机构
Keywords

没有匹配该搜索的Keywords

Danish Keywords

没有匹配该搜索的Danish Keywords

Dutch Keywords
显示更多Dutch Keywords
German Keywords

没有匹配该搜索的German Keywords

Icelandic Keywords

没有匹配该搜索的Icelandic Keywords

Place Mentioned

没有匹配该搜索的Place Mentioned

Place of Narration
Narrator Gender

没有匹配该搜索的Narrator Gender

close
找到7个数据集
Dutch Keywords: twee Place of Narration: Augustinusga
Yn 'e buert fan Zoutkamp wenne in boer dy hie in jonge fan sechstjin jier yn tsjinst. Dy jonge stie foar neat. Hy sei sels wolris dat er foar gjin duvel bang wie. Der wienen ek twa arbeiders by dy boer, dy tochten: "wy matte dy jonge oars al ris bang meitsje." Doe gong ien fan har ris mei in wyt lekken om op in houtsje sitten dat oer in wyk lei. 't Wie...
Yn it Oast fan Stiensgea stiet in pleats dêr wennen froeger twa bruorren op. Dy hienen twa kedden op 'e stâl stean. It gebeurde soms dat se op in joun of op in nacht in ôfgrysliken lawaei hienen. Dan gong it der sa bot oan wei as kaem it hiele hûs fan boven. As se der hinne gongen wie der neat to rêdden. Mar wol wienen de kedden dweiltrochwiet fan swit....
De boer wie mei syn feint oan 't wurk op it lân. Doe sei er tsjin 'e feint: "Ik krij sin oan hwat. Mast even nei de boerinne tagean en dan mast sizze datst twa aeijen ha mast." De feint giet nei de pleats. De boerinne en de faem binne togearre. "De boer hat sein, ik moest jim beide even topakken ha", sei de feint. "Dat kin net," sei de frou, "dat hat de...
To Stiensgea wennen twa bruorren, dy buorken togearre. Op in kear moesten dy beiden nei Surhuzum ta to melken. Dêr hienen se it fé rinnen. Sy wennen achter de Bosk. 't Wie doe noch in sânpaed, nou is it in forhurde wei. Hja sieten togearre op 'e wein. Doe sweefde der samar ynienen in frommeske njonken har lâns. Sy sei neat en bleau de beide bruorren...
Yn Bûtenpost wienen in man en in frou út to jounpraten. De dochter hie twa froulju by har to jounpraten noege. Sy dienen it dy jouns hiel mâl en seinen rare dingen. Se wedden der om hwa't it dy jouns it raerst opsizze koe. De jouns let gongen de fammen fuort. Doe wie der har in pleachbeest op side kom, 't like in hiele dikke swarte houn. Earst bleauwen se...
Yn Surhuzum wennen de Kloostermannen. Dat wienen earst rare. Dat wie om 't oare wurd bliksem, duvel, ja en noch folle slimmer. Twa bruorren Kloosterman kommen ris togearre út 'e kroech. 't Wie op in joune let. Sy gongen elk in kant út. De iene forflokte ûnderweis God en syn gebot. Hy roan in stik lân del om thús to kommen. Doe woarde er ynienen mei syn...
Jan Hepkes hie twa dikke Dútske doggen. Dy neamde er Hokker en Welker. Op in kear frege ien him: "Hoe hyt dy houn?" "Hokker", sei Jan. "Dyselde", sei de man en hy wiisde him oan. "Hokker", sei Jan. De man tocht: "Ik forstean 't net goed" en doe sei er: "Hoe hyt dy oare?" "Welker", sei Jan. Doe wie dy man der mei oan.
7