Spûkgûlde der in houn, dan bitsjutte dat dat der mei gauwens wer ien stjerre soe. Ek as de ûle rôp.
Der wie ris in skuonmakker, dy siet op in kear mei syn maten yn in café. Doe woarde der sa oer praet hwa't al en hwa't net bang wie by nacht. Doe sei de skuonmakker: "Ik bin foar de duvel net bang. Ik doar nachts rounom wol hinne." Doe seinen de oaren tsjin him: "Doarstû dan ek wol allinne yn in leech hûs to wêzen by nacht?" "Hwerom net?" sei de...
It wie yn 'e oarloch. Der wie in kastlein, dy hie in papegaei. Dy sei altyd: "Hitler is dood." In Dútse soldaet, dy hearde dat en woarde lulk. Hy sei it tsjin in Dútse ofsier en doe gong dy mei in opgestroken seil nei de herberch. Mar de kastlein hie al lont rûkt en wie gau mei syn papegaei nei doomny tagien en hie dy frege of er in skoftsje mei dy syn...
Us Bram-om fortelde dat hy wie yn 'e oarlochstiid ris to Ljouwert west en doe hong dêr in deade hin by de Ortskommandant oan 'e doar mei in briefke der by. Dêr stie op: Liever te sterven voor het vaderland
dan eieren te leggen voor de Ortskommandant.
As in houn spûkgûlde seinen se, gong der binnen fjouwer dagen ien dea yn net to fiere omtrek.
Drachten
As eksters ticht by de achterdoar komme is der binnen trije dagen in lyk yn dat hûs.
Blauburd wie in ridder dy't wenne op in great kasteel. Hja neamden him Blauburd omdat er sa'n dik blau burd hie. 't Wie in tige wrede keardel. Hy hie al forskeidene froulju hawn en dy waerden altiten samar wei. Doe krige er op in kear wer in frou, dy hie in pear bruorren en ek in suster: Anna. De brulloft waerd tige luisterrijk fierd yn 't prachtige...
It lean Der wie ris in ridder en dy woe to jeijen mei syn freonen. En doe praetten se ôf dat oare moarne yntiid soene se mar fuortgean to jeijen. En de oare moarne doe komme syn freonen der allegear mei har hontsjes en doe soene se fuort, mar dy ridder dy sei: No, jim moatte mar fuortgean, mar ik kin myn houn op 't momint nerges fine. Ik sil him even...
Der leefden ergens minsken, dy wienen o sa rûch. Op in kear doe kom doomny by har. De mem wie mei de jonge thús. It âld minske seach doomny oankommen. "Jonge", sei se, "jow my gau de bibel. Hy leit op 'e kast." De jonge docht it. Doomny komt deryn. "Lêze jo?" freget er. "Ja, doomny," seit se, "ik mei graech in kapitteltsje oer 't goede lêze." "Mar jo ha...
Der wie in jonkje, dy syn heit wie doomny. Dat jonkje hie in tamme swarte ka, en dy ka gong dea. Doe soe de jonge dy ka yn 'e tún bigrave, mar doe sei syn heit: "Dat kin sa net, jonge. Hy mat in bytsje netsjes bigroeven wurde. Ik haw in leech sigarekistje, dan mat er dêr mar yn." De jonge docht dat en dan giet er wer yn 'e hûs. Dan seit er tsjin syn heit,...
As in muoike fan my oer hynders droomde, dan koe men der mar fan op oan dat der mei koartens in deaden yn 'e famylje kaem.
Drachten
Atsjemuoi en Trynmuoi wienen susters. Atsjemuoi wie troud mei Andersom en Trynmuoi hie forkearing mei Wibe de boer. Hja wie yn forwachting fan Wibe. Op in nacht wienen Anders-om en Tryn har oansteande togearre to mollefangen. Doe slepte Trynmuoi by Atsjemuoi op 'e Boelensloane. Hja slepten yn 't selde bêd. Doe droomde Trynmuoi, Manus Steensma, de...
Drachten
As in houn spûkgûlt, komt der in deaden. Dat gebeurt binnen trije dagen. Sa'n houn sjocht dat.
Op 'e Pipe (to Drachten) hat de houn ek fan tofoaren gûld, doe't âlde Fokke dêr stoarn is.
Drachten
Yn 'e Skelpegrot op 'e Like ha se froeger in frommes gefangen hawn. Hja hie hwat útheefd. Ta straf moest se de hiele grot fol plakke mei skelpen. As se klear wie krige se de frijheit werom. Mar doe't se alles goed en wol folplakt hie en wer yn 'e bûtenloft kom, foel se fuort dea del.
Der wie in bern, dat sloech syn mem altyd. Doe stoar dat bern en it woarde biierdige op it tsjerkhôf. Nei in skoft groeide de hân fan dat bern - de rjochterhân, dêr't er syn mem altyd mei slein hie - ta de groun út. Doe binne se nei in duvelbander gong om to freegjen hwat dêr oan dien wurde moest. Doe sei dy, sy moesten it hantsje krekt sa lang giselje...
Drachten
Alle frijmetselers ha in forboun mei de duvel. De frijmitselerij is sokssahwat as in geheim genoatskip. Om 'e sawn jier mat ien fan 'e leden dea. Deselde dy syn lot it oanwiist, mat him deameitsje. Dat matte jo bislist dwaen, dat is jou plicht. Dogge jo it net, dan wurde jo sels deamakke. Yn Swolle wenne in fiskerman. Dy hie in soan, dy siet us op in kear...
Drachten
Der wienen in pear dy woenen de skuonmakker der tusken nimme. De skuonmakker moest oantoane kinne dat er net bang wie. Hy moest de nacht yn in gebou trochbringe yn geselskip fan in lyk, dat yn 'e kiste lei. Mar 't wie net in lyk, 't wie ien fan dy mannen dy't de grap mei úthelle dy't der yn lei. Doe't de skuonmakker dêr in skoft by dy kiste sitten hie,...
Drachten
Om 'e sawn jier mat in tsjoenster ien deatsjoene.
Trapet men op in pod of makket men in pod dea, dan bigjint it to tongerjen, wurdt der sein.
