Op 'e Suderdwarsfeart hjir to Drachten hat in man wenne, dy wie mei de helm geboaren. Dy moest alle bigraffenissen út 'e omkriten sjen. Dêr moest er wit hoe faek om fan bêd ôf.
De tsjerne moest foar de nacht út it wurk set wurde, oars gong 't yn 'e nacht op in tsjernjen.
De brake krektsa, oars waerd der brake yn 'e nacht.
En ek it spinwiele, oars spounen se yn 'e nacht.
Drachten
Rin nachts noait midden op 'e wei, waerd ús altyd yndruid.
Drachten
To Aldegea mat nachts in fôlle mei in brijpot rinne.
Der wie ris in skuonmakker, dy siet op in kear mei syn maten yn in café. Doe woarde der sa oer praet hwa't al en hwa't net bang wie by nacht. Doe sei de skuonmakker: "Ik bin foar de duvel net bang. Ik doar nachts rounom wol hinne." Doe seinen de oaren tsjin him: "Doarstû dan ek wol allinne yn in leech hûs to wêzen by nacht?" "Hwerom net?" sei de...
Piter de Graaf wie mei de helm geboaren. Hy wenne op 'e Suderdwarsfeart by de âlde sûkerfabryk. Nachts gong hy der faek op út om bigraffenissen to sjen.
Froeger hearde ik faek forhalen fan minsken dy't by nacht midden op 'e wei roannen. Dy wienen foar by de lykwein opflein en der achter wer by del knoffele. Wy waerden altyd warskôge: Tink der om, rin by nacht noait midden op 'e wei. Ik rin nòch altyd oan kant.
Drachten
De ierdmantsjes holpen nachts de klearmakkers, dy't de klean net dien krije koenen foar de oare deis. Dan wie de oare moarns it pak klean kant en klear. Hja holpen fral minsken dy't yn 'e need sieten.
Drachten
Heit fortelde: Omke Gjert fan Sumarreheide wie op in nacht op in paed. Doe seach er in neaken berntsje foar him op rinnen. Hy tocht: - hoe komt dat berntsje hjir, ik mei 't wol gau mei nimme - Mar doe't er dat berntsje pakke soe, doe fleach it yn in dobbe. En 't wie wei.
Der wienen twa Dokkumers. Dy wienen beide yn 't gekkehûs tolânne kaem. Op in kear woenen se útnaeije. Midden yn 'e nacht brutsen se der út. Doe foun ien fan 'e beiden in saklantearne. Gjin fan beiden wist hoe't men in saklantearne hantearje moest mar sy tipelen der sa lang mei om dat ien die it knopke omheech en doe kaem dêr in strael ljocht út dat rjocht...
Wytse Hountsje (= W. van der Wal) fan Sumarreheide wie froeger fédriuwer. Op in nacht fan tongersdei op freed, doe't er mei fé nei Ljouwerter merk ta soe, hat er in grouwe swarte houn sjoen, mei greate eagen. In great ketting sleepte achter him oan. Hy hat it my sels forteld. It doogde net mei dy houn.
Us beppe sei op in kear: Ik ha fannacht in nachtmerje by my hawn. Ik koe har wol op 'e stoel foar 't bêd stappen hearre.
Oan 'e Mûzegroppewei tusken Rottefalle en 't Wytfean roan altyd in giele fôlle mei in brijpot om 'e hals. Der siet in sleef yn dy brijpot en dy't dy fôlle yn 'e nacht trof, moest mei de sleef yn dy brijpot rearde of der in sleeffol út opite.
Der wienen in stik of hwat mannen dy sieten mei elkoar yn 'e kroech. Doe sei de iene tsjin 'n oaren: "Dû doarst net by nacht nei 't tsjerkhôf ta to gean." De oare sei: "Wedzje." "Hwerom?" "Om in mingel drank." Zo gezegd, zo gedaan. Midden yn 'e nacht gong dyselde nei 't tsjerkhôf ta. Mar de beide oare mannen dy't mei him wedde hienen, hienen elk in wyt...
Ik wie boerefaem. Op in kear lei 'k yn 'e nacht op bêd. Doe hearde ik dat der in hynder oansetten kaem. It kom al tichter by myn bêd. Doe klaude 't my mei de poat. Dat die hiel sear. Dat hat in nachtmerje west. Hja seinen wol, fan 'e sawn famkes fan ien húshâlding wie ien in nachtmerje. Fan 'e sawn jonges fan ien húshâlding wie ien in wjerwolf. Die men de...
Drachten
Der waerd ús altyd foar warskôge noait midden op 'e wei to rinnen by nacht fanwege lykstaesjes.
Drachten
Der leefden ergens minsken, dy wienen o sa rûch. Op in kear doe kom doomny by har. De mem wie mei de jonge thús. It âld minske seach doomny oankommen. "Jonge", sei se, "jow my gau de bibel. Hy leit op 'e kast." De jonge docht it. Doomny komt deryn. "Lêze jo?" freget er. "Ja, doomny," seit se, "ik mei graech in kapitteltsje oer 't goede lêze." "Mar jo ha...
It wie yn 'e oarloch. Ik wenne op Skûlenboarch en 'k hie forkearing yn Drachten. Jouns nei achten mochten wy net op strjitte. Mar ik fytste yn 'e nacht by myn faem wei nei Skûlenboarch ta. Doe stienen der twa poepen yn 'e Rottefalle op 'e betonwei, by de tsjerke. Dy woenen my oanhâlde. Ik fytste troch op myn âld karre mei cushionbannen, krekt sa hurd ik...
Der kamen ris twa wjirms elkoar tsjin yn in hoale ûnder 'e groun. Doe sei de earste wjirm: "Jan, hastû al lang in bril op?"
Jan seit: "Né, hjoed foar 't earst, hwant ik ha justernacht wol twa ûren op in eintsje tou lein to rossen."
Der wie in jong steltsje, dat wie by de âlden yntroud. Dat jonge steltsje makke op in nacht op bêd in nûmerke. 't Fanke praette lûdop en sei: "Wy gean joun mei de sneltrein." Sa hurd gong it. De âld-man (har heit) hearde dy wurden en tocht: "Ik wol ek even." Hy sei tsjin 't wiif: "Sille wy dan nou mar mei de boemeltrein?" Doe sei de ynwennende soan, dy't...
Drachten
