机构
Keywords
没有匹配该搜索的Keywords
Danish Keywords
没有匹配该搜索的Danish Keywords
Dutch Keywords
显示更多Dutch Keywords
German Keywords
没有匹配该搜索的German Keywords
Icelandic Keywords
没有匹配该搜索的Icelandic Keywords
Place Mentioned
没有匹配该搜索的Place Mentioned
Place of Narration
Narrator Gender
没有匹配该搜索的Narrator Gender
Ik hie ek in jonkje, dêr helle ik altyd molke foar fan Piters Willemke. Doe sei Willemke op in kear tsjin my: "Doarstû hjir wol molke wei to heljen en dat oan dyn bern to jaen? Dû wist ommers wol hwer't de minsken my foar hâlde, net?" "Ja wis, wit ik dat," sei 'k, "en ûngewosken astû myn bern bitsjoenste, hwant dan komst net levend út myn hannen." Mar hja...
It is gebeurd, dat ik alle dagen mei myn jonkje nei de molkboer ta gong om sûpe. Alle kearen kaem der ek in frommes by de wein, dat wie Minne Brecht, in tsjoenster. Doe woarde myn jonkje net goed.
Doe seinen se tsjin my, ik moest duveldrek ûnder 'e drompel dwaen. Dat haw ik dien. It jonkje wie gau wer better en Minne Brecht kaem net wer.
Heit en dy hienen in stik of fiif koeijen. Mar dy wienen noait goed. Se ha noait fleurich en glânzich west. Se tjirmen. Se seagen der út as geraemten en joegen hast gjin molke. En dochs krigen se genôch to fretten. Jouns kom de molke farsk út it kouwejaer. Dan sette mem fuort guon op 'e kachel, om dy molke to sieden. Mar dan bigoun dy molke altyd direkt...
Sa'n 75 jier lyn is 't gebeurd dat der to Kollumersweach in feint wenne, dy hie forkearing mei in faem. Hy siet op in joun by har op. Doe fornaem er ynienen, dat hja net mear op 'e stoel siet. Ynpleats dêrfan lei der in pânse op 'e stoel. Doe wie dy faem der op út to tsjoenen. Ik haw har skoan kend.
Yn Twizelerheide wenne Hekse Harm. Dy hie in wikseldaelder. Dy hie er fan 'e kweade.
De Westereen
De krânsen dy't se út 'e kessens hellen, waerden forbrând. Dan makken se alles ticht. De skoarstien en de kaeisgatten en ek de oergerdinen waerden tichtskoud. Oars koe de tsjoenster der yn komme, of hwat sjen.
De Westereen
Tsjoensters kinne sawol âlde as jonge minsken wêze. Wy hienen in lyts jonkje, dat wie sa'n trije jier âld. Wy wennen doe yn Ikkerwâld. Dat bern bigoun persé jouns om njoggen ûre to gûlen. Dat gebeurde alle jounen. Men koe de klok der op lyk sette. En dat duorre oant alve ûre ta. Wy wennen doe noch by myn man syn âlden yn. "It bern raest him dea", seinen...
Alde Piters Willemke, as dy der op út wie to tsjoenen, dan lei der by har thús in grouwe pânse op bêd. Dêr slepte Piter dan nachts by.
Fan in tsjoenster mat men noait hwat opite.
De Westereen
Betsje wenne froeger yn Kûkherne. Hja hienen keallen, dy hienen se achter 't sket. Betsje har man dy wie der altyd op út to werken, dan bleau er soms wiken oanien wei, dan wie Betsje allinne thús. Dy forsoarge de keallen dan. Op in kear sei Betsje tsjin har suster: "Ik doar hjir net mear allinne to bliuwen, hwant alle nachten om tolve ûre binne de keallen...
De Westereen
Hjir wenne in frou, dy haw ik goed kend. Dat wie in tsjoenster. Dat minske bitsjoende de bern. Hja tsjoende krânsen yn it kessen dêr't it bern mei de holle op lei.
Dêr koe men oan wite dat it bern bitsjoend wie.
As hja der op út wie, lei har pânse op bêd. Hja fleach ek wol.
De Westereen
As jo hwat fan in tsjoenster krije, matte jo dat net opite. Jo kinne 't al dwaen as jo de earste hap útspije.
In apel fan in tsjoenster mat men earst skile.
De Westereen
As de tsjoensters jouns fuortgongen gebeurde 't wol dat se de oare moarns mei in stikkene earm of skonk thúskommen.
De katten forgaderen meielkoarren. Dat wienen de tsjoensters.
Dan jankten se allegearre. Dat neamden se wol psalmsjongen. De tsjoensters moesten ien kear om 'e sawn jier ien deatsjoene.
Dienen se 't net, dan gongen se der sels oan.
De Westereen
Wie der ien bitsjoend, dan woarde der drank helle fan in duvelbander. Sy gongen froeger nei 't Wytfean nei Jonge Jan en letter nei Kûkherne nei greate Wopke. It drankje moest weistoppe wurde foar de tsjoenster. Hie dy 't sjoen, dan wie 't neat mear wurdich. De duvelbanner warskôge, dat dy't him it earste tsjinkom, dat wie deselde dy't it drankje stikken...
De Westereen
Yn 'e Westerein hat in tsjoenster west, dy gong der yn 'e nacht altyd op út to tsjoenen. Hja en har man slepten byinoar, mar as hja der op út wie, dan lei der in kouwepânse njonken de man op bêd.
Hja fortelde, der wie in tsjoenster, dy hie har it tsjoenen leare sild. Doe sei dy tsjoenster tsjin har: "Dû mast my dit neisizze:
- Hier zitten we onder de weilge (= wylch),
vervloekende God met al zijn heilge. -"
Mar Antsje hie sein:
- Hier zitten we onder de weilge
vervloekende de duivel mei syn hiele oanhang -
Doe hie se 't tsjoenen net leare kind.
Ik wie in lyts fanke. Om in ûre of ien yn 'e nacht bigoun ik altyd to razen. Der siet in raer, swart ding, dat seach ik en dêr wie ik binaud foar. Heit sei: "It bern is bitsjoend, ik sil nei Wopke ta. Wy krije sa net in wink yn 'e egen." Mar as er dan nei Wopke ta soe, wie 't wer oer. Dat wist de tsjoenster. Dat wie Sytske van Assen. Mar heit is doch nei...
De Westereen
As se de trije krânsen út in kessen forbrânden, dan forbrânde de tsjoenster sels ek.
