Organizasyonlar
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
Der wie in boerke, dat gong mei in hiele bêste koe nei de merk ta. Der wienen trije kooplju, dy wisten dat en dy praetten mei har trijen ôf, dat se it boerke der ris goed tusken nimme soenen. Hja gongen elk op in plak stean oan it paed dat fan it boerespultsje nei de merk ta gong, op in gelikense ôfstân fan elkoar. Dêr moest it boerke mei syn koe lâns....
In man en in frou - dat wienen skippers - dy bûgelen it skip mei de bûgel fol skulpen foar de kalkbranderij to Drachten.
Dat dienen se bûtendyks by Harns (Harlingen). Doe sei de frou ynienen ûnder 't wurk: "Wy matte optslach nei de wâl, hwant der is hwat yn ús famylje gebeurd."
Datselde ogenblik wie har heit overleden.
Dûmny kaem ris by in âld minske op hûsbisyk. 't Wie dêr net botte krekt en skjin en doe't it minske him kofje oanbea, wegere hy. Mar hja hâldde oan, hy soe in bakje kofje mei har drinke, dat op 't lêst sei er: "Nou, toe dan mar." It kopke wie lang net skjin en it kleefde. Der miste in lyts hoekje út. Hy tocht: dêr mat ik myn mûle mar sette, oaren sille...
Der wie us in doomny, dy hie in baerch slachte. Njonken 'e pasterije stie in arbeiderswente, dêr koenen se bêst in stik spek brûke. Dy minsken hienen in jonge, dy wie in bytsje ûnnoazel. De heit sei tsjin him: "Sille wy fannacht dy baerch slachtsje?" Dêr wie dy jonge wol foar to finen, dat dy nachts snapten sy dûmny syn baerch. Doe koenen se dan de oare...
As in muoike fan my oer hynders droomde, dan koe men der mar fan op oan dat der mei koartens in deaden yn 'e famylje kaem.
Drachten
Froeger woarde der altyd sein: Dy't syn mem slacht, dy krijt in pear ûngelokkige earms.
Ik ha ek sa'n auto hân In lyts boerke krige in neef by him, dy wie oer út Amearika. Doe tocht it boerke, ik ha net safolle lân en dy Amerikanen sweare altiten sa bot—as ik myn neef it lân wiis, nim ik myn buorman sinen der ek mar by, den liket it wat grutter. De Amerikaan frege al gau: 'Wêr rint dyn lân oan ta?' It boerke sei: 'Sjoch, by dy wâl lâns en...
As men bikkerkes hearde, dan bitsjutte dat de tiding fan in sterfgefal yn 'e famylje. Dan waerd der hyltyd kloppe. As men bot harke wie 't stil, mar as men der net folle oandacht oan skonk, dan bigong it wer. (is bikkerke itselde as deatikkerke?)
