机构
Keywords
没有匹配该搜索的Keywords
Danish Keywords
没有匹配该搜索的Danish Keywords
Dutch Keywords
显示更多Dutch Keywords
German Keywords
没有匹配该搜索的German Keywords
Icelandic Keywords
没有匹配该搜索的Icelandic Keywords
Place Mentioned
没有匹配该搜索的Place Mentioned
Place of Narration
Narrator Gender
没有匹配该搜索的Narrator Gender
Myn suster woarde siik. It like net bêst. Doe seinen de lju: Sy sil wol bitsjoend wêze. Doe stjûrden heit en dy my mei har wetter en sa nei Jonge Jan ta fan 't Wytfean. Dat wie in duvelbander.
Mar doe't hy it wetter bisjoen hie, sei er: "Hja is net bitsjoend." En hy skodde de holle.
Doe wist ik it oare wol. Al gau dêrnei is se stoarn.
De Westereen
Der wienen in man en in frou, dy krigen trije kearen achter elkoar in jonge. De earste wie in readen-ien, de twadde wie in blonden, en de trêdde in witen. De man seach dêr hiel nuver tsjin oan. Hwant hy en syn wiif wienen tige donker, omtrint swart. Hoe koenen nou dy trije jonges sok hier ha. Hy krige mear en mear argwaen en bigoun der oan to twiveljen of...
Der wie in man, dy fielde him net goed. Hy hie lêst, sei er, dat gong omheech en omleech, dan hie er it wer boven yn 't lichum en dan wer ûnder yn 't lichum. Hy gong nei de dokter ta. Dy ûndersocht him en doe sei er: "Ik kin neat fine. Jo matte oer fjirtsjin dagen mar ris wer komme en dan matte jo jou wetter meinimme." Dat die dy man. Doe't de dokter dat...
Der wienen in feint en in faem, dy hienen forkearing. It fanke wie tige sinnich. Hja woe wol in man ha, mar dêr moest neat oan dy man mankeare. Hy moest kant fan liif en lea wêze en soun nei lichum en geast. Hja hie al forskate feinten hawn, mar 't bisloech noait goed. Der mankearde neffens har altyd hwat oan. As it oan trouwen ta wie dan moest dy feint...
Der wie in vliegenier, dy wie by de K.L.M. Hy makke in flucht oer de oséaen en oer Frankryk en fleach sa wer op ús lân yn. Hy hie ek in stewardess by him. Dy makke altyd deselde route mei him. Mar dy stewardess wie wol gauris net yn oarder. Doe kommen se ris in kear by in Frânse dokter lâns. Dêr daelden se en de stewardess gong dêr hinne. Doe't de dokter...
De Westereen
