Organizasyonlar
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
Der wie in doarp, dêr seinen de minsken dat it spûke altyd op it tsjerkhôf. Mar de doomny en de skoalmaster dy leauden dêr net yn. Dy woenen dat bygeloof wol út 'e wrâld wei ha. Se praetten ôf, dat se soenen togearre in nacht op it tsjerkhôf trochbringe. De master soe de doomny drage, hwant de doomny hie 't oan 'e foet. Der wenne yn dat doarp ek in earme...
Sels haw ik it ek. Doe't ús heit stoar wie ik slim swiersettich. Der drukte hwat op my. Ik wist dat der hwat slims gebeurde, mar fan heit syn stjerrren wist ik neat ôf.
Doe't mem forstoar wie 't èk sa mei my. It lei my by dat der hwat hiel slims gebeurde.
Sumar
Der wie in doomny, dy slachte alle jierren in baerch. Yn 'e buert wenne in húshâlding, dy siet hwat yn 'e earmoed. Doe stiel de heit fan dy húshâlding de slachte baerch. Doomny hie yn 'e rekken hwa't it dien hie en hâldde de âldste jonge fan dy húshâlding oan. "Wytstû ek hwat fan 'e baerch?" frege de doomny him. "Ja, dy hat ús heit yn 't sâlt", sei de...
Men hie seine-poepen en mieren út Dútslân. De mieren waerden altyd 'poepen' neamd. In protte kamen út it gebiet tusken Bremen en Hannover. Ik ha noch wol guon kend, dy kamen út Haaselüne, tichte by Osnabrück. Se rieden mei de trein oan Grins ta. Fierder gongen se to foet Fryslân yn. De measten setten op 'e greidhoeke ta, de Lege Midden. Sa wienen dêr ek...
Op 'e Hearrewei ûnder Sumar wie 't froeger net feilich. In heit mei in soan: Egbert en Japik Spoelstra biroven dêr de minsken dy't dêr lâns kamen. Se makken harsels swart mei skuonpoets. 't Gebeurde yn 'e foarige ieu. Op 't lêst binne se yn 'e gefangenis torjochte kaem.
Achter Burgum wennen minsken, dy hienen in bern en dat rekke bitsjoend. Sy gongen nei de duvelbander ta en dy sei, it wie in âld wiif dy't it dien hie. Sy moesten it kessen mar ris neisjen en de krânsen dy't der yn sieten forbrânne. Sy moesten der foar soargje, dat alles goed ticht wie, de kaeisgatten en de skoarstiens ek, en de doarren op slot. Der siet...
Sumar
Heit kom ris by in âld man op 'e Harste, dy't siik wie.
Hoe giet it? frege heit.
It komt net goed.
Ei, dat falt wol hwat ta, net?
Né jonge, dat falt net ta, sei de âld-man. Myn dagen binne teld. De stienûle hat ta de skoarstien ynroppen "In deze maand zult gij sterven."
Dyselde moanne ìs er ek stoarn.
Alde Gerben Visser wenne op 'e Tike. Hy wie mei de helm geboaren. Op in joun hied er mei 't wiif to praten west. It gong froeger faek op in jounpraten. Se wienen ûnderweis nei hûs ta. Mast even achter my gean, sei Gerben tsjin har. Is der hwat, Gerben? Ja, sei er. Doe gong er in eintsje sydlings op in sânpaed. Even letter sei er: Kinst wol wer njonken my...
Us mem en heit ha wol forteld, op in nacht hearden se hiel dúdlik hammers klopjen tsjin planken oan. Mem sei: Hwat is dat? It kom net botte fier wei, njonken 'e doar. Heit gong der út om to sjen, mar hy koe neat gewaer wurde. De oare moarns woarden yn it kampke lân njonken ús kij litten. Mar earst woarde der in hekke yn elkoar timmere. Doe hearden se...
