机构
Keywords
没有匹配该搜索的Keywords
Danish Keywords
没有匹配该搜索的Danish Keywords
Dutch Keywords
显示更多Dutch Keywords
German Keywords
没有匹配该搜索的German Keywords
Icelandic Keywords
没有匹配该搜索的Icelandic Keywords
Place Mentioned
没有匹配该搜索的Place Mentioned
Place of Narration
Narrator Gender
没有匹配该搜索的Narrator Gender
Wy ha ris mei in ploechje jongfolk nei âlde Clara ta west. Dy soe ús de kaert lizze. Mar der wie ien jonge by, dy lake hyltyd. Hy hie mei alles de gek. Doe koe Clara it net dwaen, omdat dy jonge sa lake.
De Westereen
Myn suster woarde siik. It like net bêst. Doe seinen de lju: Sy sil wol bitsjoend wêze. Doe stjûrden heit en dy my mei har wetter en sa nei Jonge Jan ta fan 't Wytfean. Dat wie in duvelbander.
Mar doe't hy it wetter bisjoen hie, sei er: "Hja is net bitsjoend." En hy skodde de holle.
Doe wist ik it oare wol. Al gau dêrnei is se stoarn.
De Westereen
Der wienen in man en in frou, dy hienen in jonkje, dat wie siik. Se tochten dat it bern de mûzels hie. Se hellen de dokter der by. Der wienen altyd katten by har om 'e doar en dy fleagen by de glêzen op. Op in kear, doe wie der in man yn 'e keamer, doe lei der in kat op 'e diwan. Dy woe der net út, hy blaesde mar. De jouns kom der ien fan 'e jonges thús....
Tsjoensters foroarje har faek yn katten. En dy komme dan ek by de tsjoensters op bisite. Alde Jan Brouwer en Tsjitske rieden ris oer de greate strjitwei mei in wein. Doe moesten se troch in tolhek. De frou fan 'e tolgaerder wie in tsjoenster. De tolgaerder die it tolhek iepen en liet Jan Brouwer en syn frou der troch. Hja wienen noch mar in lyts eintsje...
Myn buorfrou hat in kear in nachtmerje hawn. Doe sei se gau it 'Onze Vader' op. Doe wie de nachtmerje meiiens fuort gong, doe't se sei: "En verlos ons van de boze."
En de nachtmerje hat der noait wer west.
De Westereen
Wy wienen fan dy bern fan in jier of acht, njoggen.
Doe boarten wy op 'e Piterommeheide. Wy moesten bitiid thús wêze. Dat spande der wolris om. Op in kear doe wie 't al hwat donker, doe roan dêr in frommes troch de heide, rinkeljend mei in ketting. Doe makken wy hurd dat wy thús kommen. Dat wie in spoek.
Greate Wopke fan Kûkherne koe de froulju samar de klean ôffalle litte, wylst se midden op 'e wei stienen.
In nachtmerje is in frommeske. 't Is ien fan sawn dochters.
De Westereen
Der wienen in man en in frou, dy krigen trije kearen achter elkoar in jonge. De earste wie in readen-ien, de twadde wie in blonden, en de trêdde in witen. De man seach dêr hiel nuver tsjin oan. Hwant hy en syn wiif wienen tige donker, omtrint swart. Hoe koenen nou dy trije jonges sok hier ha. Hy krige mear en mear argwaen en bigoun der oan to twiveljen of...
In nachtmerje kom yn 'e gedaente fan in frommes by 't bêd. De lju setten de toffels achterstofoar foar 't bêd, dan mienden se dat se der gjin lêst fan ha soenen.
As in frommes in bern ha moest, moest se net ûnder 'e line trochrinne, hwant dan krige it bern stringen om 'e hals en smoarde it.
As in frou yn forwachting wie moest se net nei in deade sjen, hwant dan woarde it bern wyt om 'e holle.
In frou yn forwachting moest net nei katten of mûzen of rotten of kninen of hazzen sjen. Oars kom it bern dêr op to lykjen.
