机构
Keywords
没有匹配该搜索的Keywords
Danish Keywords
没有匹配该搜索的Danish Keywords
Dutch Keywords
显示更多Dutch Keywords
German Keywords
没有匹配该搜索的German Keywords
Icelandic Keywords
没有匹配该搜索的Icelandic Keywords
Place Mentioned
没有匹配该搜索的Place Mentioned
Place of Narration
Narrator Gender
没有匹配该搜索的Narrator Gender
Warmolds wie in boerke. Hy hat as oefener hjir yn 'e Harkema it Kristendom brocht. It folk wie hjir tige rou en rûch. Doe't hjir it evangeelje kom nom dat in hiele kear. 't Folk woarde biskaefder. Warmolds kom fan Stiensgea. Hy woe hjir in tsjerkegebou delsette. Mar hwer moest dat komme to stean? Op in nacht roan Warmolds troch de Harkema. Hy roan by 't...
Der wienen acht jonges, dy wienen yn in wyk oan 't swimmen. Doe kaem dêr de boer syn dochter oan, dy moest oer de planke hinne om thús to kommen. Doe seinen dy jonges: "Dû komst der net oer." "Ik màt der oer", sei se. "Nou, dan op ien bitingst", seinen se. "Wy lizze alle acht ús lytse jonges op 'e planke oan wjerskanten. En op dy sinen ast trapest, dy...
In wikseldaelder rekke noait op. Mar jy moesten him noait hielendal út jaen.
Dy't in wikseldaelder ha woe gong mei in swarte kat om 't tsjerkhôf hinne. Dat died er trije kear. En dan rôp er: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?"
De trêdde kear wie der ien, dy nom de kat en hy krige der in wikseldaelder foar yn 't plak.
Harkema
Doe't wy yn Stiensgea wennen hienen wy ris op in kear to jounpraten west. Doe't wy weromkamen, wie der my hyltyd in kat foar de fuotten. Mar it fremde wie, dat ik him net seach, mar myn wiif wol. "Pas op, dû stiest der hast op", sei se. Ik sei: "Hwer is dat ding, dan traepje 'k him yn 'e sleat." Mar ik koe him net sjen. Hy hat mei ús oan hûs ta west. Myn...
Harkema
Der hat hjir yn 'e Harkema in man west, dat wie in sekere Schievink. Dy roan us mei ien op.
Doomny en mefrou roannen der achteroan.
Doomny sei tsjin har: "Hwa't dêr njonken dy man rint, wyt ik net." Doe sei Schievink: "O, dat is de duvel, dy't njonken my is."
Doe is de duvel yn 'e wâl flein.
Tseard van Dekken fan Droegeham hat Imke de Jong de gek al ris oanstutsen. Doe liet Imke him fêst stean. Hy koe net in kant mear út.
Mike Ruerd (= R. v.d. Veen) wie timmerman. 't Wie in rûch man. Op in joun kom er fan 't wurk werom. Hy soe wer nei de Harkema ta en roan de Skeltepaden lâns. It bakje mei timmerark hied er oer 't skouder. Doe kom der him in wite juffer opside. Ruerd sei, hja moest by him weigean, hwant hy woe net mei har huorkje. Doe hie dy wite juffer him pakt en oer de...
Ien dy't in wikseldaelder ha woe, moest in swarte kat oantuge. Mei dy swarte kat moest er trije kear om 'e tsjerke hinne rinne. Elke kear moest er troch de tsjerkedoar roppe: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?"
De trêdde kear woarde dan de doar op in kier dien en de wikseldaelder woarde him foar de kat jown.
Der wie us ien, dy wie frijhwat gebrekkich. Hy koe allinne mar mei in stok rinne. Doe moest er oer in bartsje. Ruerd wie der ek. Dy sei tsjin him: "De stok delsmite!"
Doe sei dy gebrekkige: "Dan kin ik net gean!"
"Dû smytst dy stok del!" sei Ruerd. "Dû kinst wol stappe, siz ik dy."
Doe hie dy man de stok delsmiten en wie sûnder stok oer it bartsje roan.
By deselde boer wie Hearke mei in arbeider oan 't siedsjouwen. Dat sied moest yn baeltsjes nei de siedsouder sjoud wurde; Hearke moest dan de hiele mjilling earst delrinne. Hearke krige syn nocht fan dat rinnen en sei: "Gean dû ris op 'e siedsouder stean, dan smyt ik dy de sekken sied ta." Dat ha se dien en Hearke hie doe it sied yn in omsjoch toplak.
Woe men in wikseldaelder ha, dan moest men trije kear mei in swarte kat yn in sek om it tsjerkhôf hinne rinne. Alle trije kearen moest men sizze: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?"
De trêdde kear woarde de kat jin ôfnaem en krige men der in wikseldaelder foar. Mar dan wie men oan 'e dûvel forkocht.
Edzer Sint, seinen se, hie 'n wikseldaelder.
Harkema
Ik en myn wiif hienen us to jounpraten west nei myn swager Fokke Alma, dy't oan 'e Betonwei wenne hat. Wy gongen werom, doe kom der in grouwe, swarte houn by ús. As wy steanbleauwen, bleau dy houn ek stean. Wy woarden beide binaud. Doe't wy oan ús folke hûs ta wienen, gong myn wiif dêr yn 'e hûs. Ik bleau stean en krige it mes. Mar doe seach er my lyk oan...
Us Sibe en in kammeraet fan him roannen us op it paed, dat nou de betonwei is. 't Wie let yn 'e joun. Doe hearden se dêr op in plak allebeide hyltyd getimmer. Mar der wie neat to sjen.
It duorre net lang, doe kom dêr in nij hûs to stean.
Imke de Jong wie op Hamster Merke. Dêr wie Tseard van Dekken ek, dy wie doe plysje. Dy stuts Imke de Jong de gek oan, mar Imke nom wraek. Hy liet Tseard stean, dy koe net in stap mear gean. Doe sei Tseard op it lêst: "Dû hast my hjir delset, mar hwannear litst my wer gean?" "Dû hast my de gek oanstutsen, dat silst aenst wol gewaer wurde", sei Imke. Mar 't...
As Jan Hepkes der oan kom, dan bigong de fyts in bytsje to skodzjen. Dêr woe de fyts syn blidens mei bitoane. Jan Hepkes brûkte ek wolris in slokje. Hy moest us in kear swinke by de spoarrails yn Hurdegaryp. Doe kom der krekt in Harley Davids oanriden en dy snapte him. Dy smiet him oer de wereld. Dêr lei Jan. De keardel dy't it die naeide gau út. De...
In pleachbeest makket it de minsken lestich.
Mar as men in pleachbeest treft, dan mat men hinnegean en jow sa'n beest in stikje roggebrea.
Dan docht it jin neat en lit jin gewurde. Sa'n beest mat hwat ha to iten.
Sa'n pleachbeeÄ lang dier, helte greater en grouwer as in gewoane houn, mei greate egen en earen. It giet fuotsje foar fuotsje.
Harkema
