In muoikesizzer fan Ingbert wie net goed, dy sukkele altyd. Doe founen se by him in krânske yn 't kessen, hy wie bitsjoend.
Us pake en beppe wennen hjir yn dit hûs. Op in joune let leinen se op bêd, doe kaem myn omke thús. Hy gong nei 't bêd fan pake en beppe ta en sei: "Der is brân, hjir tichteby. It hûs fan Wiggele van der Veen stiet yn 'e brân."
Pake en beppe kamen gau fan bêd ôf, om to sjen. Mar de beide âlde minsken seagen neat. "Sjogge jimme it dan net?" sei omke, "it is ommers allegear fjûr, sjoch der is in hiele protte folk by."
Mar pake en beppe seagen neat. Doe gong omke der hinne. Earst seach er de brân hiel dúdlik, mar doe't er by it hûs kaem stie 't hielendal net yn 'e brân.
Sahwat in jier letter is 't opbrând. It hie foartsjirmerij west.
Guon stjûre in lege flesse mei in kaert (skoppenboer) der út. Dan komt even letter in folle flesse jenever oansweven. Dy't him fuortstjûrt mei him net oankrije.
Oan in dik ketting boun Rudolf de Mepsche de minsken op 'e stâl fêst.
Der kaem ris in skuonmakker by him om wurk. Dy naem er mei nei de stâl ta dêr't dy minsken allegear fêstboun sieten. "Hoe liket jo dit ta?" sei er tsjin dy skuonmakker.
Dy doarst neat to sizzen. Doe waerd dy skuonmakker ek op 'e stâl fêstboun.
In man en in frou soenen togearre op bisite. De man flokte altyd sa. De frou warskôget him en seit: "Dû mast joun net sa flokke, hear. Oars skamje ik my."
Hja soenen nei boerelju ta. Doe't se op it hiem wienen seach de man dêr in siedbult stean. Hy sei tsjin syn wiif: "Ik mat noch even út 'e broek. Wachtsje dû sa lang."
Hy giet achter de bult sitten, mar dan bigjint er to flokken bij hoog en bij laag.
De frou seit tsjin him: "It is wol slim mei dy. Nou binne wy der noch net iens, en nou bist al los."
"Forrek mar", seit er. "Mast èk mar ris mei de kloaten yn in rotteslach sitte."
Greate Jasper Veenstra wie hwat in rûch man. Op in snein hied er to kaertspyljen west. Doe't er wer op hûs oan soe waerd er ûnderweis op 'e Bethlehemsreed (Boelensloane) samar in ein fuortsmiten.
Myn man syn heit en twa omkes binne ris op in joun fuort west. Ien fan 'e omkes dat wie Keimpe Hansma. Hja kamen op it Spûkeloantsje by de Boelensloane. Doe't se dêr oan ta wienen woarde Keimpe Hansma samar optild en yn 'e sleat goaid. En der wie neat to sjen.
Der wie in boer, dy kaem op 'e merk. Dêr leinen kokosnuten to keap. Dy hied er noch noait sjoen. Hy frege: "Hwat dingen binne dat?"
"Dat binne oaljefantsaeijen", sei de koopman.
Hy nimt der in pear mei nei hûs ta.
"Hwat dingen hast dêr?" freget syn frou.
"Dat binne oaljefantsaeijen", seit er.
"O," seit se, "hwat wolst dêr mei?"
"Dy wol 'k útbriede," sei er, "dan krije wy jonge oaljefanten."
Doe gong hy der op sitten to brieden yn 't hea.
Doe't hy der in wike of trije op sitten hie, tocht de frou:
"Ik wol ris sjen of se hast útkomme." De frou fiele.
"Fordomme," sei se, "der komt al ien út, ik haw al ien by de slurf."
Der wie in skipper, dy hie in dochter, dy hiet fan Gryt.
Dy dochter krige forkearing en doe troude se en doe krigen se it skip fan 'e skipper as trougeskink. De skipper kom oan 'e wâl to wenjen. Doe joech de jonge skipper it skip de namme fan syn wyfke. Gryt kaem it skip to hjitten.
Doe't se in goed maend troud wienen skreau de jonge skipper in brief oan syn skoanheit. Hy skreau, Gryt foldie him net. Hja woe nachts net stil lizzen bliuwe. Dêrom hied er har mar oan 't ankertou lizzen.
Gryt wie ek lek. Dat doe hied er der in prop ynslein.
De heit hie net yn 'e gaten dat it oer it skip gyng.
Hy skreau werom, hy woe net lije dat syn dochter sa'n minne bihandeling oandien waerd. Hy woe har net oan 't tou ha en hy woe ek út noch yn net lije dat der in prop yn har slein waerd. Dat hja moest mar gau by har man wei gean en by har heit komme.
