机构
Keywords
没有匹配该搜索的Keywords
Danish Keywords
没有匹配该搜索的Danish Keywords
Dutch Keywords
显示更多Dutch Keywords
German Keywords
没有匹配该搜索的German Keywords
Icelandic Keywords
没有匹配该搜索的Icelandic Keywords
Place Mentioned
没有匹配该搜索的Place Mentioned
Place of Narration
Narrator Gender
没有匹配该搜索的Narrator Gender
Op 'e Suderdwarsfeart hjir to Drachten hat in man wenne, dy wie mei de helm geboaren. Dy moest alle bigraffenissen út 'e omkriten sjen. Dêr moest er wit hoe faek om fan bêd ôf.
Piter de Graaf wie mei de helm geboaren. Hy wenne op 'e Suderdwarsfeart by de âlde sûkerfabryk. Nachts gong hy der faek op út om bigraffenissen to sjen.
Der leefden ergens minsken, dy wienen o sa rûch. Op in kear doe kom doomny by har. De mem wie mei de jonge thús. It âld minske seach doomny oankommen. "Jonge", sei se, "jow my gau de bibel. Hy leit op 'e kast." De jonge docht it. Doomny komt deryn. "Lêze jo?" freget er. "Ja, doomny," seit se, "ik mei graech in kapitteltsje oer 't goede lêze." "Mar jo ha...
Der wie in Ingelse parachutist, dy kaem del. In man en in frou, dy wennen dêr achter del, en dy fongen dy parachutist op. Hja koenen gjin Ingels forstean, mar de parachutist koe ek in bytsje Dúts en dêr forstienen se àl hwat fan. Mar se hienen mar ien bêd. Affijn, dy Ingelsman koe ek net bêst yn 't achterhús lizze, dat se seinen, hy moest mar by har op...
Ien dy't mei de helm geboaren wie, wie kûgelfrij. Paul Krüger wie ek kûgelfrij. Hy wie ek mei de helm geboaren en moest alles sjen. Nachts moest hy der út. Dan seach er bigraffenissen.
Hy wie heldersjende.
Der wie in doomny, dy wie by de pastoar to praten. De pastoar sei, hja as katholiken leefden folle reiner as de doomnys. "Dat leau ik samar net," sei de doomny, "ik ha 't wolris oars heard." "Ik ha hjir in jonge húshâldster," sei de pastoar, "en dêr kom ik noait oan." "Hwer sliepe jo eins?" frege de doomny him. De pastoar wiisde 't him oan. "En hwer slept...
Der wie in landhear, die sloech mei de boer syn frou om. Dat wist de feint. Op in kear sei er tsjin 'e boer: "Boer, nou wol ik hjir wòl bliuwe, mar ûnder ien bitingst." "En dat is?" frege de boer. "Dat ik ienkear yn 't jier boer wêze mei en jo de feint." "Dêr sil 't net om oer gean", sei de boer. "Ik wol sels wite op hokker dei", sei de feint. "Ofpraet",...
Alde Bearn wenne yn Driemunt. Dy sei us op in moarn: "Ik ha de hiele nacht net slept." Hy sei tsjin ús: "Hwat wie't dêr allegear in leven en hwat in ljocht allegear. 't Gong de hiele nacht troch."
Dat wie op it plak, dêr't nou de rykswei is. Dat hat hy fan tofoaren sjoen.
Der wie us in doomny, dy mocht graech in slokje. Hy siet wol gauris by Aeltsje yn 'e herberch en dan bleau it net by ien en twa. Op in snein doe siet er yn 'e preekstoel. De âlderling lies de tekst foar út 'e skrift, dêr't doomny oer preekje soe. Mar doomny hie de foarige jouns wer by Aeltsje sitten en wie sliepprich. Doe't de âlderling útlêzen wie, siet...
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje. Yn Feansterheide wenne in tsjoenster. Der wienen minsken dy hienen in poppe, dy gûlde de hiele nacht. De mem sei: "Dat docht dat âlde wiif." Doe sei de heit fan it bern: "Ik sil der achteroan." Doe gong er nei de wente fan 't âld-wiif. 't Wie yn 'e nacht. Sy siet yn 'e doar op 'e drompel. Hja hie twa katten by...
Thyl Ulespegel hie him by in smid forhierd. Dy smid hie 't slim drok. Hy gunde syn feinten net in hiele nacht rêst. De helte fan 'e nacht koenen se sliepe, de oare helte fan 'e nacht moesten se yn 'e smederij arbeidzje. Thyl sei: "Hwerfoar mat dat?" "Wel", sei de smid, "dat is sa myn gewoante." Doe't de heale nacht om wie, rôp de smid Thyl, dat hy moest...
Jan Kluwer wie in skjirreslyp. Hy kom út Grinslân of út Drinte, hy praette krûm. Hy hâldde in protte ta yn it folksloazjemint yn Lippenhuzen, oan 'e Bûtenwei by âlde Janne. (har soan hiet Lútsen, dy wie sa klierich) Jan Kluwer hie in forboun mei de duvel. Dat wisten se allegear wol. Hy hie altyd sinten om hannen en fortsjinje died er net. Hy rôp altyd:...
