机构
Keywords
没有匹配该搜索的Keywords
Danish Keywords
没有匹配该搜索的Danish Keywords
Dutch Keywords
显示更多Dutch Keywords
German Keywords
没有匹配该搜索的German Keywords
Icelandic Keywords
没有匹配该搜索的Icelandic Keywords
Place Mentioned
没有匹配该搜索的Place Mentioned
Place of Narration
Narrator Gender
没有匹配该搜索的Narrator Gender
Op 'e Suderdwarsfeart hjir to Drachten hat in man wenne, dy wie mei de helm geboaren. Dy moest alle bigraffenissen út 'e omkriten sjen. Dêr moest er wit hoe faek om fan bêd ôf.
Piter de Graaf wie mei de helm geboaren. Hy wenne op 'e Suderdwarsfeart by de âlde sûkerfabryk. Nachts gong hy der faek op út om bigraffenissen to sjen.
Yn 't leger wienen guon kûgelfrij. Ik wyt noch wol dat se mei de boere-oarloch yn 'e skearwinkel op 'e Boelensloane fortelden dat der twa boeren wienen, dy wienen kûgelfrij. Altyd roannen dy twa foar it leger op. Dêr skeaten de Ingelsen altyd op, mar dat joech har neat, sy wienen net to reitsjen. Se wienen kûgelfrij. Dêrtroch liet de Ingelsman greate...
Boardzer Bruining fan 'e Boelensloane koe nachts alle lykstaesjes sjen. As der ien wie moest hy der nachts út. Hy wie mei de helm geboaren. As er mei ien oproan, sei er wol gauris: "Gean even oan kant." Dan seagen dy minsken neat, mar hy wòl.
In sekere Jager (Rustoord, Drachten (B99)) fortelt, by 't Sudertsjerkhôf to Drachten wenne froeger in âld man, dy wie mei de helm geboaren. Dy seach fan tofoaren lykstaesjes.
Drachten
Myn broer Hindrik, dy't to Drachten wennet, is mei de helm geboaren.
Guon wurde mei de helm geboaren. As se dy helm biwarje, mat sa'n persoan der nachts út om bigraffenissen to sjen. As se de helm opbrânne is dat net it gefal.
Myn broer is mei de helm geboaren.
Wurdt de helm fan achteren losmakke en en nei foaren oer de holle helle, dan hoeft deselde neat to sjen.
Wurdt de helm fan foaren losmakke en nei achteren oer de holle helle, dan moat er àl sjen.
As jy de helm by in pasgeboaren bern nei boppe ta ôflûke, dan kin dat bern letter yn 'e takomst sjen.
Lûkt men de helm nei ûnderen ta ôf, dan sjocht er net hwat.
Dy't op snein geboaren wurde binne knoffelbân-biners; ek wiersizers (dan matte se ek mei de helm geboaren wêze).
As in helm op in skip is, dan forgiet it skip noait en to nimmer.
Drachten
