机构
Keywords
没有匹配该搜索的Keywords
Danish Keywords
没有匹配该搜索的Danish Keywords
Dutch Keywords
显示更多Dutch Keywords
German Keywords
没有匹配该搜索的German Keywords
Icelandic Keywords
没有匹配该搜索的Icelandic Keywords
Place Mentioned
没有匹配该搜索的Place Mentioned
Place of Narration
Narrator Gender
没有匹配该搜索的Narrator Gender
Njonken bakker Welling oan 'e Hearrewei stiet in boereplaets, flak by de skieding fan 'e beide gemeenten. Mem sei, dêr hâldden froeger altyd pleachbeesten op dat plak ta.
Drachten
Heit fortelde: Omke Gjert fan Sumarreheide wie op in nacht op in paed. Doe seach er in neaken berntsje foar him op rinnen. Hy tocht: - hoe komt dat berntsje hjir, ik mei 't wol gau mei nimme - Mar doe't er dat berntsje pakke soe, doe fleach it yn in dobbe. En 't wie wei.
Yn 't Westen fan Aldegea wienen inkelde lantearnen by de wei lâns. Dy joegen mar in bytsje ljocht. Op in joun let moest ik de kant út nei Earnewâld ta. Doe't ik by de earste lantearne wie, kom der my in houn op side. It wie in houn sa great as in keal en alhielendal swart. Ik woarde binaud. Hy roan stiif njonken my lâns. Doe't ik nei syn kop seach woarde...
Der wienen ek guon dy ha by 't Blauhûs in beest sjoen, great en swart en dat rattele mei kettings.
Ingbert Jelsma fan Oerterp fortelde, hy wie ris in kear oan 't fytsen, doe woarde er samar mei fyts en al opnom en even letter op 't selde plak wer delset. En der hie neat to sjen west.
It lean Der wie ris in ridder en dy woe to jeijen mei syn freonen. En doe praetten se ôf dat oare moarne yntiid soene se mar fuortgean to jeijen. En de oare moarne doe komme syn freonen der allegear mei har hontsjes en doe soene se fuort, mar dy ridder dy sei: No, jim moatte mar fuortgean, mar ik kin myn houn op 't momint nerges fine. Ik sil him even...
Tusken tolven en ienen is 't yn 'e nacht nergens feilich. Ik haw in man kend yn 'e Houtigehage, as dy even nei tolven út 'e kroech kom, gong er dêr sitten oan 'e kant en hy gong net earder de wei út as it moest earst ien ûre wêze.
Sahwat midden op 'e Rottefalster skeanpaden, tichte by 't nije tsjerkhôf, spoeke nachts altyd in neaken berntsje.
Hindrik Meijer fortelde: Ik kom by Meine At wei yn 'e Grinzerpein. 'k Wie rinnende. Underweis hearde 'k allegear stappen njonken my. As ik stean bleau, hearde ik noch ien, twa, trije stappen. Dan roan ik wer fierder. Wer hearde ik de stappen njonken my. Bleau ik stean, dan wer ien, twa, trije stappen. Mar ik seach neat. Ik kom op 't lêst op 'e wei, dy't...
Ik wie us op in joun oan 'e Skieding, tichte by Jehannes van der Wyk, yn 'e buert fan 't tsjerkje. 't Wie blêdstil waer, der wie net in sigentsje. Ik hie wolris heard, der binne beammen dy meitsje nachts leven. Dat hat doe ek sa west.
De blêdden fan 'e beammen makken dêr ynienen in leven, it wie ôfgryslik yn ien wurd. Sy klepperen der oer. Hoe koe dat nou?
Ik soe us in kear op in joun nei hûs ta. 'k Wie op 'e sintelwei, hjir yn 'e bocht. 't Wie roettsjuster. Doe wie dêr in keardeltsje. 't Wie och sa'n lyts keardeltsje. Ik sei: "Goeijenavend." Mar der kom him gjin lûd út 'e mûle. Ik die in pear stappen fierder. Doe wied er wer njonken my. Ik sei wer goeijenavend. Hy sei wèr neat. Doe taestte ik der op. Ik...
As wy nachts hearden dat it op in flaechsbraken gong, koe men der mar fan op oan dat it de oare deis gebeurde.
Myn frou komt fan Boarnburgum. Doe't ik noch forkearing mei har hie, reizge ik nei har ta op 'e fyts oer de Himmen. Op in saterdeijoun wie 'k dy kant wer út. Doe't ik oan 'e Himmen ta wie, woe de carbidlantearne net mear brânne. En 't wie ek noch in nijen. 't Wie al yn 'e lette hjerst en 't wie allegear bosk om my hinne. 't Wie slecht waer. Ynienen stiet...
Yn 'e Feanster Omloop wenne froeger Japik Kikkert (= van der Bij). Der lei in greate gracht achter syn hûs. Dêr wienen us twa bern willemoeds yn fordronken troch de minsken dy't doe yn dat hûs wennen. Sûnt dy tiid roannen dy bern nachts altyd om 'e dobbe hinne.
De skuorredoarren, as dienen se dy jouns nòch sa fêst, dy stienen de oare moarns altyd iepen.
Drachten
Us heit hie in broer, dat wie Willem Meijer. Willem stokje neamden se him altyd. Dy forlear syn earste frou. Hja hienen in dochter, dat wie Geeske. Doe't hja forstoar sei se, Geeske, har âldste dochter, moest al har klean ha. Mar dat gebeurde net. Letter kom dy earste frou alle jounen yn 'e keamer. Doe ha se de doomny der by helle. Dy hat in gebet dien en...
Auke Hornstra Rustoord, Drachten (B99) (komt fan Goutum (B57a)) fortelt: Yn Goutum wie in hûs, dêr spoeke it. Dêr dounse in pispot by in frou op 't bêdsbuordtsje.
By Boelensloane om, sahwat tusken it Blauhûs en de Boelensloane, roan in fôlle om mei in brijpot om 'e hals, wie 't sizzen altyd.
Drachten
Giet men de Omloop del nei Surhústerfean ta dan komt men it spultsje fan Japik Kikkert foarby. Dêr stie nachts altyd de Skûrdoar iepen. Dy koe net ticht, hwant it spoeke dêr.
Dêr hie in frommes har ophong.
