机构
Keywords
没有匹配该搜索的Keywords
Danish Keywords
没有匹配该搜索的Danish Keywords
Dutch Keywords
显示更多Dutch Keywords
German Keywords
没有匹配该搜索的German Keywords
Icelandic Keywords
没有匹配该搜索的Icelandic Keywords
Place Mentioned
没有匹配该搜索的Place Mentioned
Place of Narration
Narrator Gender
没有匹配该搜索的Narrator Gender
De doomny út 'e Koaten stie op in snein op 'e preekstoel. Wylst seach er in fisker, dy't oan 't fiskjen wie.
Doomny mocht sels o sa graech fiskje, dat syn gedachten wienen hyltyd by de angel fan 'e fisker, en sa nou en dan seach er dy kant út.
De fisker krige byt en helle op.
Doomny wie sa bot fordjippe yn 'e fiskerij, dat hy rôp: "Waarachtig een karper!"
Yn Sumar stie in sekere doomny Biersteker. Op in snein wie 't sa kâld, dat hy fleach fan 'e preekstoel om de jekker op to heljen, dy't yn 'e konsistoarje hong.
En hy sei:
"Hoe langer, hoe gekker,
dominé Biersteker staat nu al in de jekker."
Doomny fan Es fan Boarnburgum hâldde der einen op nei. Dêr waerden him guon fan ûntstellen. Doe sei er op in snein-to-moarn op 'e preekstoel:
"Burgers en boeren van Boornbergum,
ik zeg niet dat ge dieven zijt,
maar ik raak al mijn eenden kwijt."
Der wie ris in doomny dy hâldde der in nuvere gewoante op nei. Hy sloech ûnder 't preekjen altyd mei de fûsten op 'e bibel. De jongerein siet altyd op 'e foarste bank. Dy tochten: "Dêr sille wy ris in grap mei ha." Doe nommen se in doaske punaises mei en dy stutsen se troch in blêd fan 'e kânselbibel hinne, sa dat de punten der bovenút stutsen. Doe't er...
De doomny fan Boornburgum hie einen, mar der woarden him altomets guon ûntstellen, dat op it lêst hâldde er mar in pear oer. Doe gong er op in snein-to-moarn op 'e preekstoel stean en sei:
"Mensen uit Boornbergum en Kortehemmen,
ik zeg niet dat ge dieven zijt,
maar ik raak al mijn eendjes kwijt."
Drachten
To Boarnburgum hat in doomny stien, dy hâldde der einen op nei. Mar dy einen waerden him de iene nei de oare ûntstellen. Hy hie yn 'e rekken hwa 't it dien hie.
Op in snein-to-moarn doe't er op 'e preekstoel stie, sei er:
"Gij mensen van Boornbergum, die gij zijt,
ik zeg niet, dat gij dieven zijt,
maar ik raak al mijn eenden kwijt."
Ergens wenne in doomny, dy stie op in kear to preekjen op 'e stoel. It wie in preekstoel op in poat en it jongfolk hie dy stoel trochsage, tominsten omtrint trochsage. Wylst de doomny oan 't preekjen wie sei er - hwant dat paste sa yn 'e preek: "Als ik kom, dan kom ik haastiglijk." Doe't er dat sein hie joech de stoel bilies. Hy foel yn twaën en de doomny...
In pear jonges soenen op in snein-to-moarn nei tsjerke ta. Mar sy gongen earst op roof út en doe pakten se in ein. Dêr setten se mei nei tsjerke ta. De iene jonge hie de ein ûnder 'e jas. Doomny sei: "Ik zie hem." Donders, tochten de jonges, hy sjocht de ein. Even letter sei de doomny alris wer: "Ik zie hem." De jonges bigounen to switten. Hoe kin dat,...
Sibe de Jong siet us to Kollum yn 'e tsjerke. De preek forfeelde him en hy seach sa nou en dan us op 't horloazje, om to witen hie let it wie. Dat krige doomny yn 'e gaten en hy spriek fan 'e kânsel ôf:
"Het gaat niet om de tijd,
maar om de eeuwigheid!"
Der wie us in doomny, dy hie in baerch slachte. Njonken 'e pasterije stie in arbeiderswente, dêr koenen se bêst in stik spek brûke. Dy minsken hienen in jonge, dy wie in bytsje ûnnoazel. De heit sei tsjin him: "Sille wy fannacht dy baerch slachtsje?" Dêr wie dy jonge wol foar to finen, dat dy nachts snapten sy dûmny syn baerch. Doe koenen se dan de oare...
Der wenne froeger in doomny yn Grinzer Pein. As dy op 'e preekstoel stie sneins sloech er altyd mei de fûsten op 'e beide kanten. In pear ûndogense jonges wie dat opfallen en doe hienen se op in kear in pear spikers oanbrocht oan 'e beide kanten mei de skerpe einen omheech. Dy sneins preke doomny wer en doe sei er: "Wie heeft de wereld geschapen? Ik zeg:...
Sa'n tachtich jier lyn stie der yn Boarnburgum in doomny, dy hie tsien einen. Sy hienen him njoggen einen ûntstellen, der wie mar ien ein mear oer. Op in snein-to-moarn sei er fan 'e preekstoel ôf: Boornbergumers en Kortehemsters, nu wil ik niet zeggen dat gij dieven zijt, maar ik raak al mijn eenden kwijt. Gister had ik nog tien in de sloot, en nu zijn...
Der wienen trije doomny's, dy kommen faek byinoar. Op in kear wienen se oan 't kaertspyljen. Sy praetten ûnder inoar ôf, sy soenen der net by flokke. Sy setten hyltyd in sint yn. Op 't lêst wie 't in dikke pot. De iene doomny hie in moaije kaert.. "Bliksem," sei er, "duivel, ik neem de hele pot." "Dat doarstû snein-to-moarn net op 'e preekstoel to...
Der wie us in doomny, dy mocht graech in slokje. Hy siet wol gauris by Aeltsje yn 'e herberch en dan bleau it net by ien en twa. Op in snein doe siet er yn 'e preekstoel. De âlderling lies de tekst foar út 'e skrift, dêr't doomny oer preekje soe. Mar doomny hie de foarige jouns wer by Aeltsje sitten en wie sliepprich. Doe't de âlderling útlêzen wie, siet...
De trochseage preekstoel Der stie earne in dominy en dy hie ûnder de preek in hiele bulte meneuvels en drokte. Soms hinge er heal ta de preekstoel út. Doe ornearren de jongfeinten, wy sille him ris te fiter ha. Dy preekstoel stie op ien poat. Doe gongen se hinne en seagje dy poat op in pear milimeter nei troch. Se tochten, as er it no wer sa raar docht,...
Drachten
