机构
Keywords

没有匹配该搜索的Keywords

Danish Keywords

没有匹配该搜索的Danish Keywords

Dutch Keywords
显示更多Dutch Keywords
German Keywords

没有匹配该搜索的German Keywords

Icelandic Keywords

没有匹配该搜索的Icelandic Keywords

Place Mentioned

没有匹配该搜索的Place Mentioned

Place of Narration
Narrator Gender

没有匹配该搜索的Narrator Gender

close
找到16个数据集
Dutch Keywords: vangen Place of Narration: Drachten
De doomny út 'e Koaten stie op in snein op 'e preekstoel. Wylst seach er in fisker, dy't oan 't fiskjen wie. Doomny mocht sels o sa graech fiskje, dat syn gedachten wienen hyltyd by de angel fan 'e fisker, en sa nou en dan seach er dy kant út. De fisker krige byt en helle op. Doomny wie sa bot fordjippe yn 'e fiskerij, dat hy rôp: "Waarachtig een karper!"
Der wie us in doomny dy koe omraek preekje. Mar hy mocht de dingen graech hwat forgreatsje en dêr koe de gemeente min oer. Op in kear hâldde de tsjerkerie dêr in forgadering oer. Hwa fan har wie sa moedich om it doomny ûnder 't eech to bringen dat er de saek forgreate? Sy sieten oant let op 'e joun byelkoar, mar der wie net ien dy't doarst. Doe kom de...
Mannetje Tinderlanteen en de frou Isebel wennen ûnder in pispot. It mantsje giet to fiskjen en hy fangt in prachtich moai gouden fiskje, en dat fiskje sjocht him sa oan en smeekt him, dat it wol sa graech wer yn 't wetter, dat hy krijt meilijen en smyt it der wer yn. It fiskje komt wer boven en seit: "As dank meije jo trije winsken dwaen." Mannetje...
Der kaem ris in as frou forklaeide keardel op in joun by in boer. "Kin ik hjir oernachtsje?" frege dy. De boer liet har der yn, mar hy fortroude 't net. Hy sei tsjin 'e feint: "Net fuortgean dû. Smyt dû m aenst hwat nuten ta." Dat hat dy feint dien. Doe heinde dat frommes de nuten op wylst hja de knibbels tsjin elkoar oan klapte. Doe wie 't biwezen dat it...
Yn Suwâld, dêr sieten in pear opsketten jonges to fiskjen. Doe kom doomny dêr lâns fytsen. Hy sei: "Kunnen jullie mij de weg naar Leeuwarden ook zeggen?" "Och, bliksem," sei de iene, "'k hie krekt byt." "Foei, foei," sei doomny, "zo kom je niet in de hemel!" Doe sei ien fan 'e jonges tsjin him: "Dû wytst de wei nei Ljouwert net iens. Hoe soest de wei nei...
De jonges sitte yn 'e skoalle, mar sy ha gjin oandacht foar hwat meester har fortelt. Dêr komt meester ta de ûntdekking, dat se mear oandacht ha foar in mich dy't yn 't lokael omfljocht as foar de lessen. Meester seit tsjin 'e jonges: "Opgelet! Julle moet beter naar mij luisteren. Laat die vlieg maar met rust." Mar it holp net folle, hwant de hiele klasse...
Der wie in earm mantsje, dy fong in papegaei, dy't útnaeid wie. Doe sei dy papegaei: "Ik gaf wel honderd gulden als ik mijn baas maar weer had." Doe't dat mantsje dat hearde, tocht er: "Dan bring ik him gau toplak." Hwant hy wist wol fan hwa't de papegaei wie. De baes wie bliid dat er de papegaei wer hie. "Hwat bileanning matte jo ha?" sei er. Doe sei dat...
