机构
Keywords
没有匹配该搜索的Keywords
Danish Keywords
没有匹配该搜索的Danish Keywords
Dutch Keywords
显示更多Dutch Keywords
German Keywords
没有匹配该搜索的German Keywords
Icelandic Keywords
没有匹配该搜索的Icelandic Keywords
Place Mentioned
没有匹配该搜索的Place Mentioned
Place of Narration
Narrator Gender
没有匹配该搜索的Narrator Gender
As de tried, dêr't it deadshimd mei naeid is, ôfbiten wurdt, falle de tosken út.
De kaem dêr't it hier fan it lyk mei kjimd is, kaem mei yn 'e kiste. Brûkten jy dy letter sels, dan foel alle hier út.
Dit sei oerbeppe.
As ien stoarn is mat men der fral om tinke, dat it bierkleed net to lang is. It is ris gebeurd dat ien werom kaem by de famylje to spûkjen. Dan rôp er al mar: To lang - to lang.
Doe seinen se op in kear: "Skuor der dan in stik ôf."
En doe hearden se dúdlik dat der hwat skuord waerd. Doe hat dyselde der net wer west.
As jo ien hwat biloofd ha en jo folbringe dat net, dan stjert dyselde net. Hy wurdt wol nei 't tsjerkhôf tabrocht, mar hy komt hyltyd werom by de minsken en pleaget har, krekt as in pleachbeest. As men fan him ôf wêze woe moest men in nij kezyn yn 'e doar sette, dêr't er ta'n út droegen wie. Soms hellen se de doomny der wol by, dy spruts him dan oan. Dy...
