Organizasyonlar
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
12 datasets found
Dutch Keywords: zoon Place of Narration: Boelenslaan
Ik wie noch in lyts bern, mar heit hat wolris forteld hoe't it gien wie. Om tolve ûre nachts bigong ik altyd to gûlen. Doe seinen de minsken tsjin heit: "Soe 't jonkje ek bitsjoend wêze?" Sy hellen op in joun it kessen fan 't bêd, dêr't ik op slepte. Dat makken se iepen en doe founen se dêr in krânske fan fearren yn. Dat ha se yn 'e hûs opbrând. Nei dy...
Blauwe Met wie in kaertlizter. Ik moest yn 1917 ûnder tsjinst. 't Wie doe oarloch. Us mem leaude oan kaertlizzen. Ik moest yn novimber opkomme. Op Feanstermerke praette mem mei Met. Met kom by ús thús om de kaert út to lizzen. Ik moest der by wêze. Heit wie fuort. Met lei de kaerten op 'e tafel. "Sjoch ris, Aefke", sei se tsjin mem, "'k sil jo de warheit...
Myn heit fortelde, dy't mei de helm geboaren wie, wie kûgelfrij. Myn broer Hindrik is mei de helm geboaren. heit seach it, by de bifalling. Heit die him der gau ôf. Hy loek him nei ûnderen ta. Hy hat him forbrând. Dokters knoffelen de helms froeger faek achterút. Dan forkochten se dy oan ofsieren yn 't leger. Wurdt de helm by 't ôfnimmen omheechlutsen,...
Fan ien fan 'e sawn jonges, dêr't net in fanke tusken is, is ien in wearwolf of in duvelbanner.
Piter Claus wenne oan 'e Spekloane. Hy wie in soarte fan wonderdokter. Hy brûkte homopathyske middeltsjes. Mar ik hie der great respekt foar. Hwat hat dy man in soad lju genezen, fral bern. Wy ha froeger noait in dokter brûkt. Wy gongen altyd mar nei Piter Claus en dy makke ús wer better. Piter Claus fortelde ris, hy en syn soan Halbe moesten ris...
Fan ien 'e sawn soannen is de âldste of jongste in wearwolf.
Der wennen hjir minsken, dy hienen in jonkje. Dat wie altyd nijsgjirrich. It gûlde oan ien stik wei troch en it groeide suver neat. Op in kear kom mem (Klare) by dy minsken to kaertlizzen. Dat wie fanwege dat jonkje. Doe sei mem: "Hjir is in forkeard frommes op 'e buert. Dat bern kin net groeije, omdat dat frommes him yn 'e macht hat. It bern is troch har...
Germ Smous (= Tuinstra) en syn jonge Mindert kamen us fan 'e klaei ôf. Doe't se oan 't Knjillisdjip ta wienen, rêstten se even. 't Wie dauwich waer. "Heit, dêr komt hwat oan", sei Mindert. "Hwerdat jonge?" "Dêr, sjoch mar." "Sweeft it, of giet it?" "It sweeft." "Set dan sok." En der roannen se hinne sa hurd as siet de duvel har achternei. (dit verhaaltje...
Greate Germ dat wie in domme keardel. Op in kear wie der op in joun mei syn soan Mindert op 'e Trije Roede. Doe sieten der twa skiep oan 'e line. Mar dat koe Mindert net ûnderskiede. "Dêr is hwat, heit", sei er. De skiep gongen hinne en wer. Germ sei: "Sweeft it, Mindert?" "Ja", sei er. "Set dan sok." Dêr fleagen se hinne.
Ik hie in âlde muoike, dat wie Elske-moai. (Elske Mulder) Dy wenne by de poel op 'e Loane. It is nou sa'n fjirtich jier lyn. Wy hienen in jonkje. Us buorwiif kom by ús en brocht biricht dat ús jonkje yn 'e poel fordronken wie. Doe gong se nei Elskemoai ta om it to fortellen. Mar Elskemoai hearde der alhiel net fremd fan op. Sy sei: "Dû hast hjir sakrekt...
Toverboeken Us memme pake, it wie in Gabe Kats, dy hie sokke boeken. Dêr siet in reade krúsbân om. Men moast se lêze fan efteren nei foaren. Men koe der fan alles mei útheve. As bygelyks ien dêr't se de pik op hienen der lâns kaam mei hynder-en-wein, dy lieten se samar stilstean. Sokke grappen hie oerpake dan wol ris. Mar op 't lêst kaam dy man te...
Dêr wie in boer dy hie in hjitte dochter. Doe moast dy boer in feint ha. Doe kaem der ien by him to bistellen. Doe sei er: Nou moatte wy it earst it fé mar ris bisjen. Hwant hy woe in domme feint ha. Doe sei er - hwant der stie in bolle - : O boer, hwat hat dy koe in moai jaer. Doe tocht er: Dy moat 'k ha. Hy hierde dy feint. De feint bistege him mar. De...
12