Organizasyonlar
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
46 datasets found
Dutch Keywords: nacht Organizasyonlar: Meertens Institute Place of Narration: De Westereen
Myn swager Willem Postma seach geregeld lykstaesjes. Dy moest der om út bêd wei. Dan gong er oan 'e kant fan 'e wei stean. De oare deis sei er dan: Der gebeurt wer hwat; ik ha fannacht wer in lykstaesje sjoen. Mar hy sei noait hwa't der stjerre soe.
Piters Willemke lei nachts foar dea op bêd. Dan siet der gjin leven yn, dan wie de geest der út. Dan wie 't krekt in pânse, seinen se. Dan wie Willemke der op út te tsjoenen. Soms wie 't in kat, mar hja koe har ek yn in sinters boltsje foroarje. As der guon kamen, wylst Willemke foar dea op bêd lei, en dy seinen: Dit liket net bêst, hja liket wol dea, dan...
Op in moarn om 4 ûre wie 'k yn Kollumersweach op 'e lânnen. 't Wie op in moandei-to-moarn. 't Melken wie krekt dien. Doe fleach der hwat boppe my lâns. Dyselde sei: "Goeije Morgen." Ik koe net sjen hwat it wie. Mar se seinen allegear, it moat in tsjoenster west ha. Hwat skepsel kin oars fleane?
It gebeurde hjir wol faek, dat minsken seinen: dêr komt skielk in hûs, hwant wy ha 't hjir yn 'e nacht wit hoe faek timmerjen heard.
Op 't Spoar hjir yn 'e Westerein roannen nachts altyd twa famkes om, dy hienen reade strimen om 'e hals. Dy famkes wienen froeger formoarde woarn. Se hienen har de halzen útsnien.
Bontsje Keke (= Knjillis Veenstra) is mei de helm geboaren. Hy moest der nachts faek út. Dan gongen de hekken fansels foar him iepen.
Men moest de brake fêstbine foar de nacht, mei in tou deromhinne, hwant oars woarde der yn 'e nacht braekt.
Op 'e Lange Loane spoeken froeger trije wite wiven. Forskate lju doarsten by nacht de loane net lâns.
Bontsje Knjillis wenne op 'e Sweachlannen. Dy wie ek mei de helm geboaren en moest ek alles sjen. Dy roan dan yn 'e nacht alhiel nei 't Sweachster tsjerkhôf ta. As er let wie gongen de hekken fansels foar him iepen.
Hjir yn 'e Westerein wennen froeger minsken dy hearden de lûden fan 'e trein by nacht al, foardat der noch in trein ried.
In nachtmerje kom yn 'e gedaente fan in frommes by 't bêd. De lju setten de toffels achterstofoar foar 't bêd, dan mienden se dat se der gjin lêst fan ha soenen.
Noait midden op 'e wei rinne by nacht. Hwant dan kin 't gebeure dat jo fan 'e wei ôfsmiten wurde omdat der in lykstaesje passeart.
Mear as ien kear is 't gebeurd dat guon rinnende of mei hynder en wein nachts ûnderweis wienen en ynienen net fierder koenen. Dan woarden se keard. Se moesten dan rûmte jaen foar in lykstaesje, dy't foarby moest. Wie dy passeard, dan koenen se sels ek wer fierder. Dat haw ik faek heard.
In minske mat nachts noait midden op 'e wei rinne, hwant dan kin 't gebeure dat er oan kant set wurdt.
Myn nicht wenne op Terschelling. Dy seach ris yn 'e nacht dat in man by de treppen op gong en by har bêd stean gong. Doe gong er wer by de trap del en gong op 'e kachel sitten. Dat seach hja wylst hja op bêd lei. 't Wie net in droom. Mar dy man wie in spoek, ien dy't al stoarn wie.
Alde Griete Geart moest der nachts ek altyd út as der in bigraffenis yn oantocht wie. Dy waerd dan kloppe. Bleau er lizzen, dan moest er sa hurd rinne dat er alhiel achter de siken rekke. Griete Geart wie mei de helm geboaren. Dy helm hienen se him forkeard ôfnaem, dêrom moest er letter alles sjen.
Us beppe wie mei de helm geboaren. Dy wist altyd krekt as der ien deagean soe. Dan seach se de bigraffenis al fan tofoaren. Dy't mei de helm geboaren binne matte der nachts út.
To Hurdegaryp is in hekke, dy't se net ticht hâlde kinne. Yn 'e nacht giet er fansels iepen.
Yn Grinslân hienen se spûkskuorren. Dêr gongen de doarren nachts samar fansels iepen. Dat wie by Usquert. De tsjernmoune gong yn 'e nacht.
To Hurdegaryp is in hekke dy't yn 'e nacht samar fansels iepen giet.
46