找到15个数据集
Dutch Keywords: lopen Place of Narration: De Westereen
"As in swarte kat rjocht oer de wei giet, dan matte jimme dêr noait lâns gean", sei ús mem. Hwant dan wie 't in tsjoenster.
Bontsje Knjillis wenne op 'e Sweachlannen. Dy wie ek mei de helm geboaren en moest ek alles sjen. Dy roan dan yn 'e nacht alhiel nei 't Sweachster tsjerkhôf ta. As er let wie gongen de hekken fansels foar him iepen.
As in frommes in bern ha moest, moest se net ûnder 'e line trochrinne, hwant dan krige it bern stringen om 'e hals en smoarde it. As in frou yn forwachting wie moest se net nei in deade sjen, hwant dan woarde it bern wyt om 'e holle. In frou yn forwachting moest net nei katten of mûzen of rotten of kninen of hazzen sjen. Oars kom it bern dêr op to lykjen.
Ik haw ris nei Wopke Minke fan Kûkherne ta west om medsinen. Ik krige in drankje fan har mei. Hja sei, ik moest fral tige op dat drankje passe ûnderweis, hwant der koe wolris in houn by my opspringe dy't it drankje stikken ha woe. Mar der is my neat oerkaem mei dat drankje. It wie sa, myn wiif wie siik. Hja koe net gean fan 'e pine. Doe seinen de buorlju...
Noait midden op 'e wei rinne by nacht. Hwant dan kin 't gebeure dat jo fan 'e wei ôfsmiten wurde omdat der in lykstaesje passeart.
Mear as ien kear is 't gebeurd dat guon rinnende of mei hynder en wein nachts ûnderweis wienen en ynienen net fierder koenen. Dan woarden se keard. Se moesten dan rûmte jaen foar in lykstaesje, dy't foarby moest. Wie dy passeard, dan koenen se sels ek wer fierder. Dat haw ik faek heard.
In minske mat nachts noait midden op 'e wei rinne, hwant dan kin 't gebeure dat er oan kant set wurdt.
Wy setten froeger krusen oer de wei foar de tsjoensters, dan koenen se der net oerhinne komme. Tsjoensters woarden noait by 't fé litten. Hwant dan woarden de beesten siik en stoaren se.
Yn Grinslân hienen se spûkskuorren. Dêr gongen de doarren nachts samar fansels iepen. Dat wie by Usquert. De tsjernmoune gong yn 'e nacht.
Us mem sei altyd: tink der om, rin nachts noait midden op 'e wei, hwant dan kinst in stomp fan in lykstaesje krije.
Nachts mat men op jins hoede wêze bûtendoar. Us mem plichte to sizzen: De wegen bin goed as der jin neat ûntmoet.
Men moat by nacht noait midden oer de wei rinne. It is faek gebeurd dat ien dan in stomp krige fan in lykwein, dy't passearde. Men mat nachts altyd rûmte jaen op 'e wei. Men kin noait witte of der soms in lykstaesje yn oantocht is, dy't men net sjocht.
By de spoarbrêge yn 'e Westerein doarmen yn 'e nacht altyd in pear berntsjes om, dy hienen gjin holtsjes. Dêr doarsten froeger de minsken by nacht net lâns.
Yn Hurdegaryp, dêr't dokter Bontekoe wenne hat, koe de hekke noait ticht bliuwe. Der roannen froeger faek fékooplju fan 'e Westerein nei Ljouwert ta. Dy moesten by dy hekke lâns. Guon ha sjoen, dat se dêr iderkear deakistjes fan lytse bern dwars oer de wei ta de homeije yndroegen.
Men mat jouns noait midden op 'e wei rinne. Hwant komt men in lykstaesje tsjin, dan wurdt men oan kant reage. Ek gebeurde it wol, dat men foar by de lykwein oproan. Dat fornaem men oan 'e foarkant net, mar achter wòl. Dêr foel men der dan by del.