机构
Keywords
没有匹配该搜索的Keywords
Danish Keywords
没有匹配该搜索的Danish Keywords
Dutch Keywords
显示更多Dutch Keywords
German Keywords
没有匹配该搜索的German Keywords
Icelandic Keywords
没有匹配该搜索的Icelandic Keywords
Place Mentioned
没有匹配该搜索的Place Mentioned
Place of Narration
Narrator Gender
没有匹配该搜索的Narrator Gender
Bontsje Keke wie mei de helm geboaren. Hy wenne yn Twizeler Heide. Nachts moest hy der út as der lykstaesjes wienen. Soms woed er net. Mar hy moest. Dan waerd er twongen. Soms yn 'e ûnderbroek en op bleate fuotten der op út yn 'e nacht. Sa hurd moest er dan. Dan gongen de hekken foar him iepen. Hwant hy moest op tiid wêze. Hy hat ek de bigraffenis fan syn...
De Westereen
Ien fan 'e sawn dochters út in gesin is in nachtmerje. De nachtmerje komt troch 't kaeisgat yn 'e huzen. Hja komt yn 'e nacht by de minsken en klimt by har op. Hja bigjint by de fuotten en komt op 't lêst by de hals. Men heart har faek wol oankommen. Set men de toffels mei de hakken tsjin 't bêdsket oan, dan komt se net by jin, wol men ha. Moal struije op...
To Hurdegaryp wie in hekke dy't nachts altyd om deselde tiid út himsels iepen gong.
Guon dy't mei de helm geboaren wienen moesten bigraffenissen sjen, dy't in dei of hwat letter pleats founen.
Hja moesten dan faek yn 'e nacht fan bêd ôf om to sjen.
De Westereen
Yn Wierum wie in bonkekelder op 't tsjerkhôf. Twa mannen seinen tsjin in jonge: "Doarstû dêr fannacht 12 ûre wol in deadskop út to heljen?" "Hwerom net?" sei de jonge. Hy wie net bang. Doe gongen dy beide manlju even foar tolven nei de bonkekelder. Dêr gongen se ynelkoar dûkt sitten mei in ljocht kleed om har hinne. De jonge kom der oan doe't it tolwe ûre...
Yn 'e Westerein wenne in man, Bontsje Keke. Se seinen, dy wie mei de helm geboaren. Dy seach nachts lykstaesjes. Dy mòest er sjen, dan koe er net op bêd lizzen bliuwe.
In pear dagen letter wie dan meastal de èchte bigraffenis.
Mar hy hie dan alles al fan tofoaren sjoen.
De Westereen
Der wie ek in tsjoenster hjir dy boarte yn 'e nacht mei popkes. Dy liet se op 'e tafel roundounsje en se stuts der nou en dan mei spjelden yn.
Jan en Tryn soenen der togearre op út to iten op in joun. Hja soenen ek by dy minsken oernachtsje. Tryn iet altyd to folle, mar hja praetten ûnderweis togearre ôf, as it foech joech mei iten op to hâlden, dan soe Jan har op 'e foet traepje. Mar doe siet dêr in houn ûnder 'e tafel. Tryn wie noch mar krekt oan 't iten of dy houn trape har op 'e foet. Tryn...
It is hjir wolris gebeurd dat der ien by nacht oan kant set waerd, as der in lykstaesje passearde, sûnder dat dyselde hwat seach. Men mat dêrom by nacht noait op it midden fan 'e wei rinne.
De Westereen
Der wie in pastoar, dy preke op in moarn. Doe sei er: "Wie twee koeien heeft, moet er één meedelen." Der siet dy moarns in froutsje yn 'e tsjerke, dy hie dy wurden heard. Hja waerd geweldich troch dy wurden oanrekke. Hja siet dêr sa fol fan, dat doe't se thús kaem wie 't earste dat se tsjin 't mantsje sei: "Man, hwat hat de pastoar fan 'e moarn moai...
Der wienen in man en in frou, dy soenen op in joun to praten en dan in nacht oerbliuwe. Se soenen dêr de jouns ek mei waerm ite. De man koe geweldich ite. Hy rekke noait sêd. Doe sei de frou tsjin him: As it iten aenst op tafel komt mastû net tofolle nei binnen slaen, hear. As ik dy op 'e foet traepje mast ophâlde fan iten. De man biloofde dat en sy...
Nachts mat men op jins hoede wêze bûtendoar.
Us mem plichte to sizzen:
De wegen bin goed
as der jin neat ûntmoet.
De Westereen
Alde Piters Willemke, as dy der op út wie to tsjoenen, dan lei der by har thús in grouwe pânse op bêd. Dêr slepte Piter dan nachts by.
Betsje wenne froeger yn Kûkherne. Hja hienen keallen, dy hienen se achter 't sket. Betsje har man dy wie der altyd op út to werken, dan bleau er soms wiken oanien wei, dan wie Betsje allinne thús. Dy forsoarge de keallen dan. Op in kear sei Betsje tsjin har suster: "Ik doar hjir net mear allinne to bliuwen, hwant alle nachten om tolve ûre binne de keallen...
De Westereen
Ik wie noch in famke. Doe woarden ús mem en ik op in nacht klear wekker. Wy hearden beide ús buorfrou roppen: "Myn leave pop! Myn leave pop!" Sy jammere it út. It lûd kaem by de feart wei. Wy makken gau dat wy der ôf kamen en doe gongen wy nei it hûs fan buorfrou ta om to sjen hwat der oan skeelde. Mar dêr wie neat to rêdden: buorfou lei moai to sliepen....
Foartjirmerij wie hjir in hiele protte froeger. Men hearde timmerjen yn 'e nacht, dan kom dêr letter in hûs to stean. Men seach in hûs yn 'e brân, dat brânde dan pas letter op. Men hearde om help roppen yn it wetter. Letter fordronk der ien op dat plak.
De Westereen
Men moat by nacht noait midden oer de wei rinne. It is faek gebeurd dat ien dan in stomp krige fan in lykwein, dy't passearde. Men mat nachts altyd rûmte jaen op 'e wei. Men kin noait witte of der soms in lykstaesje yn oantocht is, dy't men net sjocht.
De Westereen
By de spoarbrêge yn 'e Westerein doarmen yn 'e nacht altyd in pear berntsjes om, dy hienen gjin holtsjes.
Dêr doarsten froeger de minsken by nacht net lâns.
't Gebeurde ek wol op guon pleatsen, dat der de nachts tsjerne woarde sûnder dat der in hynder foar de tsjerne roan. Dat wie dan foartjirmerije.