In man en in frou, dy wennen yn in soarte fan hutte yn 'e wâl. Se hienen it och sa earmoedich. De man mocht graech fiskje. Hy sei tsjin 't wiif: "Ik gean der mei de angel op út." "Och, hwat silstû to fiskjen dwaen", sei se. "As ik hwat fang, dan nim ik it mei," sei er, "men kin noait ris wite." Hy fangt in fisk, en dy docht er fan 'e heak. "Sjesa," seit...
Brouwer fan Drachten fortelde: Ik stie op 'e Feenhoop to fiskjen, mar ik fangde oars neat as allegear fan dy lytse snoekjes. It woe net. Mar ik ha 't ek oars meimakke. Hjir sitte ek grouwe. Dat ha 'k mei eigen egen sjoen. Hjir stie fleden wike in skiep op 'e kant fan 'e feart to drinken. En dêr komt in snoek oanswemmen en dy pakt dat skiep beet. En dat...
Ergens op in plak founen se alris in beest, dat allegearre bulten makke en alles ûnderstoboppe helle. 't Wie in mol, mar net in minske yn dat plak dy't sa'n beest ea sjoen hie. Allegear wienen se warber om it beest to fangen, mar dat retten se net op. Op 't lêst wie der in âld wyfke, dat fangde him. Doe sei se tsjin dy mol: "'k Sil dy de swierste straf...
Der siet in man to fiskjen by 't wetter en doe wie dêr tichteby in boer oan 't ploegjen. De boer sei tsjin dy man: "Wol 't hwat bite?" Doe sei er: "Ik ha noch gjin byt sjoen. Mar ik ha hjir fleden wike in dikke snoek fangd, dy wie wol fjouwer meter lang." "Nou," sei de boer, "dat is hjir in eigenaerdich plakje. Hwant ik wie hjir lêstendeis an 't ploeijen,...
Op 'e Feenhoop by de feesttinte tsjin 't wetter oan dêr stie in man to fiskjen. Doe gong ik nei him ta mei in eintsje tou. Dêr hie 'k in hurde hynstefiich mei in stientsje oan boun. Doe sei dy fisker: "Mei sok spul kinne jo dochs neat fange?" Ik sei: "Jawol, wachtsje mar ris." It duorre even, doe helle ik op. Doe sei de fisker: "Hwat fange jo nou?" Doe...
Op it merkeplein yn Drachten kamen froeger altyd frachtriders mei hynder en wein. Sa wie dêr ek ris in kear de frachtrider fan Aldegea. Dy syn hynder skiet dêr op 'e merk. Ik hie in bakje mei in ein tou der oan en dat bakje sette ik omkeard oer de hoop stront hinne. Doe gong 'k yn 't hok fan Van Leer sitten. Doe kom dêr in man oan fytsen. Ik sei tsjin...
Der wie us in doomny, dy gong nei in âld-minske op bezoek. Mar de jonge wie allinne thús. Doomny frege: "Hwer is jim mem?" De jonge sei: "Mem rint to skoaijen." "Hwer is jim heit?" frege doomny doe. "Dy is yn 'e bosk op jacht. En hwat mear as er fangt, mei hwat minder as er thús komt." "Dat kin net", sei doomny. "Dat kin wòl", sei de jonge. "Hwat docht er...
Imke koe minsken samar stil stean litte. Hy koe se ek samar útklaeije litte. Se koenen him net sa bot opslute of hy koe der út komme. Doe't er ûnder tsjinst wie woarde er fuortjage. Sy koenen dêr neat mei him wurde. Hy krige oarder, dat hy moest om tolve ûre de stêd forlitte. De wacht moest melde as hy der wie. Doe gebeurde it eigenaerdige dat Imke der op...
Yn 'e Oerterper feart fangde Foppe Hepkes (Wouda) in snoek. Dy wie twintich poun. Hy tocht, dy meitsje ik iepen. Doe helle hy der in snoek út fan tolve poun. Dy snie er èk iepen. Dêr helle er in snoek út fan acht poun. "Doe hie 'k twintich poun snoek", sei er. (Foppe Hepkes wie de broer fan Jan Hepkes fan 't Surhústerfean)
16