机构
Keywords
没有匹配该搜索的Keywords
Danish Keywords
没有匹配该搜索的Danish Keywords
Dutch Keywords
显示更多Dutch Keywords
German Keywords
没有匹配该搜索的German Keywords
Icelandic Keywords
没有匹配该搜索的Icelandic Keywords
Place Mentioned
没有匹配该搜索的Place Mentioned
Place of Narration
Narrator Gender
没有匹配该搜索的Narrator Gender
To Boarnburgum wenne in doomny, dy syn einen woarden stellen.
Op in snein-to-moarn kom de doomny by de preekstoel op en sei: "Geachte inwoners van Boornbergum, Kortehemmen en omstreken, ik zal niet zeggen dat jullie dieven zijn, maar ik raak toch al mijn eendjes kwijt."
Der wie in doarp, dêr seinen de minsken dat it spûke altyd op it tsjerkhôf. Mar de doomny en de skoalmaster dy leauden dêr net yn. Dy woenen dat bygeloof wol út 'e wrâld wei ha. Se praetten ôf, dat se soenen togearre in nacht op it tsjerkhôf trochbringe. De master soe de doomny drage, hwant de doomny hie 't oan 'e foet. Der wenne yn dat doarp ek in earme...
Der wie in doomny, dy slachte alle jierren in baerch. Yn 'e buert wenne in húshâlding, dy siet hwat yn 'e earmoed. Doe stiel de heit fan dy húshâlding de slachte baerch. Doomny hie yn 'e rekken hwa't it dien hie en hâldde de âldste jonge fan dy húshâlding oan. "Wytstû ek hwat fan 'e baerch?" frege de doomny him. "Ja, dy hat ús heit yn 't sâlt", sei de...
Doomny frege op fralearen oan in jonge: "Hoe sit it, wurdt by jimmes de bibel ek brûkt?"
"Jawis," sei de jonge, "mar simmers mear as winters."
"Hoe sit dàt sa?" frege doomny.
"Wel," sei de jonge, "simmerdeis hat ús mem de bibel altyd ûnder 't finster."
In mitselder, Wierd Fennema, wie ris mei my oan 't wurk yn de Pein. Doe fortelde hy: "Ik hie fannacht in droom. Ik droomde, ik en myn maet en de doomny fan Garyp stienen elk op in hiele lange leider, elk mei in stik kryt yn 'e hân. Doe moesten wy mei dat kryt ús sonden op dy leider skriuwe, op elke trime ien sûnde. Ik wie al ridlik gau klear en myn maet...
Doomny fortelde op fragelearen it skeppingsforhael. Doe't it út wie frege er syn catechisanten: "Hwannear hat dat west?" Dêr krige er earst gjin antwurd op, mar op 't lêst wie der ien jonge, dy stiek syn finger omheech. "Nou," frege doomny, "hwannear wie dat?" "Yn 'e hjerst, doomny", sei de jonge. "Hoe komst dêr sa by?" woe doomny wite. "Yn 'e hjerst...
Sumar
Yn Jirnsum stie ds. Lieftink. Dy gong in kear op húsbisyk mei 't hynder, dêr't er op siet. Underweis trof er de burgemaster fan Raerdehim. De burgemaster hâldde him oan en sei tsjin him: "De dienstknechten ha 't better as Jezus sels." "Hwerom?" frege ds. Lieftink. "Jezus ried op in ezel en syn dienstknechten ride op in grou hynder", antwurde de...
Sumar
It pealtsje fan Easterlittens Yn Easterlittens wenne in skuonmakker. It wie dêr ien stik lijen en earmoed. De man hie in stikje tún efterhûs en yn dy tún stie in pealtsje mei in stelt dêr boppe op. Doe droomde dy skuonmakker in pear nachten achter elkoar dat hy moest nei Amsterdam ta gean. Op dy en dy brêge soed er it gelok fine. De skuonmakker tocht: hwa...
Der wie in doomny, dy soe emigrearje nei Canada. De gemeente dêr't er weigong wie tige wiis mei him. As tekst fan syn ôfskiedspreek hie er: Gij zult mijn aangezicht niet meer zien. Mar dêr yn Canada foldie it doomny net, dat hy bilânne nei forrin fan tiid wer yn syn âlde gemeente, dy't er forlitten hie. De minsken wienen binijd nei de tekst dy't er by syn...
Sumar
Yn Aldegea is 't gebeurd, dat der in man kom to forstjerren en se hienen him it leedguod net meijown, dêr't er rjocht op hie. Hy kom hyltyd werom en dan tikke er op 'e ruten. Doe ha dy lju de doomny der by helle. Dy joech de rie, sy moesten it guod mar op in joun njonken 't hûs dellizze. Dat ha se doe dien: in himd, in lekken, in kessensloopke en in lange...
Yn Warten hie in man kear op kear de wurden heard: De tijd is verschenen, de man is er niet. De dûmny fan Warten woe 't net leauwe. Op in kear farde er mei om 't mei eigen earen to hearren. Hy stie achter op 'e skou, op 't skouhúske om 't mar sa goed mooglik hearre to kinnen. Doe liet de skipper dy't skoude, de boat mei in skok foarútsjitte, dat dûmny...
Der wie in man, dy hie skuon mei echte sulveren gaspen. Dy gaspen hied er ien biloofd, as er kom to forstjerren. Mar dyselde krige se net. In oaren ien krige se. Doe hie de deade gjin rêst. Hyltyd kom er to spoekjen by deselde, dy't de gaspen hie. Doe hellen se de dûmny derby. Dy spruts it spoek oan. Doe fortelde er, hwerom er gjin rêst fine koe. De...
