren berntsjes.
Yn Burgumerheide hienen wy in buorfrou, dat wie in tsjoenster. Sy wie út 'e famylje fan Liuwe Kûper. Sy koe har sels yn in kat foroarje. Soms hâldden dy tsjoensters in forgadering. Dan wienen it katten. Yn fjirtich jier moesten se ien deatsjoene. As se dat net dienen, dan stoaren se sels. Sy hienen in forboun mei de duvel.
It gebeurde wol dat, hwannear't it jongfolk by elkoar wie, ien fan har klaveraes fuortstjûrde om in flesfol drank werom to krijen.
Iemke de Jong hat Tseard van Dekken us stean litten op Hamster merke. Tseard wie in raren. Hy is wol us smiten woarn troch de kweade.