Ik haw ris nei Wopke Minke fan Kûkherne ta west om medsinen. Ik krige in drankje fan har mei. Hja sei, ik moest fral tige op dat drankje passe ûnderweis, hwant der koe wolris in houn by my opspringe dy't it drankje stikken ha woe. Mar der is my neat oerkaem mei dat drankje. It wie sa, myn wiif wie siik. Hja koe net gean fan 'e pine. Doe seinen de buorlju...
De Westereen
Hjir wenne in âld minske, dy hie sjoen dat der weinen ride soenen sûnder hynders der foar. Dat wienen de lettere auto's.
En hja sei ek: Skielk komt it safier, dan fljogge de minsken yn weinen troch de loft. Dat wienen de lettere fleantugen. Dat hie se allegear fan tofoaren sjoen.
De boer en syn feint wienen togearre op it lân. 't Wie kâld en de boer dy hie gjin moffen by him. Dêrom sei er tsjin 'e feint: "Helje dû even myn moffen op." Doe't er op 'e pleats kom fregen de faem en de frou: "Hwerom komstû hjir?" De feint sei: "Ik moest jim beide even brûke, hat de boer sein." De beide froulju woenen 't net leauwe. "Nou," sei er, "dan...
Njonken ús wenne in frou dy gong foar in tsjoenster troch. Hja wist dat sels wol. Mar wy leauden der net oan. Se seinen dat se de bern bitsjoende en krânsen yn 'e kessens tsjoene koe. Hja ried op in biezemstôk troch de loft en koe har foroarje yn in kat. Wie der ien bitsjoend, dan reizgen se nei de duvelbander ta. Dat wie almeast Sierd Schaafsma fan...
De Westereen
Ik haw ris op in winter yn 'e Falom nei de froulju west. Doe't ik weromkaem snijde it omraek. Ik siet foaroer op 'e fyts mei de earmen oer 't stjûr. Sa ried ik de kant nei de Westerein út. Doe kaem dêr in frommeske oan, dy roun of sweefde tusken de tramrails. Ik seach har net earder as doe't se neist my wie. Ik seach oars neat as in ruten bloeske en se...
Jan en Tryn soenen der togearre op út to iten op in joun. Hja soenen ek by dy minsken oernachtsje. Tryn iet altyd to folle, mar hja praetten ûnderweis togearre ôf, as it foech joech mei iten op to hâlden, dan soe Jan har op 'e foet traepje. Mar doe siet dêr in houn ûnder 'e tafel. Tryn wie noch mar krekt oan 't iten of dy houn trape har op 'e foet. Tryn...
In swarte spegel hienen jy froeger op 'e merken. Dêr koe men de takomst yn sjen. Ik hearde sizzen fan in man - dat wie Knjillis, ik haw him tige skoan kend - dy gong ek nei de swarte spegel ta. "Ik wol wite hwatfoar wiif ik krij", sei er. Doe't er dan yn 'e spegel seach, seach er in frommes. En dat wie werkelik Marij, dêr't er letter mei troud is. It wie...
De Westereen
It is gebeurd, dat ik alle dagen mei myn jonkje nei de molkboer ta gong om sûpe. Alle kearen kaem der ek in frommes by de wein, dat wie Minne Brecht, in tsjoenster. Doe woarde myn jonkje net goed.
Doe seinen se tsjin my, ik moest duveldrek ûnder 'e drompel dwaen. Dat haw ik dien. It jonkje wie gau wer better en Minne Brecht kaem net wer.
Der wie in pastoar, dy preke op in moarn. Doe sei er: "Wie twee koeien heeft, moet er één meedelen." Der siet dy moarns in froutsje yn 'e tsjerke, dy hie dy wurden heard. Hja waerd geweldich troch dy wurden oanrekke. Hja siet dêr sa fol fan, dat doe't se thús kaem wie 't earste dat se tsjin 't mantsje sei: "Man, hwat hat de pastoar fan 'e moarn moai...
