机构
Keywords

没有匹配该搜索的Keywords

Danish Keywords

没有匹配该搜索的Danish Keywords

Dutch Keywords
显示更多Dutch Keywords
German Keywords

没有匹配该搜索的German Keywords

Icelandic Keywords

没有匹配该搜索的Icelandic Keywords

Place Mentioned

没有匹配该搜索的Place Mentioned

Place of Narration
Narrator Gender

没有匹配该搜索的Narrator Gender

close
找到10个数据集
Dutch Keywords: onmogelijk Place of Narration: De Westereen
Wy ha ris mei in ploechje jongfolk nei âlde Clara ta west. Dy soe ús de kaert lizze. Mar der wie ien jonge by, dy lake hyltyd. Hy hie mei alles de gek. Doe koe Clara it net dwaen, omdat dy jonge sa lake.
As der in deaden weromkom, dan hellen se der in doomny by. Sa'n deaden hie dan gjin rêst. 't Gebeurde wol dat er net in deadshimd meikrige hie. Sei men 't 'onze Vader' op, dan gong sa'n ien fuort.
Wie de tsjerne bitsjoend, dan koenen se gjin bûter krije. Dat gebeurde froeger faek. Dan gongen se nei Wopke ta om ried.
To Hurdegaryp is in hekke, dy't se net ticht hâlde kin. Unbikende machten meitsje him iepen.
Wy setten froeger krusen oer de wei foar de tsjoensters, dan koenen se der net oerhinne komme. Tsjoensters woarden noait by 't fé litten. Hwant dan woarden de beesten siik en stoaren se.
Yn Hurdegaryp, dêr't dokter Bontekoe wenne hat, koe de hekke noait ticht bliuwe. Der roannen froeger faek fékooplju fan 'e Westerein nei Ljouwert ta. Dy moesten by dy hekke lâns. Guon ha sjoen, dat se dêr iderkear deakistjes fan lytse bern dwars oer de wei ta de homeije yndroegen.
Oan dit singeltsje wennen Jan Wessels en Hindrikje. Jan Wessels woarde siik, mar doe't er op syn stjerbêd lei, koe de man noait dea. Doe kom Jan Oenes der oan. Dy gong nei him ta en doe wied er samar dea. Jan Oenes hie him bitsjoend. Dy moest earst komme, earder koed er net stjerre.
As bern gong ik wol mei to wjudden nei Grinslân ta. Yn 'e Mieden fan Uthuzen stie in great boerespul, dêr stienen de beesten altyd los op 'e stâl. Makken se se jouns fêst, de oare moarns wienen se grif wer los.
Ik wie in lyts fanke. Om in ûre of ien yn 'e nacht bigoun ik altyd to razen. Der siet in raer, swart ding, dat seach ik en dêr wie ik binaud foar. Heit sei: "It bern is bitsjoend, ik sil nei Wopke ta. Wy krije sa net in wink yn 'e egen." Mar as er dan nei Wopke ta soe, wie 't wer oer. Dat wist de tsjoenster. Dat wie Sytske van Assen. Mar heit is doch nei...
De biwuste hekke to Hurdegaryp gyng (giet) altyd fansels wer iepen.
10