Mem har âlden wennen yn 'e herberch Het witte paerd to Eastemar op 'e hoeke fan 'e Snakkerbuorren. De murdehoeke, sa woarde dy herberch neamd, omdat ús heit, Japik Hoeksma syn bynamme wie Japik Murd. Op in joun, doe gong 't der bot oan wei yn 'e herberch. Mem wie doe noch in famke, hja siet by de tafel. It jongfolk wie sa roerich dat it wie net moai mear....
Heit fortelde: Omke Gjert fan Sumarreheide wie op in nacht op in paed. Doe seach er in neaken berntsje foar him op rinnen. Hy tocht: - hoe komt dat berntsje hjir, ik mei 't wol gau mei nimme - Mar doe't er dat berntsje pakke soe, doe fleach it yn in dobbe. En 't wie wei.
Thyl Ulespegel lake as it reinde. Hwant hy sei: Dan skynt aenst de sinne wer. Hy sei: "Na regen komt zonneschijn." En hy gûlde, as de sinne skynde, hwant dan soe 't aenst wer reine.
As er by de berch op gong lake er. "Nou gean 'k der aenst moai by del", sei er.
Mar roan hy der by del, dan gûlde er. "Nou mat ik aenst klimme", sei er dan.
Biesterfeld wenne op 'e Dwarsfeart. Elkenien wie binaud foar him, hwant hy stie nergens foar. Hy hie ien formoarde en dêr hied er foar yn 'e gefangenis sitten. Op in kear roan ús beppe de jouns let mei in man op. Hja kom fan Olterterp en moest nei de Drachtster Dwarsfeart. Hja praetten oeral oer togearre en sa rekken se ek oer Biesterfeld los. Beppe sei:...
Us heit wenne yn Kollum. Hy wie fêste arbeider by de boer. Mar dat foldie him net langer, en doe woarde er los arbeider. Hy moest faek koedriuwe. Dy kij moesten dan nei Visvliet of nei Bûtenpost tadreaun wurde. Fan Visvliet gongen se mei de boat nei Ljouwert ta, nei de fémerk, en fan Bûtenpost ôf mei de trein. Op in freed-to-moarn moest der fé nei...
Der wie in man, dy roan nei 't foetbalfjild ta. Doe't de match ôfroun wie, mompele dy man yn himsels: "Och, och, hoe is 't mooglik - hoe is 't mooglik. Alve tûzen taskôgers en twa en twintich spylders! Dat dat nou krekt m_ treffe moest!" Datselde sei er wol tsien kearen achter elkoar. Op 't lêst is der ien, dy seit tsjin him: "Hwat bitsjutting hat dat,...
Mem fortelde: Bearne Ael wenne yn Sumarreheide. It wie kleare earremoed by Bearn en Ael. Op in kear soe Ael nei Sumar ta. Sy roan de Pasterije-lannen del. Doe tocht se: Nou woe 'k wol, dat ik in dikke beurs mei jild foun. Doe't [se] by 't trêdde stik lân kom, lei dêr in beurs mei jild foar har. En doe tocht se: Ja, mar dit komt net klear. Dit is fan 'e...
De minsken fan 'e Pinkstergemeente hienen to Grins in samenkomst hawn. 't Wie op in joun. Ik wie ek krekt yn Grins; hja hienen dêr op dy samenkomst genezing troch gebet tapast. Doe kom ik in bikenden tsjin, dy hie dêr ek hinne west. Dy rôp my ta: "Ik kin wer rinne!"
Ik sei: "Koestû dan net mear rinne?"
"Jawol," sei er, "mar se ha myn fyts pikt!"
Biesterveld (fan 'e Drachtster Dwarsfeart) en syn kammeraet wienen togearre yn 't fjild. 't Wie let yn 'e joun.
Doe sei syn maet: "Dêr komt ek hwat oan."
"Rint it of sweeft it?" frege Biesterveld.
"It sweeft", sei syn maet.
"Set dan sok", sei Biesterveld. En dêr roannen se hinne, sa hurd as se koenen.
De ingel stie mei uitgetrokken zwaard foar Bileam. De ezel seach dy ingel wol, mar Bileam seach it net. En doe sloech Bileam de ezel om him foarút to krijen. Doe gong de ezel hinne en bigoun to praten. Hy sei tsjin Bileam: "Waarom slaat ge mij? Heb ik u niet trouw gediend?" En fan lulkens biet er yn 't reid. As jy nou de reiden bisjogge, dan stean dêr...
Drachten
Der wienen us in pear mannen oan 't slatten. Doe hearden se sjongen. Dêr wienen twa froulju oanfarren kom yn in boatsje. Prachtich-moai hienen dy song. Doe't se by de wâl wienen, forburgen se har boatsje yn 'e reiden en sy gongen fierder, al mar sjongende. Mar de mannen hellen gau it boatsje dêr wei en brochten it op in oar plak. Doe't de twa froulju...
Sil 'k den mar stappe? Der wie in man stoarn en de soan soe alles regelje mei de begraffenisferiening. Der kaam ien om dêroer te praten en dy ornearre, der moasten tsien folchauto's komme. Mar dat soe twatûzen gûne komme te kostjen. 'Fierstente djoer!'sei de soan. 'No, dan fiif folchauto's en dat komt op tûzen gûne'. 'Fierstente djoer!' Doe ornearre de...
Drachten
As er Janne bitelje moest, gebeurde it wol, dat er sei: "Dan moet ik even de deur uit." Dan krige er it jild fan 'e duvel.
Drachten
I. De duivel 1. Zijn U verhalen bekend over mensen, die de duivel gezien hebben of omgang met hem hebben gehad (met hem gedanst hebben, met hem kaart hebben gespeeld), of kent U andere verhalen, waarin de duivel een rol speelt? Gelieve elk verhaal te noteren op een afzonderlijk blad papier en in elk verhaal duidelijk aan te duiden hoe de duivel...
Hinse Beest Hinse rûn ris op 'e Swarte Wei ûnder Eastermar en hy hie in ponge mei jild by him. Doe kamen der oanpakkers en dy easken de jildponge fan him. Hinse sette de ponge op 'e wei en loek mei de stôk in sirkel om 'e ponge hinne. 'Krij him no mar!' sei er. Mar der wie net ien dy't der in hân nei útstekke doarst. Se doarsten net en se koenen net en...
