Organizasyonlar
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
7 datasets found
Dutch Keywords: geluid Organizasyonlar: Meertens Institute Place of Narration: Akkerwoude
Oan 'e Broeksterfeart is 't us gebeurd, dat dêr guon in stim hearden út it wetter wei: De tijd is verschenen, maar de man is verdwenen. Even letter forsûpte dêr ien.
Guon hearden us in kear yn 'e nacht in stomp yn 'e gong by in hoeke. Even letter stoar de man. Doe't se de kiste der ta útdrage soenen, stompte de kiste yn 'e gong tsjin in skerpe hoeke oan. 't Wie deselde stomp, dy't se earder heard hienen.
Alde Jeltsje woarde op in nacht wekker, doe wie 't krekt dat der in balke op 'e tafel tikte. 't Wie yn Ikkerwâld. Letter stoar der in dochterke. Doe tocht se dat it foartsjirmerij west hie.
Alde Linse Marij - de mem fan Jan Linses Talma - wie ris mei in oare frou by 't wetter lâns gien, op in jountiid let. Doe hearde se in stim út it wetter: "De tijd is gekomen, maar de man is er nog niet." Doe wie der ien op 't hynder oankaem, dy wie der ynflein en fordronken. (dit is my forteld troch in frou út Ikkerwâld)
Froeger hearden se nachts faek, dat de brake gong. As se der in hanfol flaechs omhinne bounen, foardat se op bêd gongen, dan hienen se der gjin hinder fan.
Jan Tuinstra, hjir to Ikkerwâld, hearde op in nacht iderkear timmerjen. In wike letter woarde der by him achterhûs in great hok delset.
Jan Broersma syn mem wie in Hinke Pruik. 't Wie famylje fan ús. Sy wenne èk yn Ikkerwâld. Der wenne hjir in Heine Uiterdyk, die forkocht skalen (planken), dy krige er fan Dokkum. Dêr kom dan in weinfol skalen wie. Op in kear, doe moest Jan Broersma syn mem fan dy skalen brûke. Dy nachts fan tofoaren op bêd hearde hja, dat it by har op it hiem hyltyd bot...
7