机构
Keywords

没有匹配该搜索的Keywords

Danish Keywords

没有匹配该搜索的Danish Keywords

Dutch Keywords
显示更多Dutch Keywords
German Keywords

没有匹配该搜索的German Keywords

Icelandic Keywords

没有匹配该搜索的Icelandic Keywords

Place Mentioned

没有匹配该搜索的Place Mentioned

Place of Narration
Narrator Gender

没有匹配该搜索的Narrator Gender

close
找到7个数据集
Dutch Keywords: uitkomen Place of Narration: De Westereen
Wy gongen as fammen wol nei de wiersizter. Dat wie de widdou Plantinga. Wy moesten in dûbeltsje jaen om de takomst to fornimmen. Hja koe kopkekike. Hja seach yn 't kofjedik. Hja sei: Dat acht je net, Dat foracht je net En dat ûntgiet je net. Dêr is in swarte jonge, dêr is in blonde jonge, dêr komt in brief. Froeger op Ljouwerter Merke wie in tinte, dêr...
In moart komt út, al sille de fûgels 't ek útroppe, sei mem.
As in faem de hoasbannen krúst foar 't bêd leit, dan komt har takomstige man foar 't bêd to stean. Dan kin hja sjen mei hwa't hja trout. In nicht fan my fan 'e Sânbulten hat it dien. It is krekt sa útkom.
In swarte spegel hienen jy froeger op 'e merken. Dêr koe men de takomst yn sjen. Ik hearde sizzen fan in man - dat wie Knjillis, ik haw him tige skoan kend - dy gong ek nei de swarte spegel ta. "Ik wol wite hwatfoar wiif ik krij", sei er. Doe't er dan yn 'e spegel seach, seach er in frommes. En dat wie werkelik Marij, dêr't er letter mei troud is. It wie...
't Gebeurde èk op in nacht, doe seach er syn dochter dea lizzen yn 'e dobbe. Dy hie harsels forsûpt. 't Kaem krektsa út. In pear dagen letter wie 't doe gebeurde 't echt. Doe foun er har yn 'e dobbe.
Letter hie Jan Visser nòch sa'n gefal, nou mei syn eigen jonkje. Doe wie er al troud en hy wenne yn Kollum. Dat wie doe't syn jonkje stoar. Hy soe der krekt even op út mei syn mem, dy't by har yn wenne. Sy stienen al yn 'e gong. Doe sei Jan: "Gean even oer side tsjin 'e muorre oan stean." Hja gongen oer side. Der gong in kistje foarby. Jan seach it, syn...
Der wienen in jonkje en in famke, dy hienen net in mem mear. Har heit wie wer troud en nou bihandele dy styfmem de beide bern o sa min. Op in kear krige it jonkje in kantsje fan har mei. Dêr moest er oalje yn helje. Mar hy moest foaral goed oppasse dat it kantsje net briek, sei se. It jonkje gong mei it famke op stap om oalje. Underweis sei 't famke: "O...
7